At ik yn 1998 bij de gemeente Snits in baan krij
kom ik Oebele Anema út Mantgum tsjin
Dy kin ik dan al fanwege it fuotbal bij SDS
Soan Skelte fuotballet yn Easterein
en heit Oebele is hast altiten fan de partij.
Hij fielt him goed thús bij SDS
en docht mei oan aktiviteiten

Meidwaan oan it klaverjassen
en it mei organiseare en de prizen útrikke
Oebele hat ek in noflike drink oer him
dat in neisit mei him is nea ferfelend.
At der te min spilers binne foar it beruchte 35 + Skylge tripke
hellet hij de skuon foar dy iene kear út de wylgen
Bij de gemeente wurket Oebele op jildsaken
en ik wurkje op ûnderwiis
Al gau fine wij elkoar tusken de middei
In lunsjloapke troch de stêd fan in lyts healoere
en dêrnei wer ynklokke en oan it wurk
Op tiisdei dogge wij in koarter loopke
want dan stiet de fiskboer op it Grutsân.
In lekkerbek of kibbeling is in fêste hap.
De krystbuorrels binne legendarysk
wêr't wij dan telâne komme betiden....
At Skelte mei fuotbal stoppet bij SDS 1
en ik gean nei in oare wurkjouwer
dan hawwe wij wat minder kontakt.
Noch in inkele kear sjoch ik him bij it fuotbal,
mar faker bij it keatsen.
Oebele hat mear mei it keatsen as mij.
Hij giet meast ek in wike nei Belgie mei syn pelotefreoenen
en komt dan mei moaie ferhalen werom
In jier as wat ferlyn wurd ik frege om te biljerten
In kear as trije yn it jier yn de Ouwe Pan yn Snits
Eardere kollega's (Jan, Peter, Henk, Andries en Oebele)
wolle graach wer in sechde biljertmaat
neidat der immen fuortfallen is
Ik stim yn en sa kom ik Oebele wer tsjin.
It is moai om elkoar dan wer te treffen.
It measte wit hij wol fan mij
want myn bloch hâld hij goed yn de gaten.
Ferline wike in tillefoantsje fan in biljertmaat
Oebele is slim siik en hat noch mar koart te libjen
Tiisdei 27 oktober is hij al stoarn
Ik haw efkes flokt......
Ik sil him misse!
Ik mocht him hiel graach.
Wat in gemis foar syn frou Doet
syn soannen Skelte en Wytske en Jelle en Nynke
en foaral ek foar syn pakesizzers
want dy hat er fan tichtbij opgroeien sjoen yn Mantgum
en dêr koe der fan genietsje
Sterkte, sterkte, sterkte mei dit grutte ferlies


















































