Sneon moai op tiid thús nei in jûntsje muzyk.
Dat is net in doel mar in gefolch.
Der is rock muzyk yn Ons Gebouw yn Boalsert
en dat fyn ik in goeie saak.
Dus gean ik dêr hinne yn de hoop fan de muzyk te genietsjen
Nee dus,
Nei twa nûmers rin ik figuerlik al blau en read oan fan argewaasje.
Spilet der in band en dan dogge je oars net as kletse
Hast al it Boalserter folk moat sa nedich dizze jûn kletse yn Ons Gebouw
Se wolle kletsend boppe de muzyk útkomme
en dat slagget harren maklik meielkoar.
In oar plak oipsykje jout mij ek neat
en myn ek nei de muzyk harkjende buorman Gerben Gerbrandy
seit tusken twa nûmers troch
"dêr stean de Boalserters wol wat bekend om".
Ik soe sizze moai sa litte en hâlde.
Sij harren praatjûn dêr
ik myn muzykjûntsje earne oars.
De REM tribute band ( Eponymous) fûn ik fierders prima
foar safier ik it allegear heare koe boppe it kletsfolk út.
De twadde band Milk & Alcohol haw ik mar net op wachte
want wat letter wat mear alkohol, wat mear stimferheffingen.
Ik fyts dus goed healwei alven rjochting Wommels
Oer de Bieren, dat dan wol wer.
Wat jim neist it kletsfolk heare op dit filmke , is de muzyk
Geen opmerkingen:
Een reactie posten