Je meitsje wat mei sa'n sneon
Nei de hurdrindei yn Kûbaard, nei it fuotbaljen yn Easterein
en as hichtepunt nei it kuorkebaljen yn Spannum
Earlik sein, dat lêste wie tafal.
Wij fytsten dêr lâns en it roppen fan de spilers
en it razen fan de supporters luts ús nei it smûke fjild.
Twa minuten duorre de sportive wille
want doe wie it skoft.
Gelokkich pakte ik mei ien foto noch krekt in doelpunt mei,
of siet dy net.......
Oare kear mar wer ris sjen en dan net tafallich
1 opmerking:
Simon seit, t wie n goal. 😀
Een reactie posten