zondag 4 februari 2024

Balk

Sa is der wol wer in rinsnein. 

Nee, ik oefenje net foar in slachtemaraton yn juny. 

At it net echt fytswaar is, rinne wij as alternatyf.

Wij gean it leafst nei in oar doarp 

en kuierje dêr en sjogge wat om ús hinne. 

Dizze snein sjogge se ús yn Balk rinnen. 

In moai loopke (goed 7 kilometer) troch it sintrum, 

oer it eardere fuotbalfjild, 

troch it Balkster Bosk en

 ... oer de strjitte mei in moaie namme. 

Wat dy namme krekt ynhâldt wit ik net, mar dat witte jim miskien sels wol.






Geen opmerkingen: