zondag 9 juli 2023

Unkrûd en Rutte

 In kunde fan mij hat it net sa stean op Rutte

It is allegear Rutte syn skuld

Koroana,  Oekraine of hege prizen 

it is Rutte syn skuld

Ik gean der wolris tsjinyn, 

net omdat ik in fen fan Rutte bin.

"Ik haw wurdearring foar hast elkenien 

dy't ferantwurdlikheid nimt 

en beslissingen doart te nimmen"

sis ik dan.

Sneontemoarn wie hij yn de tún dwaande mei înkrûd. 

It kabinet is krekt fallen.

"Binne jo no tefreden,"frege ik him yn de ferûnderstelling

dat hij wol wist dat ik it oer Rutte hie.

"Ja, it sjocht er wer kreas út", wylst hij nei syn túntsje wiisde.

De dôvens wie ik efkes fergetten of skatte ik ferkeard yn.

"Ik bedoel de fal fan Rutte,'joech ik noch oan.

 en hij gniiske

"Mar dy komt wol werom" wist ik noch ta te heakjen, doelend op Rutte

"Ja, dat ûnkrûd  komt altyd wer',  en hij hie it wer oer syn túntsje





Geen opmerkingen: