De ferskillen binne grut mar de oerienkomst is der ek.
Meijer is yn Papenburg bleaun en Helmantel bleau yn syn Westerems.
Dat se beide iets bijsûnders meitsje dat oansprekt, hawwe se ek gemien.
Mar dat is it dan ek wol.
Wij seagen freed bij skipswerf Meijer yn Papenburg (Dútslân)
en koene ús fernuverje oer de grutte skippen dy't dêr makke wurde.
Yn it lytse hal ( mar 300 meter of sa)
en in grutte hal (mear as 500 meter en 75 meter hichte)
wurde grutte cruiseskippen makke
wêrfan de measten fan ús selsskip seine,
dêr sille wij gjin gebrûk fan meitsje.
Ferbazing oer hoe't je dit allegear foarelkoar krije.
It meitsjen mar foaral de planning en de logistyk
is in geweldige útdaagjende klus.
In aktive rûnlieding mei in ynlieding mei Dútske humor,
koarte filmkes en in moaie útstalling
fan wat er allegear al makke is bij Meijer yn Papenburg
mar ek bij Meijer yn Turkije, Finlân en tal fan oare lânen yn de wrâld.
Skippen meitsje it is in keunst.
Keunst sjogge wij ek bij Henk Helmantel yn it Grinzer Westerems
Krekt as Meijer bliuwt hij ek yn syn eigen doarpke
en mei grutskens fertelt hij yn de tsjerke
(bûten gebrûk mar syn ûntfangstromte)
dat er fanôf it begjin bestean kin fan syn skildertalint.
Stillevens en prachtige ynterieurskilderijen û.o fan de tsjerke fan Boazum
steane no útstald yn de pastorije.
Dy pastorij is al in ferhaal op sich.
Dy wie ôfbrutsen, de fundaminten leine der noch
en Helmantel seach kâns him hielendal wer opnij op te bouen
yn in styl dy't hielendal bij it doarp en de tsjerke past.
Hij wennet der yn en yn de "skuorre" hat er syn eksposysje.
Meijer sette Papenburg op de wrâldkaart en Helmantel syn Westereems.
It wie in nijsgjirrige dei mei tuskentroch op tiid wat mear as in hapke en in snapke.
Thús noch ôfsletten mei in wyntsje,
want dy oare wyn dêr hiene wij it oan te tankjen,
dizze prachtige dei fan de FKWWI.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten