dinsdag 19 april 2022

Boere-aaipop



Aaipop 2022 

it sit er wer op.

Ik sil net, ik sil net, mar ik gean úteinlik wol.

Gjin spyt, it is gesellich en 

hjir en dêr en sa no en dan

ek noch muzyk dy't ik wol lije mei.

Mar ik bin ek wat kritysk dizze kear.


Folaai


2500 man en útferkocht

moai foar de organisaasje 

en moai foar de sinten.

Minder moai foar myn mage.

Sa om in oere as wat is in fet hapke net ferkeard.

Ik sjoch lju stean, hûnderten om de grutte "bar" hinne

hongerich, wachtsjend en mei ûngeduldige eagen

yn fjouwer rigen dik.

Hjir skynt de ienige "fretterstinte" te stean.

Ik haw gjin idee hoelang de wachttiid is, 

mar foar mij is 5 minuten lang genôch.

Dat wurdt net ite.

Pisje en dat oare kin wol.

Gjin iten, dus is dat oare net nedich

Gelokkich mar, ik fang in pear glimpen op fan sa'n diksie,

in bargestâl is der neat bij.

Mar hawar ik moat net seure,

bin ek jong west en seach doe miskien ek wol net sa krekt.


De muzyk


It folk komt foar de boererock 

en dêr is fierders neat mis mei,

sa no en dan in lyts healoere meistampe 

op de muzyk fan  "Normaal yn it Frysk"

en sjen nei it útlitten folk om mij hinne is prima.

Dit is TrijXniX en dat wie net 3 kear niks

fol gas mei Folgas


TrijeXniX en Folgas boererockten der lekker op los.

Om in festival hielendal yn de stimming te bringen

is dêr altyd wer Jitizer.

Wat in feest en wat enerzjy. Hearlik.

Feest liket it ek bij Joop Obama & The Presidents.

It Frysk is ynienen bijsaak, 

in medley mei de tintefeestmeisjonghits

yn oare talen, it makke it folk neat út.

Mij wol en hopenlik de organisaasje ek.

Sjoerd ensa en NNB hawwe foaral lêst 

fan it minne lûd yn de Teneftertinte


It Rockhok


In ideale romte om dêr efteryn wat steantafels en krukken del te setten

omdat dêr it meast serieuze en âldere publyk komt te sjen,

en omdat it fan 14 oant 22 oere in lange steansessy is op Aaipop.

Dy pear bankjes bûten yn de brânnende sinne is gjin sitplak.

Tip sjoch nei it Bolwerk yn Snits
Sij hawwe it dêr no ek 
en dat is in hiele ferbettering

Yn it Rockhok sjoch ik de Vocal Roses, 

it is net myn sjênre,

mar it is wol lekker enersjyk mei in band derbij.


Weima en van der Werf jouwe efkes rêst mei in gesellich optreden.



It absolute hichtepunt fan dizze Aaipop is Farsk!.

Myn sjênre, myn favorite bands, myn nûmers

allegear oersetten yn it Frysk.

Foo Figters, Neil Young, Volbeat, Nothing but Thieves

it komt allegear foarbij yn in spetterjend optreden.

"Better wurdt it net hjoed", sis ik tsjin de soan


Tsjin tsienen sette wij wer ôf

op de fyts nei Wommels yn in flink tempo

want soan Tsjeard fytst altyd efkes flugger 

as at ik gewoanwei dwaan soe


Om 2 oere wurd ik wekker.

Klearwekker,

fan de honger, 

wat haw ik sin oan in broadsje  kroket

ik set de frituur mar net oan........



Geen opmerkingen: