Jiskepûster, wat in moai wurd.....
Readmûtske en oare mearkes komme noch oan bar
Hjoed sa'n 5 kilometer rûn
oan de hân fan in GPS app yn de Rottige meente
Underweis wat fragen mar der wie foaral in soad te sjen
en op lêst ek noch te dwaan
Ien rjochte line en om de meter is in bult
Sjoen op it trekpaad lâns de Boalserterfeart
Mar de fraach is fansels wol
wa't hat hjir lêst fan
en wêrom soe de mollefanger dizze mol fange?
Sport heart net ta de essinsje fan it libben
dat fynt ús regear.
Spitich, want sport foarkomt in hiel soad ellinde.
Ellinde omdat minsken te dik wurde of tichtslippe,
omdat it in goed tiidferdriuw is
en dat it dêrom foarkomt dat minsken harren ferfele
en op in ferkeard spoar telâne komme.
Sport is ek gewoan fytse en gewoan rinne.
Ik brûk Strava.
Strava jout útdagingen en dy haw ik nedich
want sa leuk is rinne no ek wer net.
Strava daagt minsken út.
Nim no de simpele "Challenge" fan desimber
Totaal 50 kilometer rinne.
Dat falt wol mei, soene je sizze,
mar ek haw dy registraasje yn Strava nedich
om it doel te heljen.
279.665 minsken oer de hiele wrâld
hawwe oanjûn dat se dat doel ek helje wolle.
It is no 22 desimber en ik sjoch efkes nei myn meistanders.
Sate sjen, is it yn Spanje, yn Sjina en Utah moai waar,
want Javier, KM en Jack rinne der letterlik en figuerlik wat út
Sommigen komme wol hiel fier boppe de 50 kilometer út
ik stean op plakje 57426.......
Noch 9 dagen te gean,
Ik meitsje der sels noch in útdaging bij.
ik sil sjen dat ik bij de earste 50.000 kom....
Best wol in yngewikkeld ferhaal
at je it sa lêze.
Tink net dat ik faak sokke boeken lês.
Ik kaam it wol tsjin yn in triller fan Lee Child
mei yn de haadrol Jack Reacher.
Mei him graach lêze en moat dus soms dingen ta mij nimme
dy't mij boppe de pet gean.
Mar dat lêste stikje fyn ik dan wol wer nijsgjirrich.
Iets wêr't ik nea bij stilstien ha.
Dus at de tillefoan út de hân falt,
dan is dy tillefoan te swier
en dan moat der mar wat mzuyk en foto's ôf
Foar it gefoel........
De hurkende man
is in byld bij Lelystêd.
It is in oplossing yn in puzzel, dy't ik makke haw
en ik haw it noch nea earder sjoen.
Ik fyn it prachtich in prachtich keunstwurk.
Hjir it ferhaal wa't it makke hat en hoe hij dat dien hat
en hjir it ferhaal fan it hoe en wêrom
Yn de folksmûle neame se it byld de poepende man
Poes wurdt er net oars fan
at Max as earste oer de line giet
en úteinlik wrâldkampioen wurdt.
Ut respekt foar poes bin ik mar net opsprongen
Hij is der wer
it Grote Bosatlas puzzelboek.
Wat in genot wie dy earste útjefte begjin dit jier
Wat in genot sil dit wer jaan
Foar 15 euro in hearlik puzzelboek
Wylst ik oars nea gjin puzzels meitsje........
At ús pake- en beppesizzers letter grut binne
en sij krije de fraach wat se noch fan pake witte
doe't se lyts wiene
dan komt dêr fêst út "dat se altyd nei de byb mochten".
It gebou fan de byb stiet tsjinoer ús
en is iepen op moandei, woansdei en freed
At ien fan de bern bij ús is op ien fan dy dagen
dan gean ik nei de byb,
Dat fine se allegear moai.
Sels ien of twa boeken útsykje,
sels de boeken ynboeke
en bij ús thús jouwe se harren noflik del
bij mij op de skurte.
Ik haw dizze wike wer 5 boeken foarlêzen.
Wat in machtich wurk is!
De boeken bliuwe salang bij ús
oant der wer ien fan de bern
op moandei, woansdei of freed bij ús is.
De boeken binne nea te let werom yn de byb
Spotify hat it allegear wer bijholden
hoe't myn muzikale jier der útsjocht
Dat ik nei 2130 ferskillende artiesten harke haw,
it soe samar kinne
Dat ik dit jier 49.000 minuten harke haw
ik leau it gelyk
Dat ik it meast harke haw nei Neil Young
ik kin it ferklearje,
want ik haw in boek oer him lêzen
en alle nûmers opsocht op Spotify.
Dat myn favorite nûmer Birds fan Neil Young is
dat ferbaasd mij echt
Yn rou-adfertinsjes steane betiden nijsgjirrige teksten.
Ik fûn dizze lêste sin hiel bijsûnder,
Ik wit net at dit allinne mar in Bildts sechy is
of dat wij yn it Frysk ek soks sa sizze
It is noch net sa fier,
mar at ik wenje wol mei soarch
dan gean ik nei Aldeboarn.
Wat in feest sil dat dêr wêze.
Utsicht oer gerslân en Fryske kij.
Fryske kij yn it lân,
at dat net in lûker is dan wit ik it ek net mear
Der stiet net bij dat it mar 120 dagen is
omdat de molkfabryk dat foarskriuwt
om ús sa wiis te meitsjen dat de molke, de fla, de tsiis en de bûter
better en sûner is.
It is de tiid fan in momintsje sykje.
In momintsje dat it droech is,
sadat ik in loopke rinne, 5 kilometer drave of in ein fytse kin.
Ik haw it leafst dat in moarns gelyk in pear oeren droech is
Moandei die ik alle trije.
Op de fyts nei Tûzen Jellen (dat boerd is nij)
rinne nei Tritzum
op de fyts werom
en middeis 5 kilometer drave
![]() |
Tûzen jellen, de trijesprong op it Jopie Jornapaad |
![]() |
Tritzum |
![]() |
Genôch te dwaan op de soarchbuorkerij |
![]() |
op wei nei Tritzum |
![]() |
fanôf it trekpaad it sicht op Wommels en driigjende wolken |
![]() |
It is slagge: 5 kilometer yn 35 minuten, dat wie myn earste doel |
it fertroude rûntsje: Iens om |
en dat is moai.
Ik seach freed in sjoffeur alle war dwaan
om dy frachtauto bij it laadperron te krijen.
Dat foel net ta,
hij moast wol 10 kear hinne en wer.
Ik stie te sjen en tocht gelyk oan de jierren 70
Op it plak fan de Jumbo fan no
hiene Sape en Rely Smeding harren Sparwinkel.
De loads mei grientekarre stie yn it Bosk
Op it plak wêr't dizze frachtauto efterút riedt
ride Sape syn grientekarre en syn VW bus efterút it loadske yn
Dat gie gâns makliker
Dizze Smeding komt fan it konsern út Sint Annaparochie
earder Harns en de earste baas wie in broer fan Sape
De búkgryp is der, dat hear ik om mij hinne.
Beroerd en mislik en foaral kotse
Ik haw der gjin lêst.
Ik haw seker genôch werstân.
Tiisdeitemoarn draaf ik myn 5 kilometer.
Ik helje wer in moaie tiid
Nei it bekommen, it útswitten en it brûzen
fiel ik swiere wurgens yn de fuotten
Dat haw ik oars net, dan fiel ik mij fitter.
Haha tinkt it firus, dat ik fêst al bij mij haw,
in ferminderde werstân, dus slaan ik ta.
Binnen it oere rin ik om mei dat spuigefoel,
it sit mij oan de strôt ta,
bin net mear foarút te brânen
en lis de rest fan de dei op de bank of yn in luie stoel,
mei in hongerich gefoel kom ik de dei troch
want ite liket mij net ferstannich
Dat frekte firus, taslaan at je op je swakst binne.
It giet no wol wer.
"Ik wit wol wasto bist,
seit er al wer in jonkje tsjin mij.
"Do bist de pake fan Samme",
Op 'e dyk, bij de byb en bij skoalle
Dat sil net minder wurde,
no't dit affysje oan it stek hinget bij de skoalle
Der binne hichtepunten sa'n wykein op Amelân bij de keunst.
Dêr haw ik al wat fan sjen litten.
Der binne ek djiptepunten.
"Dat is dit" rôp ik gelyk, doe't ik dit seach.
Rotsoai dy't oerbleaun is fan in ferbouwing
en wat ynelkoar prutst is.
Sa besjoch ik dizze keunstwurken.
Der hinget ek noch in priiskaartsje oan.
Ik wit it net mear en wol it ek net mear witte
Tiisdei bin ik efkes bij pakesizzer Roan.
6 jier en hij mei graach prutse
Hij hat in hammer en in boar
en alle oare reau brûkt er fan syn heit.
Syn materiaal fynt hij ûnderweis
en sa komt er meast in auto fol rotsoai werom yn Wommels.
Rotsoai, dêr't hij keunstwurken fan makket
Mei ien grut ferskil:
der hinget gjin priiskaartsje oan
👍👍👍👍👍👍
Ferwûndering wie der ek op Amelân.
Iets moai fine is subjektyf
Wêrom je it moai fine, ik wit it ek net
Hjir in samling foto's fan keunstwurken
dy't ik moai fûn, dy't mei oansprutsen