In rûntsje Snitsermar.
Dat kin ek mei help fan in pontsje hjir en dêr.
Sa as no bij Terherne.
De slach lâns Aldskou oerslaan.
Skeelt in kilometer as 10.
Ideaal at je net fan fytsen hâlde en wol fan wachtsjen.
Bij mij is it oarsom.
Ik hâld wol fan fytsen en net fan wachtsjen.
Mar om alles in kear mei te meitsjen, justermiddei in kear mei de pont oer.
Foar dat wachtsjen
en it foarkommen fan spul
(ik was eerst, wij stonden hier al)
wa't wol net mei kin at it drok is,
stiet dêr in molkbus mei stokken.
12 stiks.
Is de pont der noch net, pak dan sa'n stôk.
Dan witst datst meikinst de earste folgjende oerstek.
Alle stokken op?
Dan is it hiel lang wachtsje (foar myn gefoel)
of dy 10 kilometer omfytse.
De pont hjit FietsaVersa .
Dat is dan wol wer leuk.....
dêr kinne jim de pont fine...de pontbuordsjes folge |
dit stik fan 10 km wurdt min der fytst |
oerstek, troch haven en oer PM kanaal |
De FietsaVersa |
de molkbus mei stokken |
noch ien plakje oer foar de kommende oerstek |
Geen opmerkingen:
Een reactie posten