Soe der samar efkes om in auto hinne wylst ik der al hast neist fytste.
Hij sil wol tocht ha, dy man op de fyts dy stoppet wol of dy giet wol op de stoepe .
Net dus.. mei ferburgen eangst foar dy grutte tsjillen, bleau dy fytser moai op de dyk en sakamen beide stilsteand tsjinoer elkoar te stean.
Krekt neist de auto, wêr’t dy trekker omhinne moast en wêr’t hij efter wachtsje moast.
Fanút syn machtige hege posysje wiisde it bestjoerderke nei de stoepe.
Fanút de bedelte joech de fytser oan dat efterút ride de beste opsje wie en neffens de ferkearsrigels de goeie opsje.
Der barde neat.
It rút fan de trekker gie net iepen, der waard gjin wurd sein en sa duorre it in minútsje foardat de fytser fanút syn machtsposysje yn de bedelte romte joech.
De tiid menear de trekkerrider miende te pakken sûnder respekt te hawwen foar fytsers, wie no al ferlerne tiid wurden. Miskien in leske foar in oare kear….?
Geen opmerkingen:
Een reactie posten