woensdag 31 mei 2023

Marius

Earst Gerrit Breteler en no Marius de Boer

Wa bliuwt er oer fan us kreative Fryske tekstskriuwers?

Wat in skrik, wat in fertriet.

Marius de Boer, 

de foaroanman fan Reboelje is ferstoarn.

Reboelje, de band wêr't ik mei opgroeid bin.

34 kear haw ik bij harren live optreden west,

wêrfan 16 kear yn it Dielshûs yn Wommels

34 kear haw ik it machtich fûn,

want Reboelje ferfeelde nea.

Ik haw alle cd's en ik draai se noch.

Magysk Teater is it pronkstik.

Marius dy't  Steppenwolf, 

in boek fan Hermann Hesse omsette yn in masterwurk.

Ik haw it boek ek lêzen 

en krige doe sa'n respekt foar Marius

dat hij dêr dizze geniale cd fan meitsje koe.

Op in sneintejûn yn 2001 spilen se it album yntegraal 

yn ús Gebou yn Boalsert.

Wat in jûn wie dat!

Ik haw alle muzykteaterstikken sjoen 

wêr't Reboelje oan mei die.

Doe't Reboelje stoppe haw ik noch 4 kear bij Mariusz

(wol of net mei syn muzikanten) west.

De lêste kear wie yn 2018 op Aaipop.

yn de harksankjes romte

mei Tsjeard en Anne-Marije bij Marius


Hij wie no dwaande as pianoman

en it muoit mij tige 

dat ik net bij ien fan dy optredens west haw.

Dat kin noch wolris, tocht ik hieltyd.

Net dus

Sterkte foar de famylje

foar harren is dit ferskriklik.

De dea fan Marius is ek in grut ferlies 

foar de Fryske muzyk

In moaie opname út de begjintiid....









Bakje mei.. Dirk

 In "bakje bij "is myn rubryk yn Diggelfjoer.

Op besite bij in âldere yn Wommels.

Yn juny gjin ferhaal want ik bin op fakânsje

Op dizze bloch wol in "bakje bij "

Underweis nei Rome doch ik meardere kearen in bakje mei Dirk


In bakje mei Dirk

Dirk van Leeuwen komt út Nieuwveen. 

Dat leit bij Alphen oan de Rijn.

Dirk is widner en hij wie earder boer.

Dirk hâldt fan fytsen, fan útdagings.

Ferline jier maaie troffen wij him

op wei nei de Middellânske see,

op de fyts.

Dirk wurdt dat jier it symboal fan 

"nea te âld om in lange ôfstân te fytsen yn it bûtenlân"

Dirk is dan 85 en wurdt op ús lêste reisdei 86.


Dat fiere wij yn Frankryk

Dit jier is hij der wer bij.

Op reis nei Rome.

Dirk is 86 en wurdt nije wike 87.

Hij heart wat minder,

hij rint wat minder

hij praat wat ûndúdliker

mar hij fytst noch as Pietje Pelle op syn .......Santos.

Bij de berch op mei help fan syn twa akku's

bij de berch del hellet hij sûnder eangst de 60 km per oere.

Ien kear falt hij dizze reis.

Op syn keamer at er efkes ferkeard stapt.

Hij fytst ien dei net mei

om syn seare knibbel wat rêst te jaan,

de oare dei giet it wer prima.

Sa stean wij mei Dirk op it Pietersplein yn Rome

Wij bekomme de kommende efkes,

mar Dirk hat de folgjende reis al wer boekt.

Mei de bus nei midden Sweden

op de fyts werom,

allinne........




 

zaterdag 27 mei 2023

Op hichte

Fasinearjend wie de rit nei Saint Moritz.

Fanút Chur mei de trein omheech.

Sliepe op 2000 meter hichte

de oare deis 25 kilometer ôfdaling 

mei flink wat hierspeldebochten











vrijdag 26 mei 2023

Fytsen yn it....

 Nei Rome

Wij sliepten nachts yn in hotel

dat wie allegear regele troch Fital.

De 16 fytsen moasten dan plak ha.

Dêr binne in soad hotels noch net klear foar,

safolle fytsen yn ien kear

Dy mei in parkeargaraazje dat rêdt him wol.

Sa hawwe ús fytsen dizze reis oernachte yn in......


Peuterboarterseal

yn in kapel

Yn in pizzaria


donderdag 25 mei 2023

Werom út Rome

Wij binne werom.

Werom fan in fantastyske fakânsje

Fan Bazel nei Rome op de fyts.

It wie ien grut avontûr

mei in striid tsjin bergen, 

reinwetter, 

goeie greffelpaden,

strieminne diken

fytse op grutte diken

fytse yn stêden

en fleane oer steile ôfdalingen.

It is allegear goed gien mei ús.

It wie ynspannend 

dy goed 1500 kilometer yn trije wiken

Fital hie soarge foar de hotels

en soarge der ek foar 

dat de bagaazje net mei hoechde op de fyts.

Reislieder wie Henk Jense, in topper.

16 oare minsken diene de selde route

en wat waarden wij in moaie ploech meielkoar.

It wie bijsûnder om te hearen

wêrom in oar dizze reis makke.

In útdaging, in belofte of in rit mei rou,

4 minsken sûnder ûndersteuning

en 12 mei in elektryske fyts

Op facebook haw ik alle dagen in ferslach makke

ik sil no sa no en dan noch wat pleatse













vrijdag 28 april 2023

Op reis

 


De kommende wiken hast gjin blochs, ferwachtsje ik

Wij binne in wike as fjouwer op de fyts ûnderweis 

fan Bazel nei Rome.

Oernachtsje dogge wij op dizze plakken

Op twitter (sjoch hjir neist)

alle dagen wol in  foto's

en ek op faceboek sa no en dan in ferhaaltsje


maandag 24 april 2023

Stoepe

 



Heare, heare minsken

wat in ferstân

Stoepe derút, 

minsken kin wol op de dyk

Beammen op it earste plak

de feilichheid fan minsken op it twadde plak


Allegear tanksij amtners yn ús fierstentegrutte gemeente

dy't net oerlizze, 

mar dogge

sûnder al te folle ferstân


Beam om

It is net ûnferwacht.

De beam bij de fiver efter de skoalle leit om

Fannemoarn betiid, sûnder klap.

In gelok dat er nimmen op it brêchje rûn.

Al langere tiid wie der noed oer de beam.

Gemeente hat al in pear west te sjen

Sij sjogge noch gjin direkt gefaar

en sij tochten

lit mar falle 

dan rommet de brânwacht it earste wol op

De brânwacht kaam fannemoarn mei "gepaste spoed"




Benijd hoe lang it duorret dat er der hielendal weihelle wurdt

zondag 23 april 2023

1 jier

Wat hawwe wij al in moaie mominten hân

mei ús jongste pake-en beppesizzer.

At er mij sjocht laket der meast

en at ik ticht bij him kom

dan moat myn bril ôf.

Altyd wer....

Syb wurdt hjoed 1 jier





Reintechnysk

 


Sneontemiddei reinwetter, minder is der net.

It reingebiet wie goed yn byld op Buienrader

en dan hoopje dat it ek in kear sa útkomt

Nei Deinum foar sf Deinum 1 - SDS 1 0m 14.30 oere

of nei de topper scBolsward 1- Heerenveense Boys 1 om 15.00 oere.

Reintechnysk wie Boalsert better, like mij sa ta.

Droech nei Boalsert

2 oeren yn de rein, ûnder de reinkearder

droech wer nei hûs.

In hearlike wedstriid mei alles der op en oan

en in terjochte winner.



woensdag 19 april 2023

Dea

 "Ho, ho, vergeet de randjes niet, 

daar zit ook leven in."


It wurdt as irony oanjûn

mar it fansels ferskriklik

al dat deade lân.......


Oldekleaster

Je fytse der wat maklik oan foarbij. 

Dat haw ik ek myn hiele libben dien. 

Mar hjoed giet it oan.

Fanôf de Kliuw nei Hartwert en dan rjochtsôf nei Oldekloaster. 

In betonpaad bringt ús nei de pleatsen Monnikehuis en Bloemkamp. 

Dat krekt dêr foar in tagongsmuorre opboud wurdt, 

jout al oan dat de skiednis hjir yn libben holden wurdt.  

Op dit plak stie de eardere abdy Bloemkamp of te wol Oldeclooster.

In moai ein fierder op dizze dearinnende dyk foar fytsers en auto's 

(rinners kinne troch it lân in rûntsje meitsje) 

komme wij bij de pleats fan Bouwstra. 

Dy hat foaral wat mei it ferline 

want dêr stiet oan de oare kant fan de feart yn syn tún in blokhut 

ynrjochte as ynformaasjesintrum. 

Helaas, it buordsje seit 'open', de doar is eilaas op slot.

Troch it rút sjogge wij foto's, plattegrûnen fan earder en oare dingen 

dy't it besjen wurdich binne.  

Wij sille der nochris hinne moatte.

At er yn Hartwert ea noch in dyk bijkomt en dy moat in namme ha, 

dan hoop ik dat iets is fanút it ferline 

want mei de Middelseedyk, de Ridderdyk, Kleasterwei en Oldekleaster 

hat it allinne mar nammen út eardere tiden. 

In Auke Bloemhofleane  of it Teake Kooistrapaad klinkt ek prima, 

mar is tefolle fan de nije tiid. 

It boek fan Erik Betten slaan ik thús noch efkes iepen foar mear ynfo













maandag 17 april 2023

Tips

 Ta opfallende berjochten:


„Eén peuk kan wel 1000 liter water vervuilen, bestaat voor 95 procent uit plastic en zit vol giftige stoffen. Enorm schadelijk voor het milieu en gevaarlijk voor dieren”, zei Marijke Boonstra van stichting De Noordzee daarover.


Een derde van je 173 kledingstukken draag je niet


Wolle jim gjin peuken mear fuortsmite

en de kommende tiid gjin klean te keapjen

mar it 1/3 part der bijpakke

zondag 16 april 2023

Maggi

 


It is wat.

De maggi is op.

Net dat wij in in protte brûke, 

mar it is op en moat der wol wer komme

Foar de Maggi moatte wij dus nei Winsum (COOP) of  nei Boalsert

en beste Jumbo

dan nim ik ek oare dingen mei

want foar allinne in fleske Maggie 

fyts ik der net hinne.

Oh ja, nim ik gelyk Fishermans friend mei

want dy ferkeapet Jumbo ek net mear.

en dêr kin Jellie net sûnder


vrijdag 14 april 2023

Befeiligers

Alle eveneminten hawwe befeiligers nedich.

No kom ik net sa faak op eveneminten 

wêr't safolle jongerein is as op Aaipop.

It is it earste tintefeest 

en foar sommigen jeugdigen miskien wol it earst útgeansfeest ea.

Hawar, op Aaipop yn Nijlân stappe ek flink wat befeilgers om.

It is dan goed om te sjen

dat se minsken der op wize dat smoke yn de tinte net tastien is.

(it wie betiden ien grutte rikkerige romte)

Dat it in hiel soad soaden oan de dyk set, dat wit ik net.

Se smite mei de lofterhân de peuk fuort

en mei de rjochter binne se al wer op syk nei de sjek

en sa stappe se bij de befeiliger wei.

Ek it bier drinken fan jonges ûnder de 18 

wurdt sa'n dei net tastien.

Ek famkes net, mardat haw ik net sjoen.

It is in goeie saak.

dat de jeugdige drinker sûnder bandtsje oansprutsen wurdt

en it bier ôfpakt wurdt

ek de maten wurde tasprutsen fanwege harren "weijougedrach".

Ja jonges (en famkes) it is net oars.

Mei 18 jier meie jim begjinne

en it is mooglik om it ta jim 68 ste fol te hâlden

dus jim ha noch genôch mooglikheden


Sjoch mij......

Kij binne ek wer bûten

 "Koeien in de wei"

it liket wol wrâldnijs.

Ik kom it oeral tsjin yn nijsberjochten en filmkes

Wat is dêr no sa bijsûnder oan?

Of moatte wij kontroleare 

at se wol 140 dagen bûten rinne

sadat de molke, de fla en sûpe

in karmerk krije op it pak?




donderdag 13 april 2023

Traaljewurk

 Ik bin frijwilliger bij Tresoar.

wurkje mei oan digitaliseringstrajekten.

Dat doch ik thús efter de kompjoeter

Tongersdei is it nijste projekt lansearre.

Traaljewurk

Eeuwenlang bevolkten veel kostgangers de diverse Friese gevangenissen. Je vindt de namen en bijbehorende informatie van verdachten en veroordeelden terug in de inschrijfregisters van de betreffende gevangenis. Deze registers uit het zogeheten Gevangeniswezen zijn vanaf 1797 bewaard gebleven in ons archief. Help jij mee om deze gegevens hier uit te halen en zo voor iedereen toegankelijk te maken? Wellicht kom je nog een voorouder tegen…

Dat lêste bin ik net nei op syk, mar wat wit.

Wij  as frijwilligers ferwurkje de gegevens 

dy't op de skans steane yn in database

At alles klear is (40.000 skans) 

- dat kin wol in jier duorje -

dan wurdt it online setten op Alle Friezen .nl

en kinne jim op namme fine wa't sitten hat

en wêr, en hoe lang en miskien ek wol wêrom

Foar it begjin fan dit projekt binne wij útnoege bij Tresoar.

In prachtige lêzing fan Wim en Hans Anker

brocht ús yn de stimming fan "geboefte".

Prachtige droege humor oer betiden earnstige saken.

It is topfermaak.

Fan de firma Picturae dy't al dy skannerij docht

is ek in fertsjintwurdiger oanwêzich.

Ek hij hat in moai ferhaal 

oer in ienmansbedriuw dat no 120 man yn tsjinst hat

en oer de hiele wrâld dwaande is.

Se digitaliseare sels in miljoen insekten 

Ta beslút de útlis oer hoe't wij as frijwilligers Traaljewurk oanpakke moatte.

Fan it twitteraakkount fan Tresoar haw ik dizze foto plukt

dy't fannemiddei makke hat

en wêr't ik wat ferskûle efter oare grize koppen sit

Wim Anker fol fjoer oer syn eardere wurk as abbekaat

dinsdag 11 april 2023

Aaipop 2023

Aaipop 2023 is der ien fan de hurde wyn  hinnereis 

en lekker foar de wyn werom. 

Dêr tusken yn sjoch ik noch krekt pakesizzer Brecht,

dy't fol fleur bij Sipke de Boer wei komt 

Brecht

Brecht en Ella

dyt noch efkes in slach troch de Tongertinte docht. 

Sij en nicht Ella hawwe de pop mar mei hjoed.

Ik haw it programma wol aardich yn de holle 

en sil myn hurde kant en sêfte kant hjoed benutte.

Ik begjin mei Stoflik Omskot. 

Dat is hurd. 

Fryske metal en dat klinkt prima 

en jout sfear mei al dat folk yn swarte klean om mij hinne. 

Mei Tiidmasjine yn de oare tinte 

krij ik in lekker stikje rock te hearen. 

Nije Fryske teksten en in moaie set.  

It nûmer "de Tocht" is mij foaral bijbleaun

Bij de band Sletten kin ik lekker meistampe 

sa't ik dat ek dwaan soe bij Status Quo. 

It hichtepunt wurdt dochs wol it optreden fan Tigers fan Greonterp. 

Lekker opswypkjende en spannende rock.  

Bij Jarretank haw ik noch krekt in healoerke nocht 

om stampende minsken om mij hinne te sjen. 

Sels bin ik útstampt 

en oan de hân fan myn sêfte kant 

sjoch ik in oerke bij Adri de Boer en freonen.  

Moaie stim, moaie lieten, moai Frysk. 

Ik haat akkordeons mar bliuw wol sitten.

Folk/Metalband Baldrs Draumar besykje ik healwei de tinte te folgen. 

Ik mis jankende gitaren 

en om it moai te finen moat ik echt foaroan stean 

tusken al dy meisjongende fans.

It slotakkoard is foar Grytz en Grize as band. 

Hearlike set yn de Harksangseal 

mei dy prachtige oersette lieten fan Boudewijn de Groot. 

Myn sêfte kant fynt it prachtich

De rappers (je kinne net alles moai fine), 

de Masters (it slotfeest is foar de feestfierders),

de Doelleazen ( fêste gasten op Aaipop, kin ik best in kear oeslaan)

en de troebadours ( dy sêfte kant leit thús)

haw ik dit jier mar oerslein.

In moaie Aaipop dit jier