zaterdag 9 augustus 2025

Oare kant fan de brêge

Neat mis mei de oare kant fan de brêge

Ik haw der ek op twa plakken wenne.

It wie dan wol gjin boppeslach mar wol in Opslach

Foar 1963 wie der net folle.

De Fabrykswei, de Molewâl en de Trekwei.

Wol stie de suvelfabryk hjir

Dan komt 1963 en is der allegear aksje

want it nije huzenplan komt dêr

en dat betjsut in bettere ûntslutinsgdyk en as kadootsje der bij

it tsjerkhôf





donderdag 7 augustus 2025

Skutsjesile

 



Wij sjogge alle jierren wol efkes bij it skûtsjesilen fan de SKS

Starum en de Lemmer binne ús favorite plakjes

Hjoed nei de Lemmer, want Starum is net trochgien op Starum.

De auto op Spannenburg en op de fyts in rûntsje de Lemmer

Wij sitte dêr moai op de dyk en sjogge sa'n twa oeren wat om ús hinne

nei de typyske sfearbylden

De wedstriid  goed folge sûnder  Trac Trac is hast ûnmooglik

dêrom sit ik mear op myn tillefoan te sjen

as nei de Lemster Baai

Mar it is goed om de sfear efkes te ûndergean


In soad jild

 Us fierstentegrutte gemeente hat fierstentefolle jild

sa docht bliken at je it nijs wat folge,

8 ton foar de organisaasje fan de Snitswike

Dêr haw ik fêst al faker wat oer sein.

Dat skoandere jild is insetten om neatsizzend strjitteater

op in tiisdeitemiddei nei de binnestêde te heljen.

Wêr en hoe en wat

dat kinne je net gefaar wurde op in webside 

dy't wierskynlik ek ûntwikkele is

fanút dat gemeentepotsje.

Wat in oanfluiting.

Wij sjogge hast elkenien sykje

mei of sûnder tillefoan yn de hân

Wêr is it dan krekt en wat is it?

Dat er wat ferklaaide lju foarbijkomme

op nuveraardige ynstruminten is prima

mar dat sil dochs net alles wêze.

Sa toffelje wij hast 5 kilometer om en hawwe allinne dat sjoen.

Ik haw oaren frege wat sij sjoen hawwe

mar dat wie net oars.

In rommeltsje en yn neifolging fan de reuzen yn Ljouwert

wie dit fansels in dwergenfestijn.

Mar ja, 8 ton is net folle, dêr kinne je hast neat mei




woensdag 6 augustus 2025

De post

Post.nl seit dat it net mear út kin,

dy postrûnbringerij

Sy sitte yn de ferkearde sirkel.

De postsegel djoerder, minder post

minder post, de postsegel djoerder

ensf.

Alle dagen besoargje is ek sa'n dinkje.

Om mij hoecht it net, 

mar it is tradysje

Hoewol, it hat oars west

Sjoch dit stikje fan 1963



dinsdag 5 augustus 2025

In oare wrâld

 Arcadia hat wer in projekt yn Ljouwert

Wit hoe faak hear ik de lju fan de organisaasje foar de radio.

Wat it betsjut foar de wrâld, 

foar ús lân, 

foar ús provinsje, 

foar de stêd en 

foar de gewoane boarger

Je soene hast leauwe dat je wat mist hawwe yn je libben 

at je dêr net west ha.

Om no te sizzen dat ik der hinne west ha, 

omdat dat it doel wie, 

dan is it antwurd nee

Ik bin yn de buert (bij de muzyk yn de Prinsetún)

mar achtsje it foar myn gemoedsrêst goed ta

om in slach troch it gebou te dwaan

Ik besykje te ferjitten wat it allegear wol net koste hat 

en besykje mij ek gjin byld te meitsjen wat it allegear foarstelt

en wat it doel no krekt is.

It is net drok at ik der troch hinne skarrelje

en ik haw wat foto's makke sadat jim sels beslúte kinne 

at it in besite wurdich is.

It stoppet neffens mij ein augustus.










maandag 4 augustus 2025

Muzyk

It is al wer efkes lyn

dat ik libbende muzyk seach.

De simmerrêst fan de podia 

en fakânsjetiid foar myn earen en eagen.

Gelokkich hat de Prinsetýn konserten yn de simmer

op sneintemiddei

Snein fyts ik dêr hinne 

en jou mij noflik del op myn eigen meibrochte 

lichtgewicht kampingstuoltsje

de bidon mei wetter en broadsjes mei tsiis binnen hânberik.

Hearlike middei

Sa sit ik oan de iene kant fan it einekroazige wetter te sjen

wylst oaren op it skootmobyl sitte 

of op de fyts hingje oan de oare kant

J.B. Bacon en Arjan Bras dogge it akoestyske foarprgramma 

en Ruben Hoekeband de elektryske set.




vrijdag 1 augustus 2025

Blokjerinner

Op 'e Skille fan dizze wike

wer it tradisjoniele ferhaal oer de winners fan de Freule fan 50 jier lyn.

In foto derbij fan de finalisten, altyd aardich soks

Myn each falt net op de keatsers mar op de blokjerinner



"He, dat is Meindert, myn jongere broer" flitst der troch mij hinne

Wat leuk.....

Mar wat is dit, der stiet bij blokjerinner Tjeerd Dijkstra

Hoe sa, Tjeerd Dijkstra, dit is Meindert Hofstra

Op de PC kom ik Tjeerd tsjin en sprek ik him oan.

"Wat wiesto blond yn de jierren 70 Tjeerd",

"Ik begryp watsto bedoelst,

ik tink net dat ik dat bin", seit Tjeerd, 

"it liket mij Meindert ta.

Mar neffens de oare blokjerinner Jelle, bin ik it ..."

Ik app myn broer Hessel en freegje him wat hij der fan fynt.

"Wol wat blond ja, it liket mij Tjeerd net,"seit dy

Letter op de dei mailt hij mij in foto

fan 1976, in jier letter


Ik gean der fan út dat  Meindert de blokjerinner is

of der moat immen wêze dy't mei oertsjûgjend bewiis komt

dat it net sa is.



Kalinder

 


Ik haw al earder oanjûn dat de Fryske Spreukenkalinder

fan 2025 in Fryske taal ramp is.

Hij is út de hannel helle

en it soe ek better wêze at ik him fuortsmyt.

Dat haw ik net dien, 

dus mei ik op 30 en 31 july wer flinke argewaasje ha

ferkearde wurden?

leau

do

do

waskrheid


Neakene slakken

 Se binne der fannemoarn wer

de neakene slakken.

It is wat fochtich en mei it hege gers op it trekpaad

sykje se de droechte fan it fytspaad

Dat is net in goed idee

Dêr rint en fytst noch wolris ien lâns

Foaral foar fytsers in keunst

om der tuskentroch te fytsen

Foar fytsers ek in keunst

om der just oer hinne te fytsen.

At se sokke oanslaggen fan Schwalbe of Vredestein oerlibje

dat wit ik net.

Ik sjoch net efterom.

In wike as fjouwer lyn 

komme der nei in lange droege perioade 

hûnderten fan dy slakken te foarskyn yn ús tún.

De siswize seit "net op alle slakken sâlt lizzen"

dat haw ik dan ek net dien.

Op in soad wol

Letter lies ik dat soks in ferfelende dea is foar de slak.

Dat doch ik dan mar net wer

Dan der mar oer hinne fytse.


dinsdag 29 juli 2025

maandag 28 juli 2025

Blokkearkat

 


In net al te drok strjitsje yn Mullum

mei in opmerklik ferkearsboerd.

Ik haw sa't bliken docht gelok

De kat rint wat om en hâldt kreas links oan

Mar wat at je dêr lâns wolle mei de auto

en de kat bliuwt lizzen....

Wat dan.....


donderdag 24 juli 2025

Fan Jentsjemar oant guozzemar

 


Woansdei in Wandrerfytsrit.

Sa moat ik  úteinlik op 75% fan alle diken yn Fryslân komme

Suderbuorren yn Ljouwert is it doel

Ik pak in nij stikje dyk yn Wurdum, Swichum, Himpens en Goutum mei.

Mar foar Ljouwert kin ik 9 kilometer bijskriuwe

It giet dêr net sa hurd yn dat plan. 

Alles dûbel fytse mei al dy dearinnende stikken dyk oan it wetter

Oan Fryske strjitnammen leit it dêr net









woensdag 23 juli 2025

Ruurd

 Utgean yn Boalsert

dat die ik yn myn jonge jierren op in oantal plakken

It natte Park fan Bram dêr wiene sneontejûn de bands

lykas Dizzy Man's band, Earth and Fire, Jen Rog en BZN.

Dat wie prima útgean dêr.

In bierke drinke en wat efter de froulju oan.

Sneintejûn seach ik soms efkes yn it Hofje.

Paranoid fan Black Sabbath is dan  in hit

en dêr wurdt folop dûnse.

Ruurd Stevens is barkeeper

Efkes in bierke drinke mei in muzykje op de eftergrûn

dêrfoar gean ik letter mear nei it Diekje

Ruurd Stevens is dêr dan  de kroechbaas 

en dat is in noflike belangstellende fint


Ut syn Hofjetiid tiid komt dit kranteknipsel.

Dat haw ik bewarre 


Ruurd Stevens ferstoar ferline wike 

en hjoed gyng er lâns in earehaach fan minsken 

foar it lêst troch syn stêd Boalsert


zaterdag 19 juli 2025

Aant

In moaie aparte namme

sa hearde ik dizze wike in pear kear

at wij ús melden bij in sliepadres.

"krekt as dy politikus? 

Ja krekt as dy NSC-er dy't FNP-er wie

en no wer FNP-er wurdt.

Mar dan sûnder Jelle.

Wim Kan song it earder


Niemand weet, hoe of het wordt:

Negenhonderd miljoen tekort

Het dekkingsplan da's nou akkoord

De stier van Potter is ook aan boord


Waar we heengaan

Aant Jelle sal wel sien

Aant Jelle sal wel sien

Aant Jelle sal wel sien


Bron: https://muzikum.eu/nl/


Aant Jelle  en dy FNP sykje it mar út

Ik hâld net sa fan dy lju dy't op syk binne nei in lekkere stoel

De stoel yn Dokkum wie him al gau te min

De stap nei de NSC wie in misstap, 

mar dat wol er net tajaan,

de FNP yn de lannelike polityk de nekke omdraaie is in skande

Bij it keatsen wurdt oerrinne bestraft

Twa kear oerrinne dat soe reade wêze moatte



donderdag 17 juli 2025

Us reis

 


Sa seach ús rûte der út dizze wike

Sliepe yn Dalfsen, Enschede, Duiven, Ingen, Almere en Sondel

Totaal sa'n 540 kilometer fytst

6 kear oernachten bij Vrienden op de fyts

Dat wie wer top.

Moaie plakjes en moaie minsken

Ik bin net fotomakkerich

dus in pear kykjes

dat wie it ek: knus

Enschede - Lonneker

Yn Twente de Highway 35, prachtich oanlein

sliepe op in keamer mei keunst

Enschede

Borculo

Huissen

de Achterhoek

Tiel

op de dyk bij Kesteren

in pontje kaas automaat bij in fearpont

fjouwer pontsjes dizze reis


Nijkerk


88%

Der binne op dit stuit 342gemeenten

en wij hawwe yn 88% fytst

Noch 54 gemeenten yn Nederlân

dan hawwe wij se allegear trochfytst.

Op Wielervrienden.nl wurdt it moai bijholden

en nei dizze fytsfakânsje fan in wike 

sjocht it der sa út

It noarden en easten fan Nederlân is frijwol klear

( yn novimber nei Skylge en Skiermuontseach)

de rest kin troch noch in pear fytswikefakansjes 

yn Noard Brabân en Súd Hollân

oplost wurde.





woensdag 16 juli 2025

Gjin hout of dochs wol hout

Almere - Hout is in dielgemeente fan Almere

Wij sliepten dêr in nacht yn ien fan de wiken.

Bijsûnder? Ja

Yn dy wyk gjin houten skuttings

mar beamkes, strewelleguod, hagen en gaas,

Grutte kavels mei in hûs der op

mar omdat der gjin skuttingen binne

liket it wol ien grutte foar of eftertún

Tusken de túnen rinne wol paadsjes 

mar dy falle hast net op troch al dat strewelleguod.

Hûnderten fruitbeamkes siere dy buert,

wêr't allinne mar Sweedske wenten stean, op






Net allinne dizze wyk yn Almere Hout hat dit

mar ek ta fan oaren wiken dêr.

Prachtich fyn ik it


zondag 13 juli 2025

Noch 3

 

 Jim ha wol yn de gaten, dat der net folle te dwaan is op dizze bloch. 

Dat komt troch ús fytsfakânsje fan in wike. 

Der wiene yn de Achterhoek, Twente en it rivierengebied noch 12 gemeenten dyt wij trochkrúze moasten foar dizze útdaging

Dy tolve binne klear. 

Wij fytse no wer nei hûs troch trije gemeenten dyt wij noch moatte. 

Dan liket it woansdei aardich donkerblauw yn it noardlikste diel fan Nederlân 

Groetnis út Engen

woensdag 9 juli 2025

De helte?

 Bijsûnder stikje

"De geregte helft in het veerschip" stiet der.

en de oare helte dan?




dinsdag 8 juli 2025

Wol in bakje

 Alle moannen skriuw ik foar Diggelfjoer in stikje

In bakje bij hjit de rubryk.

Altyd bijsûnder, ek dizze kear


Ik hie dit skreaun sûnder oerlis mei de betrokkene

Neidat Diggelfjoer utkaam, haw ik nei har ta west.

Se fûn it prima en hie suver wille bij it idee

dat minsken no begjinne te rieden wa't dat is.

"yn harren fûsk laitsje" neamde se it


maandag 7 juli 2025

Frysman yn LC

De LK ( Ljouwerter Krante) pakt op dizze moandei út

mei in paginafol ferhaal oer de Frysman,

dy't sneon wer holden is op it Reaklif

Of kin ik net better sizze 

der stiet in in ferhaal yn de LK oer Sjirk Bijma en Bries van der Werff?

Der is hast neat mis mei it ferhaal oer dy twa.

illustrearre mei in prachtige foto fan Sjirk.

De  foto fan in fytsende Bries 

past net bij it unike ferhaal oer syn maraton op bleate fuotten


Wat ik mis yn dizze krantereportaazje is

dat der mei gjin wurd sprutsen wurdt 

oer al dy oare dielnimmers.

Want dy dielnimmers hawwe allegear harren eigen ferhaal.

Oer wat sij fielden en ûndergyngen .

De freeslike striid yn it wetter fan it Iselmar

de hurde wyn dy't krekt ferkeard stie

dy aaklike heuveltsjes dy't  je 4 kear opfytse moatte

en 6 kear opdrave.

De hiele dei stride tsjin al dy eleminten,

in iensume striid mei gelokkich oan de kant

geweldige famyljeleden, freonen en ûnbekenden 

dy't je der trochhinne sleepten.


Beste LK, der binne sneon 221 Frysmannen bijkommen

en dat is in melding wurdich yn de krante

Dat er 2 in kertierke te let wiene, dat er ien 75 minuten te let wie mar wol troch giet

en dat de alderlêste dielnimmer hast 18 oeren ûnderweis west hat.

Rom bûten de tiid, mar as iensume draver it folsleine trajekt ôfmeitsje woe

en dan net te hearen: do bist in Frysman.

Dat klopt, hij wie Kris de Belch.......


Beste LK, der is ek in frou 

dy't as earste ûnder de bôge troch komt

dat hie der best wol ynstean kinnen


Der stiet nearne hoefolle der mei diene, 

hoefolle debutanten der wiene.

en hoefolle folk dit op de foet brocht yn dy regio.


Spitich




donderdag 3 juli 2025

Bus parkeare

 

De bussen stiene parkeard bij it Griensintrum bij Wytmarsum 

Op it prachtige fjild fan Mulier gjin parkearde bussen sa't je dat soms sjogge at ferdigenje de boppetoan liket te wêzen 

It wurdt 4-5 foar Almere.

Tip foar ScHearrenfean. Sykje in oare keeper of set dy Bekkema der mar yn. 

Noppert is in drama. 


dinsdag 1 juli 2025

Hoe komt it dûmny.....

Yn 1963 is it dik winter

Wij herinnerje foaral de 11 stêdentocht

 mar de boel wie wiken ûntregele