dinsdag 29 juli 2025
maandag 28 juli 2025
Blokkearkat
In net al te drok strjitsje yn Mullum
mei in opmerklik ferkearsboerd.
Ik haw sa't bliken docht gelok
De kat rint wat om en hâldt kreas links oan
Mar wat at je dêr lâns wolle mei de auto
en de kat bliuwt lizzen....
Wat dan.....
donderdag 24 juli 2025
Fan Jentsjemar oant guozzemar
Woansdei in Wandrerfytsrit.
Sa moat ik úteinlik op 75% fan alle diken yn Fryslân komme
Suderbuorren yn Ljouwert is it doel
Ik pak in nij stikje dyk yn Wurdum, Swichum, Himpens en Goutum mei.
Mar foar Ljouwert kin ik 9 kilometer bijskriuwe
It giet dêr net sa hurd yn dat plan.
Alles dûbel fytse mei al dy dearinnende stikken dyk oan it wetter
Oan Fryske strjitnammen leit it dêr net
woensdag 23 juli 2025
Ruurd
Utgean yn Boalsert
dat die ik yn myn jonge jierren op in oantal plakken
It natte Park fan Bram dêr wiene sneontejûn de bands
lykas Dizzy Man's band, Earth and Fire, Jen Rog en BZN.
Dat wie prima útgean dêr.
In bierke drinke en wat efter de froulju oan.
Sneintejûn seach ik soms efkes yn it Hofje.
Paranoid fan Black Sabbath is dan in hit
en dêr wurdt folop dûnse.
Ruurd Stevens is barkeeper
Efkes in bierke drinke mei in muzykje op de eftergrûn
dêrfoar gean ik letter mear nei it Diekje
Ruurd Stevens is dêr dan de kroechbaas
en dat is in noflike belangstellende fint
Ut syn Hofjetiid tiid komt dit kranteknipsel.
Dat haw ik bewarre
Ruurd Stevens ferstoar ferline wike
en hjoed gyng er lâns in earehaach fan minsken
foar it lêst troch syn stêd Boalsert
zaterdag 19 juli 2025
Aant
In moaie aparte namme
sa hearde ik dizze wike in pear kear
at wij ús melden bij in sliepadres.
"krekt as dy politikus?
Ja krekt as dy NSC-er dy't FNP-er wie
en no wer FNP-er wurdt.
Mar dan sûnder Jelle.
Wim Kan song it earder
Niemand weet, hoe of het wordt:
Negenhonderd miljoen tekort
Het dekkingsplan da's nou akkoord
De stier van Potter is ook aan boord
Waar we heengaan
Aant Jelle sal wel sien
Aant Jelle sal wel sien
Aant Jelle sal wel sien
Bron: https://muzikum.eu/nl/
Aant Jelle en dy FNP sykje it mar út
Ik hâld net sa fan dy lju dy't op syk binne nei in lekkere stoel
De stoel yn Dokkum wie him al gau te min
De stap nei de NSC wie in misstap,
mar dat wol er net tajaan,
de FNP yn de lannelike polityk de nekke omdraaie is in skande
Bij it keatsen wurdt oerrinne bestraft
Twa kear oerrinne dat soe reade wêze moatte
donderdag 17 juli 2025
Us reis
Sa seach ús rûte der út dizze wike
Sliepe yn Dalfsen, Enschede, Duiven, Ingen, Almere en Sondel
Totaal sa'n 540 kilometer fytst
6 kear oernachten bij Vrienden op de fyts
Dat wie wer top.
Moaie plakjes en moaie minsken
Ik bin net fotomakkerich
dus in pear kykjes
![]() |
| dat wie it ek: knus |
![]() |
| Enschede - Lonneker |
![]() |
| Yn Twente de Highway 35, prachtich oanlein |
![]() |
| sliepe op in keamer mei keunst |
![]() |
| Enschede |
![]() |
| Borculo |
![]() |
| Huissen |
![]() |
| de Achterhoek |
![]() |
| Tiel |
![]() |
| op de dyk bij Kesteren |
![]() |
| in pontje kaas automaat bij in fearpont |
![]() |
| fjouwer pontsjes dizze reis |
![]() |
| Nijkerk |
88%
Der binne op dit stuit 342gemeenten
en wij hawwe yn 88% fytst
Noch 54 gemeenten yn Nederlân
dan hawwe wij se allegear trochfytst.
Op Wielervrienden.nl wurdt it moai bijholden
en nei dizze fytsfakânsje fan in wike
sjocht it der sa út
It noarden en easten fan Nederlân is frijwol klear
( yn novimber nei Skylge en Skiermuontseach)
de rest kin troch noch in pear fytswikefakansjes
yn Noard Brabân en Súd Hollân
oplost wurde.
woensdag 16 juli 2025
Gjin hout of dochs wol hout
Almere - Hout is in dielgemeente fan Almere
Wij sliepten dêr in nacht yn ien fan de wiken.
Bijsûnder? Ja
Yn dy wyk gjin houten skuttings
mar beamkes, strewelleguod, hagen en gaas,
Grutte kavels mei in hûs der op
mar omdat der gjin skuttingen binne
liket it wol ien grutte foar of eftertún
Tusken de túnen rinne wol paadsjes
mar dy falle hast net op troch al dat strewelleguod.
Hûnderten fruitbeamkes siere dy buert,
wêr't allinne mar Sweedske wenten stean, op
Net allinne dizze wyk yn Almere Hout hat dit
mar ek ta fan oaren wiken dêr.
Prachtich fyn ik it
zondag 13 juli 2025
Noch 3
Jim ha wol yn de gaten, dat der net folle te dwaan is op dizze bloch.
Dat komt troch ús fytsfakânsje fan in wike.
Der wiene yn de Achterhoek, Twente en it rivierengebied noch 12 gemeenten dyt wij trochkrúze moasten foar dizze útdaging
Dy tolve binne klear.
Wij fytse no wer nei hûs troch trije gemeenten dyt wij noch moatte.
Dan liket it woansdei aardich donkerblauw yn it noardlikste diel fan Nederlân
Groetnis út Engen
woensdag 9 juli 2025
dinsdag 8 juli 2025
Wol in bakje
Alle moannen skriuw ik foar Diggelfjoer in stikje
In bakje bij hjit de rubryk.
Altyd bijsûnder, ek dizze kear
maandag 7 juli 2025
Frysman yn LC
De LK ( Ljouwerter Krante) pakt op dizze moandei út
mei in paginafol ferhaal oer de Frysman,
dy't sneon wer holden is op it Reaklif
Of kin ik net better sizze
der stiet in in ferhaal yn de LK oer Sjirk Bijma en Bries van der Werff?
Der is hast neat mis mei it ferhaal oer dy twa.
illustrearre mei in prachtige foto fan Sjirk.
De foto fan in fytsende Bries
past net bij it unike ferhaal oer syn maraton op bleate fuotten
Wat ik mis yn dizze krantereportaazje is
dat der mei gjin wurd sprutsen wurdt
oer al dy oare dielnimmers.
Want dy dielnimmers hawwe allegear harren eigen ferhaal.
Oer wat sij fielden en ûndergyngen .
De freeslike striid yn it wetter fan it Iselmar
de hurde wyn dy't krekt ferkeard stie
dy aaklike heuveltsjes dy't je 4 kear opfytse moatte
en 6 kear opdrave.
De hiele dei stride tsjin al dy eleminten,
in iensume striid mei gelokkich oan de kant
geweldige famyljeleden, freonen en ûnbekenden
dy't je der trochhinne sleepten.
Beste LK, der binne sneon 221 Frysmannen bijkommen
en dat is in melding wurdich yn de krante
Dat er 2 in kertierke te let wiene, dat er ien 75 minuten te let wie mar wol troch giet
en dat de alderlêste dielnimmer hast 18 oeren ûnderweis west hat.
Rom bûten de tiid, mar as iensume draver it folsleine trajekt ôfmeitsje woe
en dan net te hearen: do bist in Frysman.
Dat klopt, hij wie Kris de Belch.......
Beste LK, der is ek in frou
dy't as earste ûnder de bôge troch komt
dat hie der best wol ynstean kinnen
Der stiet nearne hoefolle der mei diene,
hoefolle debutanten der wiene.
en hoefolle folk dit op de foet brocht yn dy regio.
Spitich
donderdag 3 juli 2025
Bus parkeare
De bussen stiene parkeard bij it Griensintrum bij Wytmarsum
Op it prachtige fjild fan Mulier gjin parkearde bussen sa't je dat soms sjogge at ferdigenje de boppetoan liket te wêzen
It wurdt 4-5 foar Almere.
Tip foar ScHearrenfean. Sykje in oare keeper of set dy Bekkema der mar yn.
Noppert is in drama.
dinsdag 1 juli 2025
zondag 29 juni 2025
Fan hein nei fier
Sa'n wykein is it.
Ik fyts fan hein nei fier
Sneontemoarn NK keatsen yn Snits
in inkel partijtsje sjen,
mear út as yn
bedrôvjend min
Sneontemiddei nei Bolstjurrich
in lekker bandsje heare
wat oare muzyk en strjitteater
Sneintemoarn
3 kilometer drave.
it is foar achten al te waarm foar mij
Sneintemoarn wat letter
nei Itens
1ste klas keatsen
praatsje hjir en in praatsje dêr
dan is it altyd slagge
sneintemiddei wat letter
Formule 1 neat oan
dus nei tsjom
finale sjen haadklasse keatsen
gjin spanning
mar wol in praatsje mei dizze en dy
slagge dus
zaterdag 28 juni 2025
Oerfal op de Grits
Yn 1963 stiet dit yn de krante
vrijdag 27 juni 2025
Bus
Nee froeger wie net alles better
It iepenbier ferfier útklaaid, wurdt der no sein
troch minsken dy't nea mei de bus reizgje
Falt wol ta, seit dizze busreizger
Sjoch mar ris nei de lêste bus.....
Ik kin no om 23.30 út Ljouwert wei
Fan wa bisto ien
It is oars net de tiid om efter de kompu te sitten
mar foar in moai projekt meitsje ik wol tiid
Krekt wer begong mei dit projekt foar de Tiid yn Boalsert
woensdag 25 juni 2025
Jonge
Bin noch wat dwaande mei stikjes yn de kranten oer Wommels
Fanôf it jier 1954 sykje ik dat wat út
Bin no yn 1962
Dêr kom ik boppesteande stikje tsjin
Tilkema wurdt boargemaster yn Oldemarkt
Moaie boel wie dat.
Dy gemeente Oldemarkt berôve mij fan in klasgenoat
Sjoerd Tilkema
Sjoerd en ik wiene de ienige twa jonges
Nei klas 2 giet hij fuort
Ik bliuw allinne oer mei 5 famkes
Pas yn klas 6 (de lêste klas doe)
krij ik wer selsskip fan in jonge.
De herfoarme en grifformeard komme bijelkoar
In hânfol famkes derbij en ien jonge
Jan Joustra
dinsdag 24 juni 2025
Blues
Sa klinkt in bluesband mei
Legend hero
Fannemoarn betiid Iens om,
goed 5 kilometer drave
Bin krekt thús
krij ik in berjochtje
fan Niels Boonstra
de ûnttroande Local Legend
maandag 23 juni 2025
Mei de rêch
Stel je sitte bij it popkoar.
Dan sitte je dêrbij omdat je fan sjongen hâlden
en fan popmuzyk (tink ik dan mar)
Fan it optreden krije je in goed gefoel,
omdat der minsken nei je sitte te harkjen
en sels klappe at je in liet útsongen ha
Sa wie it sneon net op 'Jouwer
Nei it popkoar komt in ferskesjonger
mei gitaar en piano.
Harkerslieten dus.
It koar ferlit it poadium en
kwek, kwek, kwek, kwek, kweeek
dêr giet it los.
Mei de rêch nei de ferskesjonger
en drok mei harren sels.
Doe't it koar nei de lietsjessonger wer mocht
bin ik mar fuortgien.
Sjonglju dy't gjin respekt hawwe foar oare muzikanten
kin om mij.......
zondag 22 juni 2025
Heremaparklive
Ik hie ek nei Butterfly kinnen
dy spilen harren ding op de Terp.
Ik kombinear fytsen en muzyk
Op 'e Jouwer is muzyk yn it park
Dêr fyts ik hinne
Frank Blueka is der ek en dat is ien fan myn favorite sjongers
Mei syn djippe soms hege stim spilet hij alles.
Fan Tom Waitts oan Radiohead en fan Pink Floyd oan t Pearl Jam
Hij treedt trije kear bij de stoepe fan it gemeentehûs.
Ik sit bij alle trije de optredens en dat foldocht skoan
Tusken troch sjoch ik fanôf de bult under de beammen
bij it tribute poadium en it talintpoadium
Loe, relekste muzyk en moai om nei te harkjen
Dan and the Middle Man, pittich en enrsjyk sels yn de waarmte
Crimping Iron, prima muzyk mei in moai ferskaat.
Jûns ek noch in moai programma mei Beatle Session en Seewolf
mar dan fyts ik wer nei Wommels
wêr't de Butterflys al fuortflein ninne
mar it feest noch net hielendal dien is
![]() |
| Middeis om trije oere frijwol gjin minsken yn de oune..... |
donderdag 19 juni 2025
woensdag 18 juni 2025
In ynkopper
Hij is wer perfekt
dy nije hjearring
neffens it Fiskburo
sa lês ik yn de krante
Krekt as ferline jier
it jier dêrfoar
it jier dêrfoar
it jier dêrfoar
it jier dêrfoar
it jier dêrfoar
it jier dêrfoar
it jier dêrfoar
it jier dêrfoar
snsafuorthinne
Fûgels
Hoe faak fyts ik wol net nei Kûbaard?
Dy "Vale gier"
Hoe grut hie de kâns west dat ik dy fûgel sjoen hie?
Hoe grut hie de kâns west dat ik mij bewust west hie
at sij dêr sitten hiene yn dat lân tusken Wommels en Kûbaard
dat ik oeremis west hie.?
Ik fyts alle wqiken wol in pear kear nei Kûbaard
as antwurd op de earste fraach.
Op dy oare twa fragen is it antwurd 0%
Sa hat elts syn ding
Ik fytste fannemoarn betiid oer Skrok.
Doe koe ik net ynhelje.
Wat fan fûgel dit is, gjin idee
mar hij kin wol hurd drave
en hat in hekel oan lang gers sa te sjen
maandag 16 juni 2025
De Gielguorde
Famyljewykein
foar de 22 ste kear, it earste wykein nei Pinkster
op in kamping earne yn Fryslân of neiste omjouwing.
Begong mei in man as 30,
ûnderwilens koimme der sa'n 70 oant 80
fan âld oant jong
Wij sitte no yn Bantegea.
op kamping Bolderik en dat foldocht geweldich.
Gjin programma, mar gewoan dwaan wat je dwaan wolle.
Der is in nichtje fan 7
dy't op in skoalle sit yn Mantgum.
"Hoe hjit dy skoalle" freget har omke út Wommels
"De Gielguorde", seit se gelyk
"En wat betsjut dat wurd", freget dy omke troch
"Dat wit ik net', seit se
"Miskien wit jim mem it wol" tipt dy Wommelser har.
Mem wit it net, beppe en pake ek net.
Oare omkes en muoikes en neven en nichten,
alle 70 moatte se it antwurd skuldich bliuwe.
"In bist, in fûgel ?
Wij hawwe der suver wille om
wylst it net bêst is dizze ûnkunde
Ik fertel wat it betsjut en jou oan
dat der yn Fryslân earder noch twa skoallen dy namme hiene.
In dei letter is dy Wommelser yn oar selskip
en kin hij it net litte om ek dêr de fraach te stellen.
Gelearde gesichten, djippe tearen mar
helaas, gjin goed andert.
Ik tink dat se it net wer ferjitte
De Gielguorde is in plak yn it hea
wêr't boeren harren apels rypje lieten.
In symboalyske betsjutting foar de skoalle dus
donderdag 12 juni 2025
Smoarch
Toetsebuorden binne de grutste smoargensnêsten dy't je betinke kinne
lêsde ik in kear.
It klopt....
Dit is net samar in toetsebûrd
dat yn ien of oare goare kringloopwinkel leit
Dit is myn toetsebûrd.
Bij de nije kompjûter, heart in skjin toetsenbûrd.
Dus , de letters der ôf en de túchslobber der op.
dinsdag 10 juni 2025
Topprestaasje
Mei respekt sjoch ik moandeitejûn
Jellie wer oer de finisj kommen yn Boalsert
26 kear neffens de boeken
32 kear yn it echt
Ik moat der net oan tinke om dit te dwaan
mei safolle minsken op de dyk.
Boppedat is safolle kilometers mij fierst te folle
om ek noch te genietsjen
De lêste tocht is noch net oankundige
Op nei 2026....


























.jpg)




.jpg)
.jpg)

.jpg)




.jpg)









