dinsdag 8 maart 2022

Klokkehuzen yn Fryslân (3) - Jannum

Moandeitemoarn 10 oere

Temperatuer 1 graad boppe nul

it fielt as 1 graad ûnder nul

It is hjoed wer klokkehuzendei.

Op de fyts nei Jannum,

in skytdoarpke tichtbij de Ie 

tusken Burdaard en Dokkum.

Wat in bijsûnder plakje, bysûnder tsjerkje en

bijsûnder klokkehúske.

Hingjend oan de tsjerke.

De tsjerke is in museum, dat helaas ticht is.

Wij sjogge rûnom en dogge in slach op it tsjerkhôf.

Op dizze moaie wepside kinne jim alles lêze 

oer dit pronkje yn it lânskip dêr










Yn Ferwert hawwe wij ús in bytsje opwaarme

en nei in slach troch de Bildthoeke 

binne wij nei 98 kilometer wer thús

en kin ik nûmer 3 ôfstreepje






zondag 6 maart 2022

Oanfiterje

 Ik stean de lêste tiden mei kromme teannen te sjen

bij wedstriden fan SDS 1.

Net omdat it min is, 

net omdat der net skoard wurdt

net omdat de rissultaten ôffalle.

Nee, dy kromme teannen

komme fan argewaasje oer it geskel.

It skellen yn it fjild nei elkoar

dat al yn de earste minuten gelyk begjint

Skelle as kultuer binnen SDS 1.

Net oanfiterje, mar skelle en útskelle

Ik stean altiten al sa fier mooglik bij de bank wei

omdat it dêr al jierren weikomt.

Dat it fanôf de kant korrisjearre wurdt

ferwachtsje ik dan ek net.

Bin bliid dat ik faak ek nei oare klups gean

en it dêr net sa is.

Lit ús mar sizze dat dit in ferbetterpuntsje is.....



woensdag 2 maart 2022

Klokkehuzen yn Fryslân (2) Hartwert

 Nei Hinnaard no nei Hartwert 

op myn klokkehuzen en klokkestuollen tocht troch Fryslân

It is in aardichheid om dêr efkes om te spanen

en ik trof it.

Teake Kooistra helle de kaai fan hûs 

fertelde it ien en oar en ik koe ek binnen sjen





























dinsdag 1 maart 2022

Russysk aai

It is wat, dêr yn Oekraine.

Koroana is der neat bij.

Oarloch, der is neat te ûntkennen

sels net foar Willem E.

Elkenien wol wat dwaan 

om dy Russen in hak te setten

en de Oekrainers te stypjen.

Regearingslieders en sportbobo's 

sij litte fan harren heare mei stevige maatregelen.

Ynstânsjes en gewoane boargers

helpe mei guod en opfang.

It karnaval giet troch

en oan dy lju giet de oarloch 

in oantal dagen hielendal foarbij.

Miskien hawwe sij ek neitocht wat it helpe soe 

at se net in karnavalspak oandwaan soene

en net trije dagen it bier ryklik rynsk floeie litte soene.

It helpt echt net at se thúsbliuwe

it is in gefoel

Om dy reden haw ik mij sneon ek gewoan "drok" makke bij it fuotbal

en snein hearlik muzikaal ouwehoert bij de blues yn Easterein.

Ik kin sa gau mar ien ding betinke as die 

tsjin Poetin en Ruslân

Bepaalde slaatsjes net mear ite



dinsdag 22 februari 2022

Grinsoerdraavjend gedrach

 

Der binne in oantal reden om hjoed te draven

Yn it earste plak, fannemoarn betiid soe it net folle waaie

en dat komt mij goed út

twadde reden, ik hie Strava ta sein dat ik yn febrwaris

ien kear 10 kilometer drave soe

en beloftes moat je neikomme

Dus hjoed Spannum om

foar de earste kear 10 kilometer op de teller.

1 oere en 20 minuten......

Ik sis jim ta dat it yn maart flugger wurde sil,

want ik kin it parkoers no


Stimme

Oer in pear wiken meie wij wer stimme

De kandidaatgemeenteriedsleden hawwe it der mar wer drok mei

Yn gjin waar en wyn besykje se de de stimmen te winnen.

De kommende wiken komme wij wer thús mei struibledtsjes

of fine wij dy yn de brievenbus.

De earste fan in rjochtse wappie/flappiepartij leit al yn de kontêner.

De stimwizer haw ik dêr noch wat oan

betocht ik mij hjoed.

Sa te sjen wol.

Lannelik stim ik meast PvdA

en lokaal altyd FNP.

Ik sjoch dat it ek no wer ferantwurde is 




Waarmantsje

Wommels hat al hiel lang in waarman.

Hij hâldt alles per dei bij yn in skrift

en hat al skriften fol

Ien kear yn de moanne sjogge wij de sifers

fan de ôfrûne moanne yn Diggelfjoer

Oan de ein fan it jier eaget hij it jier oer.

Rients Smit 

sa hjit is dizze Wommelser waarman.

Sûnt juster hat hij konkurrinsje

It aktuele waar yn Wommels 

stiet no ek op twitter.

Alle oeren wer in nije aktuele sitewaasje

fan it Wommelser waarmantsje,

earne yn de buert fan de brêge.

Hij docht it mei in kompjoeter

en hat er sa gjin omsjen nei.

Der komt gjin skrift oan te pas

Hartstikke leuk, 

mar folge op twitter is mij in brêge te fier

Ik hoech net alle oeren in waarberjocht,

trije kear per dei is mij faak genôch


zaterdag 19 februari 2022

Hast jier op jier

 

 "Fan wa bisto ien"jout wer in moai ynsjoch 

yn de húshâldings fan  omstreeks 1860.

Dizze famylje docht it mei 10 bern.

Berne yn 11 jier.

Hast ien op ien.

Yn 1869 wiene der helaas al 3 bern stoarn

vrijdag 18 februari 2022

Hert

 


Selden sa'n belachlike omskriuwing sjoen.

It komt fan de hertstifting.

Skooie om jild.

At it grappich bedoeld is wit ik net.

ik fyn it yn alle gefallen net grappich.

Wat se bij de hertstifting miskien wol net grappich fine

is dat dizze brief net fierder kommen is as de papierkontêner

Net iepen makke.

Alles wat ik fierder noch krij fan harren

smyt ik mei hert en syl yn dy selde kontêner.





donderdag 17 februari 2022

Stoarm


 

Yndie

 Alles út it ferline wurdt opgroeven.

No is Yndie al wer oan bar.

Us heit libbet net mear.

Dat is mar goed ek

Wer in rapport, wer in diskúsje, wer in feroardieling.

Ik haw him der nea oer heard.

Net oer de minne 

mar ek net oer de moaie dingen.

It is sa't it is.






zondag 13 februari 2022

De sinne

 In moaie sinneopkomst sneintemoarn

ik rin Iens om







de sinne skynt op dizze iere moarn op ien grêfstien 



Hiel opmerklik. Op dy fan myn âlders 

'Door den dood ontruimd'

Ik sit wer yn âlde akten.
Dizze kear adressenkaarten.
De kaarten dy't ik doch binne fan Peinjum
Dan kom je soms opmerklike dingen tsjin
Sa as dizze


De kaart jout oan dat op dit adres
in weduwe mei har twa soannen wennet.
Janke Hieminga en Rinse Jan en Jan Jans Kuipers
Sij is fan 1802 en de jonges fan 1822 en 1836

Der stiet in streep troch.
Dat betsjut dat se stoarn binne
op it momint dat dit adres beskreaun is.

 De jongste soan ferstjêrt 31 maaie 1862, 25 jier
De oare soan ferstjêrt 16 juny 1862, 39 jier âld
Mem ferstjêrt 1 july 1862. 60 jier âld

Opmerklik,
alle trije dea yn in moanne tiid!

Yn de Ljouwerter Krantee fan doe sykje ik
en fyn dizze twa oankundigingen
oer in ferkeap en boelguod 

De oankundiging is al rûn 20 juny,
noch foarat de frou ferstoarn is

It kin net misse dat dizze famylje Kuipers
kûpers wiene troch wat yn de adfertinsje stiet

"door den dood ontruimd"
"ten sterfhuize van de weduwe Kuipers"


Bliuwt de fraach, wêr't ik gjin antwurd op haw

wat is it efterlizzende ferhaal.......

woensdag 9 februari 2022

De himel

 


De skriuwster fan dizze twiit en har man hawwe in jonkje ferlern.

Harren Berend wie 4 en ferstoar oan kanker.

In drama, dat wij as twitterfolgers fan har, meibelibbe ha.

Miskien kin ik better sizze

"dat hawwe wij ek mei ûndergien"

Nienke sit noch yn de rou oer de dea fan har Berend.

Dat dielt sij en alle kearen fiel ik har fertriet

Sij twittere oer de himel of it mearfâld dêr fan.

Dat die mij tinken oan in foarfal yn in tiid 

dat ik noch wol nei in tsjerke gong

en dêrnei net mear.

Ik haw har skreaun 

en wij hawwe ús erfarings efkes útwiksele

Twitter, at je it goed brûke is it sa moai....


dinsdag 8 februari 2022

Fan wa bisto ien


 Fan wa bisto ien,

dat is projekt fan "de Tiid"yn Boalsert

Sa'n 86000 skans moatte digitalisearre wurde.

Dat kinne je thús dwaan

Ik hâld wol fan sokke projekjes

Haw mij gelyk ynskreaun

en haw al 10 skans adressen yn Peinjum ôfwurke


zondag 6 februari 2022

Wetter

 Genôch wetter snein.

Der binne guon dy fine dat net slim

dy dogge de learzens oan, pakke de fyts

en gean Skrok om....mei

pake en beppe




At de hynders dit no in goed plak fine

dat wit ik net.......



Wij sjogge de earste katsjes útkommen

en de earste maarteblomkes komme ek al op




Moai sein

 


Dy Dalai Lama kin it moai opsizze

zaterdag 5 februari 2022

Strjitnammen

Der is in alderaardichst twitterakkount oer strjitnammen.

mei regelmaat komme der aardige berjochten foar,

hoe't strjinammen ûntstien binne mei in útlis

Dizze wike in aardich oersicht 

hokker namme it meast foar komt yn in provinsje


Foar de aardichheid dy fan Fryslân en Grins mar efkes neist elkoarsetten.

Yn Wommels hawwe wij sokke nammen net

vrijdag 4 februari 2022

Kreatyf

 Adfertinsjes dy't lêze je net, dy sjogge je of krekt net.

Soms falle se op en dan lês ik se.

De LC lês ik digitaal. 

Dan sjoch ik de adfertinsjes frijwol net.

It Ad lês ik fan papier

en falt der wolris ien op

Sa as dizze.

Stie moandei yn it AD.

betocht troch Amnesty International.

Kreatyf fyn ik soks



donderdag 3 februari 2022

Wat is soks?

Yndekke, foar at er wat oan de hân is?

Ik lêsde in boekje troch fan in fyts.

At ik alles leau, wat der skrean wurdt, 

dan moat ik dit oan de fyts hingje

en foardat ik op wei gean

kontroleare, kontroleare, kontroleare

Dat wurdt moarns betiid opstean 

of hiele koarte ritten



dinsdag 1 februari 2022

Werom yn de tiid

Wannear dit krekt wie wit ik sa net mear.

It stik is skreaun omdat wij yn Wommels kabeltillefysje krigen

en wêrtroch it oantal stjoerder flink útwreide waard.

Ik gie efkes mei myn fantasij op de rin

en makke dit stikje foar Diggelfjoer



Ik soe dat no net mear kinne.

Nei al dy jank- en seurprogramma's sjen

doch ik al jierren net mear.

Is der wat leuks, dan hear ik dat wol

en sjoch ik it letter.