Ik haw wer wat stikjes bijelkoar socht
út kranten fan 1955
It jout in byld fan dy tiid,
wat doe wichtich genôch wie
om yn de krante te setten
De sport
- In damwedstriid mei sels twa Wommelsers yn de prizen
- Der wie in skaakklup yn Wommels. Vormelius wint fan Franeker
- Thomas Twerda wie in prima reedrider. Hij ride neffens dit stikje de "elf en dertigtocht". 494 kilometer yn 6 dagen. Dat liket mij op syn 11 en tritichst en dat betsjut langsum
Yn 1948 wie der gjin offisjele 11 stêden tocht It soe gean kinne om in tocht lâns11 steden en 30 gritenijen. Ik kin der noch neat oer fine. - De Freulepartij fan 1955 wie prachtich mar in ûnbefredigjend slot kinne wij lêze yn de krante. Der waard keatst op ien fjild en it waard wat let dy dei.....
- Ringriderij op de dyk tusken Wommels en Easterein
- Wynbukssjitte kin ik mei wat ûnfatsoen ek in sport neame
- Jongepartij mei in fjirde priis foar Wommels "en het meisje Gerbens"
- J, Dijkstra wint mei "Zebertje"
- De hurdfytswedstriid "Ronde van Nederland" gie ek troch Wommels
Geen opmerkingen:
Een reactie posten