en dat fynt allegear plak op in brink.
In brink dat is in terp yn Drinte
en de brink dy't ik bedoel
leit yn Annen
in plakje tusken Grins en Emmen
op dy brink,
dy't folle grutter is as ús Terp yn Wommels
is rock.
Rock op brink dus
Net allinne rock op de brink
mar ek de auto's op de brink
alles ticht bijelkoar
sa grut is dy terp....
brink moat ik sizze
It seach der allegear goed út
binnen de stekken
it eaget rom at wij komme
it is ek noch rom at wij fuortgean
Yn dy tuskentiid
5 bands sjoen en heard
Paceshifters, earder sjoen yn Rotterdam en it wie wer goed
Miseries, earder sjoen yn Ljouwert en Tim Knol en maten hiene wat mear fariaasje yn it repertoare
Bintangs, earder sjoen yn ......
te faak en te folle om op te nimmen
doe wie der foaral ferbazing
net bij mij
mar bij oaren
"jeetje, wat goed nog....
"jeetje, wat is dit ferrassend.....
"jeetje, wat in rock.....
eilaas moasten wij it mei dwaan
mei trije kertier
The Afterpartees, earder twa kear sjoen yn Ljouwert
en it is in hearlik lûd
en lûd....
Op 12 april yn Wommels op Greidhoek
wat kin dat in feest wurde
mei dizze jonge hûnen
It Greidhoekaffysje noch efkes oerlange
oan de drummer
want
dy hat in burd
En doe begong myn ferbazing
Vanderbuyst op it podium
en ynienen wie it stampfol foaroan
rigen dik mei "hurde rokkers"
it wie of hiene se hjir de hiel middei op wachte
binnen en bûten it stek
it waard in prachtich ôfskiedskonsert
fan Vanderbuyst
5 bands
it wie genôch foar ús,
John Coffey letter mar wer in kear sjen
In prima lokaasje,
in geweldige line up
en in noflike sfear
dêr yn Annen
se hiene wat mear besikers fertsjinne
en alle gefallen wat earder
rjocht foaroan bij de Bintangs.....mei pet op (foto fan snútboek RoB) |
wij binne it der mij iens Bob (Greidhoekfestival) is krekt efkes oars.... |
Geen opmerkingen:
Een reactie posten