zondag 26 oktober 2025

Utfanhûs

 "ik wol bij pake burd sliepe" seit Syb freedtemoarn at hij fan bêd komt.

Hij is trije en nea earder sliepte hij allinne bij ús

Altyd mei syn sus Brecht.

It past ús freedtejûn wol en wij fine it machtich.

Syn neef Nyck komt middeis fuort lâns 

want dat fynt hij ek leuk at Syb der is

Wij gean nei de byb, wij dogge wat spultsjes

en dan is it tiid om te tsjillen

Foar Syb de TV oan mei Paw Patrol

Nyck mei in spultsje dwaan op de tablet

en pake dy sjocht it allegear mei genoegen oan

en makket in foto




Fajtfest Fryslân

 Ik  kin kieze sneon

Oktoberfest yn de kantine fan SDS of

Fajtfest Fryslân yn Neushoorn of

hurde muzyk op de kade fan Harns


De Dútske schlagers, lange tafels en it protte bier falt ôf.

Muzyk yn Harns is prima, mar de iene nei de oare band falt  út

en mei iepenbier ferfier reizgje nei Harns is lestiger

as reizgje nei Ljouwert 

wêr't yn Neushoorn ek in jûntsje hurde muzyk is

Moai op tiid der hinne en moai op tiid werom

Fjouwer bands sjoen en dat wie hearlik

Deafened to Death, Lies!, Hopes en Hometown Crew

Hopes dêr moatte jim it meidwaan yn dit klipke fan Joetjoep







vrijdag 24 oktober 2025

Lytse bear

 


De befestiging

Aant docht mei oan de lytse bearenloap op Skylge

10 kilometer op sneon 1 novimber

It is net in oare Aant

Myn earste 10 yn wedstriidferbân

Ik nim it serieus

Gean der 5 dagen earder hinne

Wenne oan de lucht, oan de wyn, oan de paden


donderdag 23 oktober 2025

straf

Ik sit wer wat yn stambeamûndersyk

Lolle Gatses is in namme dy't earne fier fuort 

yn de stambeam opdûkt.

Sa te sjen mocht hij in kear net nei in Nachtmiel

want sa te sjen strafte de tsjerke 



Ek syn tsjinstanner op de kermis yn Wytmarsum

krige deselde straf






Net nei it Nachtmiel, dat erfaarde ik earder as in beleaning......

In 'mûne"

 


Gjin idee hoe't je sa'n ding neame.

Is it in wynmûne sûnder wjukken?

Wat kinne je der mei en levert it op?

Sjoen yn de buert fan Koudum

woensdag 22 oktober 2025

Weakens

 Sels in ienfâldich boerd op de romte, 

djip yn de berm,

tusken de Laekwerterwei en de Weakenserbrêge

is net mear feilich 

foar in te brede trekker

mei in te breed apparaat der efter

Weakens is oanriden

Weakens is oanslein





Taal

Lêze is in hobby fan mij

Je komme sokke moaie dingen tsjin

Taal is nijsgjirrich

Taal is moaier as foto's

Ik soe wol mei in krante takinne mei minder foto's

Of gjin foto's

In krante sûnder moaie taal of wurden is ûnbesteanber.


'Kladdekoer' lês ik yn in boek. Prachtich, dat gean ik brûken

Op de radio hiene se it oer de

'Mobiele kattenkastratiebus' 

ik lis yn in deuk










vrijdag 17 oktober 2025

E-bike hater

It is freedtemoarn 

Ik fyts oer Skrok nei Hinnaard

Healwei Skrok sil ik in man foarbij fytse

At ik hast neist him bin, seit er

'Ik hearde jo al oankommen'

Mei sa'n opmerking stean myn earen op skerp 

en myn hier yn de nekke giet rjocht oerein stean.

Ik sil troch fytse sûnder wat te sizzen mar nee....

'Jo earen binne noch goed'", sis ik

'Dêr giet it net om, dit is in echte fyts' jout menear oan

' Dat is moai mar wat wolle jo dêr meisizze'

'Gewoan fytse is better' wit menear de wiisneus te melden 

'Ha jo ek in auto, freegje ik him'

'Ja dy haw ik, at it wat minder waar is, brûk ik dy'

'Ja krekt',  sis ik dan. 'ik riid gjin auto, ek net at it waar wat minder is.

'At it waar wat minder is, sit ik ek op myn e-bike 

en dan sitte jo fêst yn in stjonkauto, is't net sa?'

De earen wiene dochs net supergoed of Eastyndysk, 

hij hie gjin werwurd mar hij begong oer de leeftyd

"Minsken yn de 60 en jonger hoege gjin E-bike',

wie syn nije argumint

"Ik bin 70 west', ferdidigje ik mij ek noch.

Hij sjocht mij oan, of wol der sizze, dat liichst

en foardat der wer in argumint betinkt

set ik myn E-bike yn de turbo.

100 meter fierder hear ik him noch praten en roppen....

donderdag 16 oktober 2025

Kieze

 


It is hjerst

wij binne op it Bildt

it lân is griis

it waait hurd

de loft is driigjend


wij stean op in krúspunt

kieze

'houten urnen' of 'uitvaartkisten'


Wij gean rjochtôf




Net dit dan dat

Claw Boys Claw haw yn de planning foar sneon

In lêste optreden hjir yn de buert

Spitich, dat ik dan net nei Blackboxred kin,

tink ik at it programma fan DeBeatirks bekend is


En dan komt tongersdei dat berjocht


 

Dus gelyk nei de mailboks foar it berjocht oer BlackboxRed yn DeBeatriks

Hoera, noch net fol dus......







woensdag 15 oktober 2025

De polder

 Ik haw nea echt neitocht

hoe't de minsken yn de jierren 50 yn de polder terjochte komme.

Sa tusken neus en lippen wol ris wat heard 

mar gjin goed byld

Ik haw it boek fan Eva Vriend thús 

en lês dat mei in protte ynteresse


Wat in proses hat dat west.

It Ryk dat alles bepaalde dêr.

Hoe't it der útkomt te sjen

hokker minsken der wenje meie

en de ynrjochting fan de doarpen



zondag 12 oktober 2025

Wij binne sneintemiddei

bij in prachtich konsert fan Syb van der Ploeg en Maarten Peters 

Plak fan barren is de Filmtsjerke yn Aldeholtwâlde. 

Sij dogge it repertoire fan Simon en Garfunkel. 

Moaie stimmen en muzyk, 

nijsgjirrige ferhalen en in sfearfolle lokaasje.

Wij seagen dit foar de twadde kear en it wie wer geweldich






Slachterin

Pakesizzer Nyck en ik sille meidwaan oan de Slachterin. 

5 kilometer is it doel 

want dy ôfstân is foar in jonkje fan 7 lang genôch 

en foar in pake fan 71 soms te lang. 

Wij hawwe in taktysk plan. 

Sa'n trije kilometer wat lykop drave 

en dan soe Nyck mei syn enerzjy foar syn eigen kânsen gean kinne. 

It plan doocht, de útfiering net. 

Nei 100 meter fanôf de start draaf ik allinne e

n sjoch yn de fierte it griene sjurt earst noch wol,

mar al gau net mear. 

Wat in toptiid, in moaie medalje om (hij is 2de fan de kategory ûnder de 40) 

en dan minuten lang wachtsje op pake. 

Mar dy is ek dik tefreden mei syn tiid. 

Underweis wetter krigen fan Brecht en op de meet Samme, Nyck en Brecht as supporter. 

Fan de jongste pakesizzer Syb (3) de ynspirearjende fraach.

 'pake, waarom ga je zo langzaam'. 

Dêr haw ik gjin antwurd op. 

Foto's fan Jellie Holtrop en Samme Hofstra

Wat in dei sa'n draverij


Wachtsje op it startsinjaal



Nyck as earste op Littenserbuorren



Brecht jout wetter oan wylst op de Slachte.....




wylst Nyck al hast mei syn medalje om siet 


Myn fanklup stiet op de meet

 









woensdag 8 oktober 2025

Imke Klaver

 


Op in moaie dei yn septimber fytse wei efter Hearrenfean

en komme telâne op it Imke Klaverpaad

In fytspaad fan sa'n 3 kilometer

Imke Klaver seit mij neat

dus sykje ik it thús op




Tafallich, echt tafallich praat ik mei Lút Zijlstra

oer in bepaald boek en hij jou oan dat hij in moai boeke hat oer

Imke Klaver

In boeiend boek oer hurd wurkje begjin 1900.

De arbeiders dy't alles oanpakten om mar bôle op de plank te krijen.





zondag 5 oktober 2025

Hurddrave

Sneon wie de Kûbaarder hurdrindei

In stoarmeftige hurde wyn.

Dat is net de reden dat ik net meidoch.

De 5-kilometer is in op-en del baan

en dat liket mij psygologysk net goed ta 

om as trage draver elkenien tsjin te kommen.

Nyck en Samme dogge wol mei.

Sij wurde earste en twadde op de kilometer.

Sneon sil ik yn Wommels mei Nyck de 5 kilometer drave.

Alteast wij starte tagelyk mar ik frees dat ik him dêrnei net mear sjoch

Syn earste 5 kilometerrin yn wedstriidfoarm en myn twadde 





Ansichtkaart

Sa't jim witte haw ik in iensidige korresponsinsje

mei in âld- Wommelser dy't no yn Manchester wennet.

Iensidich omdat hij mij regelmjittich kaarten stjoert

mei moaie printen.

Koartlyn skille hij  hij mij en joech oan dathij yn Nederlân wie

Hij wol graach efkes mei jim yn de kunde komme

Sa sit hij dyselde middei bij ús oan de tee,

mei in famyljelid

Hij woe syn famylje syn bertedoarp sjen litte

en lit merkbite dat hij noch hiel wat fan it âlde Wommels wit

en de aktualiteit fan no folget.

Hiel bijsûnder dat wij sa efkes tsjinoer elkoar sitte

en elkoar yn de eagen sjen kinne

It lit him riede, mar ik krige dizze wike wer in moaie kaart

fan in doarp dat mij tige nei stiet



Yn Hichtum binne in soad oare bewenners, 

sûnt wij dêr wennen oan 1982.

Mar yn dit wyte húske oab de feart 

wenje Jan en Griet Kooistra noch wol altiten

Wij hawwe lêsten noch efkes bijpraten

Meindert

2032 dagen hasto libbe.

Dy earste dagen fan dyn libben 

wiene tagelyk de lêste dagen fan dyn libben.

Do wiest in "lief zorgenkind" sa stiet der yn de adfertinsje 

fan begjin maaie 1961.

De rou-adfertinsje...

Wat dy soarch spesifyk west ha, wit ik net.

Oer de dea en de deaden waard net tefolle praten. 

Seker net mei bruorren fan 6 en 8 jier.

Stil, swije, dat is better, 

miskien giet dat aaklike gefoel fan gemis dan oer.

Dat aaklike gefoel is nea oer gien yn ús húshâlding.

It hat in stimpel drukt, 

it hat syn spoaren efter litten

Wie der in skuldgefoel bij myn âlders, 

omdat se net goed op him past hiene?

Wie it wol ferstannich 

om ien dei nei de ferhuzing fan de Hofkamp nei de Molewâl 

in jonkje fan 5 jier op syn autoped boartsje te litten 

flak bij de grutte feart?

Of hawwe se wylst se drok mei it útpakken dwaande wiene

 tsjin mij (6 jier) of myn broer (8 jier) sein: 

let jim wat op Meindert

Wij hawwe it der nea oer hân, 

want ja stil en swije dat wie better.

Op 5 oktober 2025 hiesto 70 jier wurden.

Op dy dei is it 23541 dagen lyn datsto ferdronkst yn de Boalserter Trekfeart.

23541 dagen dy't ik wol libbe hast en do net. 

Ik kin der betiden net bij.

Wat hie der fan dy wurden, 

wat hasto allegear mist, 

dat binne fan dy fragen dêr't ik gjin antwurd op krij.

Hiesto fuotballe en keatst 

of wiesto mear fan it fiskjen en aaisykjen?

Hiest in boekewjirm wurden 

of in handige Harry. Of beide?

It útgean, wille meitsje, efter de froulju oan, 

reizgje, in gesin stichte do bist der net oan ta kommen


Sa no en dan sjoch ik bij dyn stien op it tsjerkhôf yn Wommels.

Nea haw ik oan dyn jierdei tocht.

Ik moast sels opsykje wat dyn bertedatum wie.

Dit jier fier ik dyn 70ste jierdei 

ek al hast al 65 kear dyn jierdei net fiere kinnen

woensdag 1 oktober 2025

Werom sjen

Foar Diggelfjoer op paad foar in nije rubryk

Weromblik mei in eardere pleatslike ûndernimmer.

As earste like Nanne Stienstra, 

de eardere garaazjehâlder mij wol wat.mij wol wat.

It stikje yn Diggelfjoer kinne jim hjir ûnder ek lêze

Myn romte is (helaas) beheind ta ien side, 

wylst der wol trije siden fuld wurde kinne.

In inkel stikje oer it weromsjen mei Nanne en Doet,

dat net yn Diggelfjoer stiet,  stiet hjir ûnder

1.

Op de fraach wannear de elektroanika syn yntrede docht seit Nanne:

Tjalling Reitsma, de slachter, is de earste 

dy't in auto hat dy't ik yn ûnderhâld krij mei elektroanika 

It is in Ford Sierra, dy sjocht der sa út

It sil dus yn of nei 1982 west ha

2.

Benzine op de bon.

Yn 1973 is de benzine in skoftke op de bon,

fanwege spul yn it Midden Easten

Dat betsjutte foar pomphâlder Stienstra ek in gedoch.

At er wer safolle bonnen binnen krigen hat

moat hij se bij it belestingkantoar yn Harns ynleverje

en dêrnei komt der wer in tankwein lâns.

3.

De foto yn Diggelfjoer is fan 1981,

at djipriolearing oanlein wurdt.

"Dat hat flink jild koste", seit Nanne Stienstra no

4.

"De koplampen doge net" seit Nanne oer him sels.

Hij bliuwt yn autotaal sprekken at hij bedoelt

dat syn eagen bliuwend minder wurde

5.

De branwarauto is yn ûnderhâld bij Stienstra.

At it sa fier is foar in beurt

is der in spesifike reperaasje nedich.

Dat moat lykwols yn Snits dien wurde bij de spesjalist.

Yn oerlis mei gemeente bart dat, 

sadat yn gefal fan in brân in oar korps helpe kin.

Dy nacht giet it alarm ôf.

"Bliksikater brân, hoe moatte wij dat no ha", tinkt Nanne gelyk

Hij springt yn syn VW bus en riidt nei de brânwachtgaraazje

wêr't ferbaasde kollega brânwachtmannen harren ôffreegje wêr't de auto is.

Der stiet noch in los karke mei wat slangen

dy hawwe se efter de VW bus koppele

en op nei de brân.

bij Anne Lanting op de Slachte stiet wat heaguod bûten yn de brân

en wurdt blust troch de ymprovisaasje brânwacht

6

Bij reperaasjes giet de eigen middenstân foar.

At bijgelyks Ruiter syn SRV karre stikken is,

soarget Nanne der foar dat dy earst klear makke waard 

al is it trochwurkjen oant nachts twa oere ta

7

Nanne is earst feint bij Douma..

Doe't hij it oernommen hat, hat ek hij altyd in feint yn tsjinst hân.

Wol ferskillende.

8.

Op de Facebook side fan Wommels troch de tiid stiet de ûndersteande  foto.

Auto's dy't oan de Terp stean mar bij de garaazje heare


It stikje yn Diggelfjoer