maandag 29 juli 2024

Op ûntdekkingsreis mei Samme

 Arriva hat in moaie aksje

en ik sil noch in dei mei Samme op paad.

Dy twa dingen kombineare wij mei in reis op in waarme moandei

Foar sânen rinne wij fan Wommels east nei Wommels west

Dêr begjint it.

Wij hawwe nimmen ferteld wat wij hjoed dwaan geane

Bus, trein, trein, boat, treintsje ......

en sa  stean wij hast fjouwer oeren letter 

op de boelevaar fan it Dútske eilân Borkum..

In moaie ûntdekkinsgreis, 

mei ynsjekke, sykje, oerstappe, útsjekke,

plakje sykje, tiid yn de gaten hâlde, ensf....

Wij sjogge in moai lânskip oan ús foarbij riden

en der is fan alles te freegjen en te fertellen.

Wij binne beide noch nea op Borkum west

en dat is wol sa moai om it te ûntdekken.

Dêr komt de earste bus oan.

it peerd fan ome Loeks  is net te missen yn Grins

sels ynsjekke

4 kear Winsum hjoed

net ien wist wêr't wij hinne soene, mei dizze foto waard it dúdlik

sa'n kalme see

Op Borkum wurde je mei in treintsje fan haven nei doarp brocht

De fjoertoer fan Borkum mei beklommen wurde.


In blik op it strân wie foar Samme genôch.
Dêr wie ik bliid mei, ik hâld net fan sân en strân.

Werom op de boat hiene wij it dek foar ús sels.

in parkearterrein op Eemshaven mei allinne mar Dútske kentekens


Je hoege net altyd te praten.
Samme mei graach lêze en hie de e-reader mei
mei Harry Potter der op.
Ik die it gewoan mei in boek........
want ik wist net dat hij al in E-reader hie 
en woe him net de eagen útstekke
 omdat ik wist dat hij graach in e-reader hawwe woe





zondag 28 juli 2024

Wykein

 
Sneintemoarn it trekpaad om.

Ik stean stil bij ien fan de fersen

fan it Fryske Fersenpaad.

Om Wommels hinne fan Willem Abma.

Willem Abma is dizze stoarn en ik haw mij al faker ôffrege

wêrom soe hij dat fers skreaun ha.

Hij komt fan Folsgeare, dat is it dus net.

Wie it miskien omdat er letter in frou hie út Wommels

en in kear it Trekpaad omrûnmei har? 




Wylst is it fers fan Willem lês en sa oer it gea rjochting Kûbaard sjoch

is dêr in kleurich taferiel te sjen

In ôfsletten dyk en frachtauto's dy't der net lâns kinne

omdat der auto fêst sit yn de berm.......





In foto fan de Boalserterfeart bij in opgeande sinne docht it altiten goed







Sneon yn Hitsum west.

It is myn earste kear op de Aldmeierspartij.

Noflike sfear, aardich wat publyk en in moaie rol fan Jan Willem van Beem

Hij wurdt de nije foarsitter dêr,

mar hij is no de man dy't alles oanelkaar praat

Dat docht  hij alderaardichst,

steande oan de râne fan it fjild 

as wedstriidlieder en omropper.

Moaie gewoante om it ferliezend partoer tank te sizzen foar it meidwaan

en it feit dat hij allinne de foarnammen brûkt,

makket it hiel persoanlik.


It sportive part fan it wykein:

Sneon 5 km draafd en 40 fytst

Snein 3 km rûn en 22 Efytst

en snein it hânbôgesjitten op OS 2024 sjoen.

en fierders in hiel soad NPO radio Olympia harke.




vrijdag 26 juli 2024

Ierdbeien

 


Je moatte der mar opkomme": "Fryske strawberries"

Wat is der mis mei it wurd 'ierdbei' frege ik mij ôf

at wy yn de buert fan Berltsum hjir lâns komme.

Nettsjinsteande dizze taalbarriêre, dy't ik gelyk fiel

stappe wij ôf om wat strawberries út in automaat te heljen.

Se wurde hjir kweekt, se wurde hjir ynpakt, se binne farsk

wat wolle je noch mear.

No ja, de priis dy falt ús net mei.

Djoerder as de bakjes bij Poiesz......

dy't wij juster hellen.

Mar it lûkje fan it strawberriebakje wol net iepen,

dus giet it oer.

De komkommers wolle der wol út

en in bakje prommen giet ek mei nei hûs.

Wij fytse werom oer Keimptille




Bah

 



Dy Max Verstappen begjint mij aardich te irrytearjen.

Wat in ferfelend, ferwend mantsje blykt dat te wêzen,

at it wat tsjinsit.

Let mar op, oer in pear jier komme der klachten

fan personiel fan Red Bull

oer syn yntimideartjend gedrach.

It docht mij wat tinken oan it gedrach

fan eardere tv ikoan

dy't de wrâld wat trochdraaie liet.





woensdag 24 juli 2024

Op nei Lens

Ik haw gjin idee wa't oer dy reade hânwizers giet. 

Ik haw ek de moed net mear om der efter oan te gean.  

Om bij de goeie ynstânsje, 

de goeie persoan út te kommen 

binne je meast hiel wat tillefoantsjes fierder. 

Ik hear se it al sizzen. 

'Wêr stiet dat boerd, oh bij  de Weakenserbrêge? 

Oei,  dat is de Waadhoeke, dêr moatte je dan wêze".


"Iens, nee dat leit yn  Súdwest Fryslân, 

dy binne ferantwurdlik foar harren eigen plaknammen".

Oh, dy ferwize nei ús, dat is net goed.

Miskien kinne jo de ANWB of de Provinsje of it Ryk oanskriuwe of belje.

Oars mar fragen yn de twadde Keamer". 


Ik leau it wol. 

Ik jou neat troch. 

Lit se mar moai rjochting Wommels fytse 

dan komme se fansels troch Iens 

en sûnder dat se it begripe ek troch Lens

Dat er flakbij oan de Weakenserdyk 

al jierren ek noch in boerd stiet mei Weakensderdyk is fêst tafal





Dronryp yn Wandrer

It giet net sa hurd mei de persintaazjes, 

mar it bliuwt in moaie útdaging.

Wandrer, myn fyts"freon"dy't alles fêstleit.

In programma dat hieltyd nijsgjirriger wurdt.

Nim no tiisdei.

Ik hie al in pear kear sa wat omfytst yn Dronryp

mar ik wie der noch lang net,

Dronryp hat 54 kilometer oan diken en /of fytspaden

Ik hie der 30 fan fytst en dat is sa'n 57 %.

Myn doel is om elk doarp op 75 % te  setten.

Dus thús fan te foaren in route  útsetten 

lâns dy paden en diken yn en bij Dronryp

wêr't ik noch net west ha.

Dus fytste ik hjoed hjir lâns

Stikjes der fan hie al ris west, 

mar al dy dearinnende betonreden wiene nij.

Foar de brêge rjochts bijgelyks, it lân yn,

mar leafst 2,8 kilometer fier

en doe stie ik wer bij it kanaal

Totaal fytste ik hjoed 8 nije kilometers

en dêrmei sit it totaal fan Dronryp no op 38 kilometer

Dat is 69 % en dat betsjut dat ik noch 6 % helje moat

en dat is sa'n trije kilometer



It  aardige is no ek dat je fan oare lju ek sjen kinne wat dy diene hawwe per doarp.

Ik wist net dat er mear sa'n hobby hawwe.

Mei Dronryp stean ik der goed foar......




Hjirûnder in print om in byld te jaan, hoe grut Dronryp is.

De strakke reade diken moat ik noch.

Noch ien kear Dronryp tink ik 

en dan sil ik fuort de lêste 8 % fan Menaam ek fytse.






dinsdag 23 juli 2024

Fytse yn 2010

 Wij fytsten dit jier in stik lâns de Rijn nei Nederlân ta.

Underweis sochten wij nei herkenninsgpunten,

want wij hiene dit earder fytst.

Wannear dat krekt wie, wisten wij sa ûnderweis net

(je wurde in dei âlder en dan skynt it ûnthâld wat minder te wurden 

en sommigen  merke dat gelyk)

Thús sjogge wij yn de plakboekenkast, 

want it sil in jier west hawwe 

dat Jellie noch plakbeoeken makke.

It wie yn 2010.

Der wiene wat oerienkomsten,

mar mear ferskillen

De oerienkomst wie dat wij doe ek mei Tsjeard ride koene nei Bazel ta,

ik kin better sizze , hij hat ús spesjaal brocht.

en dit jier koene wij meiride

Wij kampearden doe, no  hiene wij it genot fan in hotel

Wij seagen in dei foar';ut , no twa

Wij makken ús eigen pasta doe klear, no wie it foaral Döner kebab en pizza bij de Turk

Wij lisfytsten doe, no op de fyts mei ûndersteuning

Wij hiene hyt waar doe , it wie no noflik fytswaar

Wij setten moarns ús kofje sels, no sochten wij de earste de beste bakker

Wij wiene doe Dombier drinkers, no wiene wij soamd doms  en dronken bier

Wij fytsten doe sa'n 1100 kilometer, it wiene no 1200

De earste kamping yn Reinach ûnder Basel


Mei in ÖneWheel"der efter , koe alle bagaazje mei

Bij Koblenz, mei pontsje fan kamping nei stêd

Freeslik, dat geprutst mei kofje en sa.....

Klimme mei in tsjil der efteroan is op it lisfyts in ütdaging

Sûnder tsjil der efter, is klimme op in lisfyts dreech

Yn de fakânsje wat Dom bier drinke 

Koblenz, fan kamping nei stêd

Bij de Lorelei 

It wie ôfsjoen wat heuvels, in genot op de lisfyts

Al wer pasta?

maandag 22 juli 2024

Noflik deljaan

 


Ik rin de fakânsjefoto's fan Jellie noch efkes troch

Sit er ek ien bij wêr't ik der wat aardich opstean of sit

Ik kom dizze foto tsjin, at wij underweis binne yn Dútslân,

Wij jouwe ús efkes del .

De iene yn it skaad, de oare yn de sinne.

It moaie is ek

hjir bin ik noch in sechtiger



zondag 21 juli 2024

Lokaasje X

Gjin foto's en fideo's nimme

en graach net op sosjale media fermelde.


Dat wie de  fermelding op de útnoeging 

foar in unyk konsert yn in doarp

yn ús fierstentegrutte gemeente

De buien binne krekt oer

at wij nei dat doarp tafytse

De paraplu's kinne fuort 

at it om klokslach 15 oere begjint.

Piano, gitaar, fioele en trije stimmen.

Twa mannen en ien frou.

Lieten fan Supersister, fan de Nits, fan Swee  en Reboelje

Komposysjes fan Beethoven, Foret en oaren dy 't ik net kin.

Natoerlike lûden fersteure de klanken net.

In hynder dat foarbij kleppert op in betonpaad

en hoanne Roel dy't om oandacht kraait.

De sinne kipet troch de beammen

at wij de Tunnel fan it Ljocht heare.

De wyn hellet efkes oan bij de Dutch moutains.

Yn it skoft treffe wij âlde bekenden.

It wie in bysûnder barren dêr,

ta eare fan in 75 jierrige muzykleafhawwer

dy't libbet as God yn K.


Gjin foto's, gjin stikje fideo, 

dan dus mar in eardere opname fan Tjerk Bootsma,

mei in liet dat hij fannemiddei ek song.





Nervana

Ik lêsde in kear dat in bandboeker sei

dat hij allinne mar tributebands boekte at

de orisjinele band net mear bestiet.

Oer Nirvana is gjin twivel

Fan 1987 oant 1994 setten sij de toan foar de grunge.

7 jier bestien en ferjitlike muzyk efterlitten.

Yn 1994 skeat sjonger Kurt Corbain him sels foar de kop

en dat wie de ein fan Nirvana.

De Amerikaanske band Nervana

toert al jieeren rûn as de Nirvana 2.0

Woansdei stiene se yn Neushoorn.

Dat wie genieten

Dat koe net better

Op sa'n momint  tinke je der net oan dat it tribute is.

Boppedat, ik haw Nirvana nea live sjoen.


"Zeg, jij was er zeker bij in Vera in 1989?"

frege in jongfaam nei ôfrin fan it konsert yn Ljouwert.

"Nee, dat niet" moast ik bekenne.

"Dat had om jouw leeftijd wel gekund toch?"

Ja dat wol.....mar doe wie ik wat minder op paad 

en  boppedat siet Vera yn Grins net yn myn rûte






donderdag 18 juli 2024

Sjampo

 Yn de jierren 60 /70 brûkten wij ek al sjampo.

De tiid fan griene sjippe wie krekt foarbij.

Ik haw de foarm fan de fles noch op it netflies

It merk ek: Palmolive


De fles wie meast grien.

Dêr waard it hier goed skjin fan.

It bleaun ek groeien.

Wat er ynsiet wit ik net.

Dêr hie ik doe gjin belangstelling foar.

Dat is no al oars

Alle ferpakkingen wurde troch mij bestudearre.

Sa haw ik no sjampo krigen op heitedei

wêr't ek op stiet wat er yn sit.

Ijslands mos, buffelgras en dennen.

Sjampo mei Ijslands mos

Wat is dat IJslands mos neffens Wikipedia?

Het IJslands mos  is een struikvormig korstmos uit de familie schildmosachtigen.
De soort is in Nederland zeer zeldzaam en staat op de Nederlandse Rode Lijst als ernstig bedreigd.

IJslands mos is traditioneel een geneeskrachtige plant, voornamelijk gebruikt voor klachten aan de slijmvliezen van de luchtwegen en maag. Het bevat natuurlijk antibiotische actieve korstmoszuren. De water-oplosbare slijmstoffen beschermen de slijmvliezen van de maag.

De korstmoszuren hebben een heilzaam effect op ontstekingen. Het helpt vastzittend slijm los te maken in de luchtwegen.

Wat is dat buffelgras neffens wikipedia?

Buffelgras is een gewas dat behoort tot de Lampenpoetsergrassen dat wereldwijd geïntroduceerd is op plaatsen waar deze niet oorspronkelijk vandaan komt.
Buffelgras is veelvuldig geïntroduceerd omdat het zo geschikt is als begrazingsgewas.
Het is zeer geschikt omdat het buffelgras na begrazing weer goed in staat is terug te groeien en omdat het gras diep geworteld is en dus niet door de grazers tijdens het eten uit de grond getrokken wordt.

Wêrom dennen yn de sjampo?

Oh dennenboom, oh dennenboom, wat maak je mij toch wonderschoon! 
Ervaar de heerlijke rustgevende geur van dennen naalden tijdens het douchen en laat alle zorgen wegspoelen.

Mei al dizze ynformaasje, lûk ik de konklúzje dat

dat de dennen der foar de geur is en dat itmyn soargen fuortnimt

dat it IIislâns mos feitlik beskerme is en dat je it better ynnimme kin

dat it buffergers der foar soarget dat it hier wer begjint te groeien.

Moai betocht Kneipp,

hoe komme jim der sa bij?



woensdag 17 juli 2024

Fersekering

 

Sa, dat is dúdlik en nedich wierskynlik.

De fersekering jout lûd.

Goeie saak, liket mij sa ta.




maandag 15 juli 2024

Fakânsjeboek

Op fytsfakânsje nim ik de E-reader mei.

Net dat ik folle lês, want de kop is meast fol 

nei in dei konsintraasje yn it ferkear en yn de frjemte.

Ik nim ek altyd in boek mei.

Dêr  jildt it selde foar. 

Lêze wurdt net folle , ek al is it in boek

Dit jeir hie ik dit boek mei


It is al in âld boek 

en ik kocht it okkerlêsten bij de kringloop foar 1 euro.

It is noch fan dik papier

it is 154 siden

en ik haw it útlêzen....

In echt Hylke Speerstra boek.

Prachtige siswizen en útdrukkings

In wreed ferhaal, mar moai beskreaun.

It giet oer in komelker yn de foarige iuw.

Immen belangstelling?

Ik jou it graach troch....


zondag 14 juli 2024

Füssen - Wommels

 

no de giele rûte, de blaue ha wij earder al fytst

Wij binne wer thús.

Nei 1185 kilometer (Aant)

en 1200 kilometer (Jellie) sit de reis der op.

Fan Füssen yn Súd Dutslân nei Wommels yn de Greidhoeke

Lâns aardich wat grutte rivieren

lykas Lech, Donau, Altmûhl, Tauber, Main, Rijn, Maas en Isel

en tal fan lytse rivierkes.

Minne en goeie paden

Prima fytswaar, mei de lêste dagen yn Nederlân in soad rein.

Goeie hotels en oare sliepadressen.

Ien pechgefaltsje

15 kilometer fan Wommels

yn Snits in flinke lekke bân.

Fan dêr it ferskil yn kilometers

Jellie is trochfytst

ik haw mij helje litten

Yn 13 dagen dagen 1200 kilometer

hjoed mar in rêstdei

woensdag 3 juli 2024

Lâns de Lech [2]

 

Wij fytse lâns in drokke provinsjale dyk. 

Trije banen sadat en om bar ynhellet

It fytspaad leit ticht oan de dyk. 

It jout mij net in feilich gefoel

Ik mis de fangrail 

Mar dan, it ynienen in fangrail 

10 meter of sa

Ta beskerming fan in beam

Wij moatte dêr om hinne fytse

maandag 1 juli 2024

Lâns de Lech {1}

 Fytsfakânsje 

It einige doe't wij al yn ús hotel sieten mei reinwetter. 

Wij hiene al Kebab al iten

In kreas utsjend hotel, onroerendgoed wij sliepe yn it bijgebouw 





Romantyske strjitte?

Dyk fanwege oerstreamings earder ticht? 

Moaie stille dykjes net ticht bij de Lech