vrijdag 2 maart 2012

100 jier

Ik fyts 4 dagen yn de wike troch Reahûs ûnderweis nei Snits. Reahûs is in katolyk doarp. Dat kinne je sjen oan de tsjerke: In katolike. Yn Reahûs is noch kafee, in skoalle en sûnt in pear jier ek in kamping. Oan it wetter.
Werom nei de tsjerke. Ik kin mij noch herinnerje dat ik as Mulo learling in kear yn de tsjerke west ha. Ik kin mij der fierders neat mear fan herinnerje.
Fannemiddei wie ik yn de byb yn Wommels. It boekje "100 jaar gereformeerde kerk yn Wommels" fan Hinne Bokma werom brocht. Leuk om te lêzen. Foaral oer de tiid dat ik wat nammen tsjinkom fan minsken dy't ik kin. Aardich om te lêzen hokker ûntwikkeling der west hat. Diskusjes oer rjochten foar frouen, oer it sjongen fan de belidenis, oer de swarte pakken en oer it oerlêst op de kreake.
Dat sokke dingen spilen yn de tiid dat ik jongfeint wie, dat is dus noch mar fan krekt lyn.  Ik haw der net folle fan mei krigen. Ik wie herfoarme.
Wylst ik it boekje werombring, sjoch ik yn it Littenseradielster hoekje in boekje lizzen mei de titel : "Het geheim van de Oude Polle". In spannende titel mar mar it is net mear of minder as de skiednis fan 100 jier katolike tsjerke yn Reahûs.
"Dy moat ik ek mar lêze", flitste it gelyk troch mei hinne. Mar mei it trochblêderje wie myn entûsjasme al fuort. Wat in freeslik boekje, hast sûnder alineas, hast gjin illustraasjes en te folle algemiene katolike ynformaasje, wat mij no krekt neat skele kin.
Ik haw it mar wer werom lein. Dêr kom ik net troch. Mar net foardat ik fan it omslach en fan twa siden in foto makke ha.
Ynkoarten dochs mar ris in tuskenstopke meitsje yn Reahûs. De tsjerke noch in kear besjen mei eagen fan in folwoeksene. Miskien ûntdek ik dan it geheim ek wol.


Geen opmerkingen: