Mislik
dat radio (miskien ek wol TV) spotsje
fan de Steatslotterij
De grutte baas kondigt oan
dat se it better dwaan gean,
earliker foaral
dat se ek better kommuniseare sille,
omdat wij dêr rjocht op ha
Ja, ja.....
Mear as twa jier lyn skreau ik dit op myn blog
ik haw mij doe oansletten bij de stichting Loterijverlies
sij hawwe mei meardere rjochtsaken
boppe tafel krigen dat dy baas fan de Lotterij
no it grutte publyk paaie moat.
mei belachlike teksten
Hij hie sizze moatte:
Beste minsken,
Ik stean hjir mei in djipreade kleur,
wij hawwe jim jierren besoademitere,
en dat wisten wij wol,
mar wij woene it net tajaan,
de stichting Loterijverlies hat ús der opwezen,
hat rjochtsaken wûn en no moat ik tajaan
dat jim te koart kommen binnen
wij hawwe jim prizen ûntholden
de kâns op in priis wie folle lytser as wij seinen
ik skamje mij kapot
en biedt jim oan om de periode dat it mis west hat
no frij mei te spyljen
gjin ynlis
mar wol kâns op alle prizen
De stichting Loterijverlies fynt dit er fan:
Reclamecampagne
Staatsloterij volstrekt onacceptabel
Wellicht heeft u de afgelopen dagen reclame gezien of gehoord van de
Staatsloterij. Hierin geeft de Staatsloterij aan dat zij het vervelend vindt
onduidelijk te zijn geweest in haar communicatie. Maar, zoals bekend, de
Staatsloterij heeft u jarenlang in feite gewoon bedrogen. Dat de misleiding op
kleine schaal heeft plaatsgevonden is bovendien onjuist, aangezien er meer dan
een paar honderd miljoen euro aan beloofde prijzen aantoonbaar nooit werd
uitgekeerd. Bovendien is deze campagne een schending van de afspraken tussen de
Staatsloterij en Loterijverlies. Wij zullen er alles aan doen deze
campagne te laten stoppen.
Posts tonen met het label staatsloterij. Alle posts tonen
Posts tonen met het label staatsloterij. Alle posts tonen
woensdag 17 juni 2015
vrijdag 14 juni 2013
De lotterij fan de steat
Ik wol graach miljonêr wurde. Nee, net multimiljonêr mar gewoan ien miljoen. Ien miljoen op myn bankrekken. Dêrom doch ik mei oan de lotterij fan de steat. Al hiel lang. Miskien wol 25 jier. Ik haw der in aparte girorekken foar iepene. Dêr wurdt de ynlis ôfskreaun en dêr kinne de prizen mar op oer makke wurde. De betelling giet automatysk en je hawwe der gjin omsjen nei. No ja, gjin omsjen is te folle sein. Sa no en dan moat ik it saldo efkes oanfulle, want it miljoen is noch net oermakke. De hûndertûzend, de tsientûzend, de tûzend en hûndert ek net. It maksimale prizenbedrach wie tink ik in kear 50 euro.
De kâns om in priis te winnen yn de jierren 2000 oant 2007 wie ek net sa grut, sa hat bliken dien út in rjochtssaak.
De dielnimmers binne doe foar it lapke holden. Der waarden prizen lutsen mei alle nûmers dy't der mar wêze koene ek at it lot net ferkocht wie. En dat lêste wie doe seker it gefal.
In oantal minsken hawwe dit bij de rjochtbank oankaarten en hawwe gelyk krigen. Sij krije heechstwierskynlik it jild werom. De prizen sille se dan ek ynleverje moatte.
De stifting Loterijverlies springt foar al dy minsken dy't ek dupearre binne yn de bras.
Onamelde, in ynskriuwbedrach betelje en dan in grutte kâns dat je it ynlisjild werom krije kinne.
It is net hielendal wis, it bliuwt in gokje mar dat is mei de Steatsloterij dochs sa.
Dit ferlies kin der ek noch wol bij at it net slagget.

Abonneren op:
Posts (Atom)