dinsdag 31 december 2024

Lokkich nijjier

 


Sifers 2024 en doelen 2025

It  sifermatich produktyf jier 2024


8.400 kilometer fytst op in E fyts

3620 kilometer fytst op in gewoane bukfyts

322 kilometer draafd

518 kilometer rûn

48 nederlânstalige boeken lêzen

8 fryske boeken lêzen

2 E-reader boeken lêzen

91 bands ensf live sjoen

0 kear mei de hûn rûn


Doelen 2025

400 kilometer drave

mei as haaddoel de 10 kilometer Berenloop yn novimber op Skylge 

2600 kilometer op fyts

7401 kilometer op E bike

400 kilometer rinne


Wandrer

Doel is te fytsen oer 75 % fan alle diken/fytspaden yn Fryslân 

It sit no op 35%, dat is 4.379 kilometer

Doel foar 2025 is op  60 % te kommen

 


Gemeentechallenge 

Ik haw sûnt april 2020 yn 75 % fan de Nederlânske gemeenten fytst

Doel foar 2025 is 90 %



Postkoadeschallenge

Dizze challence is nij.

Fanôf april 2020 haw ik 41,65 % fytst

Doel foar 2025 is 75%



Delta

It wie wat maklik om it Delta glêsfeselnetwurk oan te skaffen

Superfluch ynternet en fergees oanlein, wie it lokkerke

Yn jannewaris 2024 sletten se it oan.

Ik hie Ziggo ek noch efkes oanhâlden

sadat ik fergelykje kin.

Delta  is in tsjinfaller

Hielendal net supersneller as Ziggo.

It jier is om en yn myn agenda

stiet alle lange tiid: Delta opsizze.

Dat is noch net samakllik.

Fia ynternet en harren supersnelle glêsfezel kin dat net

Ik moat belje

Dêr bin ik net gerêst op en nim mij foar 

dêr in healoerke foar út te lûken.

In healûrke is te min.

Keuzemenu 'opsizze"

dan frees ik it slimste

dy komme as lêsten oan bar.

Nei 36 minuten in dame oan de line

Ik jou de gegevens op.

"Dus opzeggen"

"Waarom"

'Omdat Ziggo better is'

"Ik zet u in de wacht dan komt er zo een kollega die dit regelt"

Wer 3 minuten wachtsje

De kollega:

"Mag ik uw gegevens"

"Ik zie het, dat pakket, dat gaan we regelen,

ik zet u even in de wacht, 1 minuut,

dan krijgt u een collega die dit kan afhandelen"

1 minút is bij Delta 4 minuten 

want nei 4 minuten krije ik de ôfhandelkollega:

"Mag ik uw gegevens"

Ik hâld it net mear.

"Gegevens? die heb ik al twee keer opgegeven

bovendien ben ik nu 44 minuten aan de lijn,

en nog steeds zonder resultaat". 

Dat stiet menear net oan.

Hij falt mij yn de rede dat "ik kalm moet zijn'

oars kin hij it net oplosse.

Ik jou noch in kear op dwingende toan oan dat......

tút...tút....tút

Menear Delta hat de ferbining ferbrutsen.

Dêr sit ik dan nei 48 minuten.....

Ik wol fan dat Delte ôf, dus mar wer besykje

Nei 19 minuten wachtsje de selde prosedure.

Earst de frou mei de selde fragen

dan wer minuten wachtsje in man

mei deselde wurden,

"ik zet u in de wacht voor een collega om het af te handelen"

nei 8 minuten de ôfhannelkollegea  oan de line

In frou, alderfreonlikst, krekt as mij.

Nei twa minuten is it beslikke

Nei 1 oere en 22 minuten bin ik fan Delta ôf.







vrijdag 27 december 2024

Gemeentlik grapke

Dat wij no in ûnderdiel binne

fan in fierstentegrutte gemeente moat in oorsaak ha.

Wêrom hawwe wij net op tiid ferkearing socht mei Wûnseradiel

om mei Boalsert as haadstêd in moaie gemeente te meitsjen.

Wêrom net?

Wat is der mis gien yn it ferline?

Ik haw it fûn.

It kin net oars as oan dit ferhaal lizze.

Ik begryp it skeel mei Wûnseradiel en Boalsert no hiel goed.

Wûnseradiel as saneamde "grappenmakker"

en Boalsert as útfierder

Yn 1959 is it dus mis gien


donderdag 26 december 2024

In hûn deryn ....

......ik der út

dat haw ik altyd sein, at ús bern om in hûn freegje.

It is al lang dúdlik, ik haw neat mei hûnen.

Ik wurd der ûnrêstich fan.

Rinne mei in hûn ? 

Ik tink net dat dat er ea fan komt.

Dit wykein hawwe wij in útfanhuzer:

in hûn, in jonge hûn, drok dus.

Jellie gong der mei te rinnen 

en ik prate wat mei him.

Del, del en sa

Silke is net wend oan in trochgeande dyk te wêzen

dus wat beweging dan is it opstean ek koekeloere

Is it hûn, dy't foarbij komt

dan is it wat mear dan dat.

En ik....

Ik sit er bij en meitsje in moaie foto 

fan in leave hûn




woensdag 25 december 2024

Mei taal boartsje

Sygrid van T Zet skriuwt prachtige koarte fersen.

Fersen mei gefoel foar taal.

Meast yn it Frysk mar ek wol yn it Nederlânsk.

Ik folch har op Facebook

en sij ferrast mij alle kearen wer.

Sygrid wie dit jier ek op it Skrikfestival 

mei in ferhaal en in pear koarte fersen

Op 22 desimber stiet dit prachtige fers op har side

Ik "pik" it mar efkes yn de hoop 

dat mear minsken har folgen gean.




Fryske metalenjûn

 


Sa sjocht it programma derút

op myn lêste muzikale feessie 2024,

Net in ferkeard feessie liket mij de Frisan Metalnight ta

It is de 20ste kear en ik haw der noch net earder west.

It is drok yn Neushoorn,

sa drok dat efkes letter op de doar it buordstje "útferkocht" stiet

wylst it ek noch fergees is.

Wat in moai feest


Krinten?

Kronol, fol fjoer mei in tige enersjike sjongeres

My Minds Mine, wat in hearlike sound, meislepend,     

de eardopkes hiene der wol yn kinnen

Brainbasket, woh, ik hâld dus fan death metal,

die mar wer bliken. 

Geweldich optreden


Oaren?

Drôvich hat pech mei it lûd,

Earst fierstente sêft en dan in gitaar dy't hieltyd skrast

Bildtstar lekkere hardrock mei fjoer en al, 

mar it miste de echte dynamyk dizze kear

Mei Deafened to Death en Dimaeon is ek neat mis


De bustiid ropt mij ta de oarder.

Helaas, moat ik trije bands  misse

Mar miskien is 7 wol genôch...


Dy lju fol Qbuzz hawwe it noch net op oarder

Neat die it op it stasjon en yn de bus

In fergees ritsje nei Wommels



wol wat spitich dat er altyd ien mei in keale kop foar mij stean giet,
it glinstert sa








zaterdag 21 december 2024

Goed miss

 De Miss ferkiezing is oan de ein kaam.

Notabene nei Swarte Pyt

Wat is der mis mei swarte Pyt?

Neat

Wat is der mis mei Miss?

In hiel soad.

Beoardielje op úterlik,

je opmeitsje om moai te wêzen,

popperich gedrach fertoane

en yn in wrâldsje komme dy't ferkeard is.


De ferkiezing sportman, sportfrou, sportploech fan it jier,

fuotballer of atleet fan it jier is ek sa iets frjemds.

Kieze tusken  

in auto koureur dy't kompleet ôfhinkilk is fan syn team en de elektroanika

In hurddraafster, dy't it op eigen krêft docht mar de snelheid net hellet fan in auto

In reesfytser dy'mei gefaar foar eigen libben alle risiko nimt op in brike libbensgefaarlike baan

In hurddraafster dy't op de 100 meter as in speer giet,

In swimster dy't frijwol neat sjocht

It is gjin dwaan om dêr ien út te kieze

en talrike oaren teloar te stellen.

donderdag 19 december 2024

Gaat heen

 


Taalferoaret, oars is it in deade taal.

"Brugwachter gaat heen"

at ik dat lês tink ik oan it slimste.

Mar it falt ta

Hij giet fan Tsjerkwert nei Wommels

In hiele ferbettering sis ik dan.




woensdag 18 december 2024

de Weerd

Wij dogge in slach troch Gaasterlân.

Op de fyts.

Tusken de beammen waait it iets minder

Bij Nijemardum jout Jellie oan

dat hjir in de Weerd lizze moat

Yn har herinnering hat se hjir doe west op begraffenis.

Jellie is in Holtrop mar de Weerd fan memmekant

It klopt dus.

Yn 1970 stoar Theunis nei in ûngefal, 41 jier âld 

wylst syn frou Hilda (nei in sykte) mar 34 wurden is.

Ik haw thús wer hiel wat út te sykjen

want mei de famyljerouadfertinsje yn de LC fan doe

kin ik jûnen foarút.

Dat hawwe je at je lykas Theunis

 út in gesin fan 11 bruorren en susters  komme





de foardoar

de efterdoar



dinsdag 17 december 2024

See you later alligator

 At de pakesizzers fuortgean

dan sizze wij faak

"see you later alligator"

sûnder ús ôf te freegjen wêr't dat wij komt.

Op de kalinder De tijdloze mei allegear muzyknijtsjes

stiet op 12 desimber in aardich ferhaaltsje oer  Bill Haley en the Comets

Hij skriuwt it liet net

mar omdat it flopte yn in eardere útfiering

sette hij it op nij op de plaat yn in heger tempo

In moai filmke fyn ik

at je betinke dat it begjin is fan de rock 'n roll





maandag 16 december 2024

Op jacht nei postkoades

 





Dêr is it oersicht al.

Oant no ta dogge 587 minsken mei oan dizze "útdaging" fan Wielervrienden.nl

Yn Fryslân noch in pear postkoades,

en de rest fan Nederlân noch mear as de helt.

Machtich!

Lit it mar moai waar wurde





zondag 15 december 2024

Krystpakket

Dat is lang lyn, in krystpakket krije.

As frijwilliger bij de byblioteek yn Wommels

wurd ik dêr mei ferrast.

Net in bon mei koade en dan wat útsykje op ynternet

nee.....

gewoan in doaze mei alles 

wat wij oars net keapje.

Allegear hearlik tink ik

Ik hoop al dat wij wat help krije.



Mei de oare frijwilligers haww wij dan sa'n noflik oerke 

mei kofje/tee, gebak, wat sûkelade

en in taal bingo, 

want dat heart fansels mear bij in byb as in siferbingo.

Oh ja, ik bin de ienige manlike frijwilliger



Nyk

Yn de Westerkerk yn Ljouwert (foarhinne Teater Romein en no Podium Explore) 

is juster de nije cd fan keunstner Nyk de Vries lansearre. 

In boeiend optreden mei âlde nûmers (út syn Amp tiid) en de nije nûmers. 

Muzikale freonen jouwe him stipe. 

Bijsûnder is de tribute mei Reboelje muzyk 

oan de earder ferstoarne Mariusz de Boer en Tiede Lanting. 

Durk Hogendorp, ek fan Reboelje, spile op de akoestyske gitaar mei. 

It is yndrukwekkend foar in grut Reboelje leafhawwer lykas mij.

Oh ja, de hurde tsjerkebanken stean noch yn de tsjerke en it lûd is noch altiten prima


Hjir spile Durk mei 


De deade maan yn in prachtige útfiering fan Nyk de Vries. 

Spitich dat ik dy net hielendal opnommen ha


vrijdag 13 december 2024

Postkoade útdaging

Wielervrienden.nl hâldt bij (fia  Strava)

yn hokker gemeenten yn Nederlân ik fyts

Ik fyn dat prachtich en it jout in útdaging.

Ik sit op 75 % en wol yn 2025 nei 90 %

Wielervreinden hat ek de postkoade útdaging

Der binne sa 4000 postkoades yn Nederlân.

Tongersdei fytste ik nei Snits en fia Skearnegoutum werom

dat levert 17 postkoades op.

Ik sit no 0,42 %.!

De kommende wike krij ik it oersicht

fanôf april 2020....

Ik tink dat ik wol op sa'n 50 % útkom

Is it mear dan  falt it mij ta.

Is it minder dan haw ik noch wat te fytsen yn 2025





woensdag 11 december 2024

De stoomboat

 In stikje út 1955

Wommels hat in stoomboat









Op de facebook side dan  Wommels troch de tiid steane talrike foto's fan it doarp.

Op ien dêrfan stiet dizze stoomboat, mei ek de namme De Wal der ek op, 

at je goed sjogge

It soe him samar wêze kinne



Rechts de Molewei (bron: Friesland Post maart 2015 c.q. Fen Fryske Groun 1931).


maandag 9 december 2024

Kaarten


Sneintemiddei fyts ik yn alle kjelt efkes nei Littens.

It team fan Oosterlittens 1 moat balje tsjin de Blesse 1

Noflik allinne stean mei de wyn yn de rêch

en Langs de Lijn yn it ear.

Hearlik is dat.

"He, dy skiedsrjochter komt mij bekend foar"

He, dat is H.

Ik mei oannimme dat de trainers fan beide klups

harren mannen warskôge hawwe.

"mûle ticht, want oars rinne jim tsjin in kaart oan"

Yn de earste helte net folle gedoch, 

foar de bewuste skiedsrjochter moat 

dat as in teloarstelling field hawwe.

"Dat se net tsjin mij seure, is net leuk....."

Dus......

Yn minút 44 mei Littens in hoekskop nimme.

Wylst de spiler nei de efterline rint om de korner te nimmen

springt de klok op 45.

"Dit is myn kâns" tinkt de skiedsrjochter

en hij fluitet foar de rêst.

Ferbjustering bij Littens en ferbazing bij de Blesse

It slagget goed dizze set.

Der giet  in spiler ferbaal tekear,

tsjin de man yn it wyt  en dat is dom

Giel dus...

Dat hij dan noch mear ferbaal tekear giet is noch dommer

Wer giel is read.

"It is wer slagge", tinkt de skiedsrjochter 

boppedat  stean ik yn myn rjocht. 

Tiid is tiid en ageare is giel






zaterdag 7 december 2024

Drinke

Dit is in alderaardichst boekje





vrijdag 6 december 2024

AI

 It seizoen 1979-2980 fuotballe ik yn SDS 3.

Dat is dan it heechste rekreatieve team fan SDS.

Yn 1980 doe't dizze foto makke is

wie der noch gjin AI, de keunstmjittige intelligensje

Dy AI fan no kin fan alles, sa as it anylisearjen fan foto's

It programm wat ik berûkt ha

beskriuwt binnen 5 tellen wat it sjocht.

Fermaaklik...




De foto, die ogenschijnlijk op een sportveld is genomen, toont een groep jonge mannen in sportkleding. De voorgrond wordt gedomineerd door een lagere rij mannen in gehurkte posities, terwijl de tweede rij hoog staat.
De achtergrond is voorzien van een rij bladloze bomen, wat duidt op een late herfst of vroege lente. De lucht is bewolkt en de grond lijkt een kortgemaaid grasveld te zijn, wat mogelijk duidt op een speciaal sportterrein.
De algehele sfeer suggereert een ontspannen maar levendige gelegenheid, misschien een teamfoto.

De mannen lijken van Kaukasische afkomst te zijn, meestal in hun late tienerjaren tot begin twintig. Ze lijken bij een sportteam te horen en vertonen een joviale stemming. Ze zijn uniform gekleed in witte shirts met lange mouwen en donkere shorts, wat duidt op een gevoel van kameraadschap en verbondenheid.
Hun kleding is eenvoudig maar schoon, wat duidt op een middenklasse-achtergrond. De emoties die worden overgebracht, zijn overwegend vrolijk en ontspannen. Het lijkt erop dat sommigen rechtstreeks in de camera kijken, terwijl anderen bezig zijn met zijgesprekken of wegkijken. 
De foto zelf lijkt te zijn genomen met een eenvoudige analoge camera, waarschijnlijk in de jaren 70 of 80, gebaseerd op de beeldkwaliteit en de kledingstijlen.

De subtiele variaties in de kapsels en gezichtsbeharing van de mannen, samen met hun lichaamstaal, wijzen op individuele persoonlijkheden en rollen binnen het team. Een ander detail dat gemakkelijk over het hoofd wordt gezien, is de ogenschijnlijk amateuristische aard van de fotografie, met ongelijke belichting en een enigszins wazige kwaliteit. 

Er zijn ook verschillende niveaus van spierdefinitie bij de mannen, wat duidt op verschillende niveaus van atletische toewijding. De plaatsing van de mannen suggereert een mate van informaliteit, zonder strikte poseerinstructies; het voelt meer als een spontaan vastgelegd moment dan als een formeel portret. 


woensdag 4 december 2024

Oarlochsyndustry

As pasifist yn Wommels moatte je yn de jierren 50 

in raar gefoel hân hawwe.

Der is net folle yndustry neist de suvelfabryk.

Twa bedriuwen springe der út

UTIOR en Hommema

At sij in  oarder krije stiet dat yn de krante



















dinsdag 3 december 2024

Foar in prikkie

It is 1958.

Oan de Hofkamp stiet in dûbele wenning te keap.

Nûmer 64 en 66.

Der is in bod fan 352 gûne.....

It is útsûnderlik leech.

Dat is grut nijs. Kranten berjochtsjes hjiroer.

De Telegraaf giet der mei op de loop.

Huzen foar in habbekrats yn Fryslân, sa witte sij it hiel grut te meitsjen yn Amsterdam en omkriten.

Notaris Tuinstra fan Wommels wurdt oerladen mei fragen. Wêr stean dy oare goedkeape huzen dan, freegje se him.

Dy binne der net. It is in útsûndering.

De huzen binne fan bûten suterich en fan binnen wat skeind troch in brân. Mar der is wol elektrysk en in reinwetterbak.

Mar 352 gûne is wol in hiel lyts bytsje

Yn de Telegraaf stiet sels in spotprint.

It hûs wurdt ferkocht yn july en levert úteinlik 578 gûne op.

Net in Amsterdammer dy't it oandoart mar gewoan in Boalserter.

De twa hûzen hawwe letter plakmakke foar it fyts en rinpaad nei de dr Sipcke Stapertstrjitte.

















De 5 fan mij

Dy Fryske top 100 fan ferline jier

wie twa kear neat.

Miskien wol trije kear.

Te min pit, tefolle janknûmers.

Ik sil mij der no persoanlik wol mei bemuoie

Doch jim bêst, 

goed foarbyld docht goed folge.....



maandag 2 december 2024

Nij sjurt

Wij wiene sneintemiddei bij Pro-Pain yn Drachten

Dêr wie aardich wat folk

Metal en hardcore is foaral yn de wâlden populêr,

Ozzy is der ek, 

dy komt út Spannum, de greidhoeke

hij rint altyd yn in sjurt fan Motorhead of Deep Purple.

Hij is meisleurd troch twa leafhawwers út eigen doarp.

dat is net sûnder risiko, 

want se hâlde him bij de preek wei.

Pro-Pain befalt him pûrbêst, seit hij nei ôfrin

hij is syn dooarpsgenoaten foar ivich tankber

en grutte kâns, at jim him ynkoarten sjogge,

dat er in Pro-Pain sjurt oan hat

in groet mei de pink en de wiisfinger 

stelt er fêst op priis


Survival

Surival is in groeiende sport.

It is ûntstien yn it doarp Beltrum yn de Achterhoek

Wij hawwe it dan oer 1988.

Yn 1991 wurdt de Survivalrun Bond oprjochte

en der binne dan sa'n 300 leden.

Anno 2024 binne der sa'n 50 trainingsorganisaasjes

mei sa'n 10.000 leden.

Yn Fryslân is der in klup yn de Knipe, Koatstertille

en Bitgumermûne.

"Survival is in no-nonsens sport foar oanpakkers en trochbiters,

Bûtensporters dy't harren grins graach ferlizze"

Snein bin ik yn de stêd Grins, wêr't in survivalrun is.

Ik bin gjin grinsferlizzer en seker gjin trochbiter,

it meidwaan lit ik oer oan soan Tsjeard en syn maat Jan Galema

Hûnderten dielnimmers yn ferkate kategorien

fan jong oant âld.

Kreas yn de skjinne sportklean en skjinne skuon geane se fan start

as bargen komme se wurch en kâld werom.

Tsjeard docht 8,5 kilometer mei wit ik hoefolle hindernissen

en Jan docht syn earste run fan 5 kilometer

Ik rin it diel fan it parkûr wat op en del

kom ek ta 8 kilometer, kâld mar wol skjin

en meitsje wat filmkes en foto's.





            

Survival is foaral ek wachtsje op in oar


                

Wat in trochsetters binne it yndie, 

wêrbij de spierkrêft yn de earmen en skouders flink testen wurdt



Jan yn aksje op de lêste hindernis





Tsjeard bij syn lêste keunsten





Beide komme oer de finisj mei it reade bantsje

(at in hindernis net goed trochrûn is, moat je it bantsje ynleverje)

en nei in waarme dûs en wat alkoholfrije drankjes

hawwe se noch energjy om nei Drachten te gean

want dêr stiet yn Iduna middeis om 5 oere 

Pro-Pain op de planken.




Dat is in hardcore metal band út Amearika

en wat soargje se foar in geweldich konsert

Ta beslút, as groet oan de band

moat de earm omheech mei de pink en wiisfinger omheech

Dat slagget mij wol,

mar de twa sporters net mear




woensdag 27 november 2024

Sinteklaas fiere

 


Pieteke de Boer hat in Sinteklaasprinteboekje skreaun.

Moaie kleurige tekeningen illustreare it ferhaal.

Moandeitemiddei is der in Sinteklaas 

en Pyt knutsel- en dochmiddei yn de byblioteek.

Ik mei it boek foarlêzen 

en Pieteke lit de tekeningen op in grutte print sjen.

Dat like ús better as it lytse boekje hieltyd omdraaie.

Mar sa wurket it net bij sommige bern.

Al bij it earste stikje komt in jonkje bij mij 

en hij wol sjen wat ik foarlêzen ha. 

Dat is oanlieding foar noch twa jonkjes 

om bij alle stikjes efkes yn myn boekje te sjen

en te kontrolearjen at ik wol lês 

wat op de print stiet.

Prachtich, bern binne ûnfoarspelber.

It toetje earst

Ik begjin der dizze wike mar mei,

in oare folchoarder fan iten

Earst in bakje den Eelder fla mei slachreamme,

meastal myn deistige toetje,

dan de jirpels mei spruten en in lyts stikje fleis

en ik einigje mei in sjampijonnesop, sûnder ballen

Nuver? Nee hear

At ik dit folle earder dien hie

at ik wat mear talint hân hie

ensafuorthinne ......

dan hie ik krekt as Robert Lewandowski 

101 kear skoare kinnen yn de CL.

Wat in prestaasje

en foar in part te tankjen oan it toetje

dat hij earst yt





Boarne: AD

dinsdag 26 november 2024

Berneboargemaster

Yn tal fan gemeenten hawwe se in bernboargemaster

Ik fyn dat mar neat

Krekt dwaan at bern ek wat beslisse/beslute meie

Symboalysk meie se sa no en dan wat dwaan,

leuk foar heit en mem, pake en beppe en klasgenoaten

Oare hawwe dêr neat mei, like mij sa ta.

It is iets fan dizze tiid

Dat tocht ik,

oant ik de kranten fan 1957 der bij pakte

Ek doe wie der al in berneboargemaster

en dat wie notabene yn Hinnarderadiel

It is septimer 1957 

en boargemaster van Hout is krekt útswaaid

omdat hij nei Wymbritseradiel giet

Mar dan moat er noch wol immen huldige wurde.......






Unbegryplik dat hij him ôfskepe litten hat 

mei in pear sûkeladerepen