It tsjerkhôf mei klokkestoel bij Diken.
Dat wie snein de earste dy't wij tsjinkamen
op ús 77 kilometer lange fytstocht nei it eardere Doniawerstal.
Oer it yngongstek wie al hiel wat te fertellen
It tsjerkhôf mei klokkestoel bij Diken.
Dat wie snein de earste dy't wij tsjinkamen
op ús 77 kilometer lange fytstocht nei it eardere Doniawerstal.
Oer it yngongstek wie al hiel wat te fertellen
Keningsdei yn Boalsert,
yn goeie tiden is dêr in tributefeest.
Dat wit ik noch....
It binne wer goeie tiden dus woansdei nei Boalsert
Sommige lju gean allinne nei in tribute band of de tribute artyst
at dy net mear bestiet of at dy dea is.
Bruce libbet noch
dy fan Fleetwood Mac hawwe spul en spylje net mear
de Stones binne noch mei harren trijen
Queen libbet as ea dêrfoar, sûnder de deade Freddy Mercury
en Brood, ja Brood, dy is echt dea.
De Brood tribute band is it hichtepunt dizze middei
( Bruce en Queen haw ik net sjoen)
In perfekt lûd, strakke drummer en bas
in hearlik ôfstelde gitaar
en in prima entûsjaste springlibjende deade Brood
It wie dêr tige gesellich bij it Veerhuijs.
Sichtber genietsjen troch jong mar foaral wat âlder
Ik wit it noch goed
foar de earste kear pake wurde.
2012, ik lis yn in hut op de boat fan New Castle nei Ymuiden
It slotstik fan in fuotbaltripke.
It waait hurd, it sliept lekker
en gjin tillefoan dy't mij nachts wekker krijt
Moarnsbetiid sjoch ik dat Hildau belle hat.
Dy rint noch net op alle dagen, mar......
Jelske isberne, ''ús earste pake-en beppesizzer"
In bysûnder momint. Prachtich.
Der komme mear bijsûndere mominten.
Roan, Samme, Nyck en Brecht.
In hânfol en dat is noch net iens alles
23 april berne SYB
soan fan Anne-Marije en Jelmer.
Wij binne al wer grutsk en bliid
De blommedagen yn Anna Paulowna.
Wij sjogge der meast efkes ein april.
Blommefjilden en wat útbyldingen
hjir en yn Breezand
Dizze stiet yn Anna Paulowna
"Paint it black"mei de fjouwer Stones yn byld
Roan en Jelske binne mij
sij hawwe frij fan skoalle en sa fulle wij ús oppasttid yn
Aaipop 2022
it sit er wer op.
Ik sil net, ik sil net, mar ik gean úteinlik wol.
Gjin spyt, it is gesellich en
hjir en dêr en sa no en dan
ek noch muzyk dy't ik wol lije mei.
Mar ik bin ek wat kritysk dizze kear.
2500 man en útferkocht
moai foar de organisaasje
en moai foar de sinten.
Minder moai foar myn mage.
Sa om in oere as wat is in fet hapke net ferkeard.
Ik sjoch lju stean, hûnderten om de grutte "bar" hinne
hongerich, wachtsjend en mei ûngeduldige eagen
yn fjouwer rigen dik.
Hjir skynt de ienige "fretterstinte" te stean.
Ik haw gjin idee hoelang de wachttiid is,
mar foar mij is 5 minuten lang genôch.
Dat wurdt net ite.
Pisje en dat oare kin wol.
Gjin iten, dus is dat oare net nedich
Gelokkich mar, ik fang in pear glimpen op fan sa'n diksie,
in bargestâl is der neat bij.
Mar hawar ik moat net seure,
bin ek jong west en seach doe miskien ek wol net sa krekt.
It folk komt foar de boererock
en dêr is fierders neat mis mei,
sa no en dan in lyts healoere meistampe
op de muzyk fan "Normaal yn it Frysk"
en sjen nei it útlitten folk om mij hinne is prima.
![]() |
Dit is TrijXniX en dat wie net 3 kear niks |
![]() |
fol gas mei Folgas |
TrijeXniX en Folgas boererockten der lekker op los.
Om in festival hielendal yn de stimming te bringen
is dêr altyd wer Jitizer.
Wat in feest en wat enerzjy. Hearlik.
Feest liket it ek bij Joop Obama & The Presidents.
It Frysk is ynienen bijsaak,
in medley mei de tintefeestmeisjonghits
yn oare talen, it makke it folk neat út.
Mij wol en hopenlik de organisaasje ek.
Sjoerd ensa en NNB hawwe foaral lêst
fan it minne lûd yn de Teneftertinte
In ideale romte om dêr efteryn wat steantafels en krukken del te setten
omdat dêr it meast serieuze en âldere publyk komt te sjen,
en omdat it fan 14 oant 22 oere in lange steansessy is op Aaipop.
Dy pear bankjes bûten yn de brânnende sinne is gjin sitplak.
Tip sjoch nei it Bolwerk yn Snits
Sij hawwe it dêr no ek en dat is in hiele ferbettering
Yn it Rockhok sjoch ik de Vocal Roses,
it is net myn sjênre,
mar it is wol lekker enersjyk mei in band derbij.
![]() |
It absolute hichtepunt fan dizze Aaipop is Farsk!.
Myn sjênre, myn favorite bands, myn nûmers
allegear oersetten yn it Frysk.
Foo Figters, Neil Young, Volbeat, Nothing but Thieves
it komt allegear foarbij yn in spetterjend optreden.
"Better wurdt it net hjoed", sis ik tsjin de soan
Tsjin tsienen sette wij wer ôf
op de fyts nei Wommels yn in flink tempo
want soan Tsjeard fytst altyd efkes flugger
as at ik gewoanwei dwaan soe
Om 2 oere wurd ik wekker.
Klearwekker,
fan de honger,
wat haw ik sin oan in broadsje kroket
ik set de frituur mar net oan........
Underweis nei hûs komme wij ek troch Follegea
Dy stiet op myn klokkestuollelist dus rinne wij oer in hiem
nei it iepen hôf mei klokkestoel
![]() |
In do op de kassa bij de fiskboer op é Lemmer |
![]() |
Yn Urk in monumint mei nammen fan de fiskers dy't op see efterbleaunen |
![]() |
Yn Spakenburg witte se wat de lêstposten binne op fytspaden |
![]() |
Amsterdam |
![]() |
De Zaanse Schans, mei fierderop wer hiel wat toeristen mei selfiesticks |
![]() |
moai keunstwurk bij Graft |
![]() |
In unike B& B, sliepe yn treinwagons |
![]() |
Net yn Stompetoren mar yn Hoogwoud |
![]() |
Noard Hollân yn bloei |
![]() |
Mei de fytsbus de Ofslútdyk oer, it hoecht net wer oars |
Fytse op in elektryske fyts dat is gjin fytsen.
Dat ferkundigje sommige "echte" (rees) fytsers hjir en dêr.
In jier lyn hie ik dat ek sizze kinnen, mar dat is net sa.
Op reis troch Itaalje yn 2021 binne wij fan de 40 fytsers
2 fan 10 op in gewoane fyts.
Wij (de 10) hawwe it betiden dreech (heuvels) en sij net?
Nee, dat wie net sa.
Ik seach de ynspanning dy't ek sij leverje,
allinne it gie harren wat makliker ôf.
Maklik ôfgean dêr is neat mis mei.
Dat wie ek sa doe't de ienfersnellingfyts
oergie yn in trije fersnellingsfyts
en noch letter yn in 27 fersnellingsfyts.
Doe't de swiere logge fytsen mei alles der op en oan
plak makken foar supersoanyske licht reesfytsen
Dy't bij it it âlde hâldt, hat it dreger
en sizze soms ek, gjin keunst mei al dy fersnellingen.
Fan al dy fersnellingen nei in elektrsyke fyts is ek sa'n stap.
Werom begjin ik hjir oer?
Net om mei te ferdigenjen.
De E-fyts befalt mij prima en it makket it fytsen leuker.
Ik begjin hjir oer omdat ik in prachtich stikje tsjinkaam yn it blêd FietsActief
Samar wer in jûntsje fuort.
Trije ôfsizzers foar it konsert fan Fontaines DC
en sa koene trije oaren mei nei it konsert.
Want ja, de kaartsjes wiene noch fan maart 2021.....
De Ierse postpunkband Fontaines D.C. is met hun gejaagde grotestadsrock een van de opwindendste nieuwe bands van dit moment. De leden delen een voorliefde voor poezie, en dat is duidelijk te merken aan de beat poet-achtige teksten. Ook niet mis: de stuwende voordracht van frontman Grian Chatten, die geregeld doet denken aan iconen als Ian Curtis en Mark E. Smith (The Fall). Fontaines D.C.’s debuutalbum Dogrel (2019) bevat natuurlijk de ijzersterke singles Boys In The Better Land en Too Real en is volgens de Volkskrant ‘een plaat waarvan je nu al weet dat het een klassieker gaat worden’!
En met de nieuwe plaat A Hero’s Death, waarvan we al op voorproefjes I Don’t Belong en titeltrack A Hero’s Death getrakteerd werden, op komst belooft het een legendarische avond vol nieuwe muziek te worden.
En it is in legendaryske jûn.
Hearlike muzyk yn in grôtfolle seal
It fielde as hiene se de seal ferline jier útferkocht
en no noch in kear......
Jochum Myjer yn it doarp en op skoalle.
De bern allegear entûsjast.
Us pakesizzers komme ek bij ús
mei in briefke mei foto en hantekening fan him.
Wij beare omraak, wat leuk fan Jochem,
wat leuk sa'n hantekening.
Samme fan 5 oefent ek op in hantekening
want hij begrypt no dat in hantekening net samar iets is.
Nyck fan 4 is bij ús en wol kleurje.
Hij hoecht gjin stik papier.
Dat hat er al.
Jochum syn eagen wurde bewurke,
syn kin krijt in burd en syn hantekening
dy rekket ûnsichtber troch krassen en kleuren
"Sjoch pake, sjoch pake"
Hij is grutsk op syn eigen kreaasje fan Jochem syn briefke
Myn oerpake wenne earder op Spyktille.
Sjoen fanôf Iens, it hús mei wurkpleats oan it wetter.
Oerpake wie dêr timmerman.
Myn pake is dêr berne en wenne dêr yn 1912
It wie doe dik winter, mar
Snein de audiotour dien,
it loopke fan "de râne fan de tiid" troch de Súdhoeke
Ik bin benijd hoe faak dit skiep en har freondinne
op de foto kommen binne.
Se stiene yn in kampke lân fan van der Valk
Wêrom se de ammer oan de holle fêst ha,
ik haw gjin idee
en Jellie wist it ek net
Inductie is een manier van abductief redeneren waarbij er op grond van een aantal specifieke waarnemingen tot een algemene regel, generalisatie geheten, wordt gekomen. (boarne Wikepedia)
It klinkt wat filosofysk en dat is it ek.
Sa no en dan lês ik wat filosofysk.
Sa as no, it E-boekje
"Het leven als tragikomedie" fan Tim Fransen.
Ik kom yn dit boekje in moai foarbyld tsjin fan Ïnductie
ik fyn him fermaaklik