It is wat mei it fjoerwurk
De knallerij en ek fan dy ljochtsjes kin ik net genietsje
De rotsoai dy't op de grûn efter jout mij de grutte argewaasje
Der binne gelokkich lju dy't de muoite nimme
om de oare dei de biezum en in plestrik pûde te pakken
en op te romjen.
At it foar eigen hûs is, wurdt jongerein
wol oantrúnd troch âlders om op te romjen.
Mar at it fierder bij hûs wei is,
sa as op it terrein bij it Trochpaad,
dan bliuwt it lizzen.
Om alles op te rêden dêr haw ik gjin sin oan.
Myn bijdrageoan dizze fersmoarging is 0,0
Mar der leit op meardere plakken glês
De hearen hawwe harren gleskes stikken smiten
en dêr fytse meardere minsken troch hinne
Dus, mei de biezum der hinne en glês feie
De papieren rotsoai mar wat yn de goate fage
At de jongerein dochs noch opromje wol
dan hawwe se in makkie

Geen opmerkingen:
Een reactie posten