woensdag 31 december 2025

Gerlof

Gerlof Ykema  is krekt foar de krystdagen stoarn

Hij wenne yn Frjentsjer

mar wie foaral ek noch in Wommelser.

Hij hat syn jeugd hjir trochbrocht

en syn namme wie doe Gettie

Dat Gettie is bûten Wommels feroare yn Gerlof

Hij wie in man fan de horeka  en wenne op meardere plakken

Hij komt úteinlik werom nei Wommels

at er it wat rêstiger oan dwaan wol.

Mar rêstich oandwaan is in relatyf begryp 

foar Gerlof

De iisklup Winterwille blaast hij wat nij libben yn

mei entûsjasme wat oanstekt.

Wis Yn, it fysike blêd fan de KNKB,

dêr hat er it tige drok mei.

Mar foaral syn famylje helpe

dy't it horekapaad ek yngien binne.

Mei om dy reden ferhzuje in pear lyn nei Frjentsjer

Gerlof wie trou yn syn sosjale kontakten

Ik sjoch syn auto wit hoe faak stean mei Jan en Bep yn it Bosk

Letter allinne bij Jan

Ik mocht altiten wol oer syn ferhalen

dy't meast tichtbij de wierheid sieten

Ik mocht wol oer Gerlof

dy't mij in kear fertelt

hoe en wannear hij ferkearing krige mei syn grutte leafde Geeske

Dat haw ik in kear optekene op dizze bloch.

Gerlof en Geeske

It ferstjerren fan Gerlof sil in hiel grut ferlies wêze foar 

syn neiste famylje

In soad sterkte tawinske




Fytse yn 2026

 2025 wie in goed fytsjier.

Nea fytste ik mear as dit jier

12660 kilometer op dit stuit

en dan gean ik fannemiddei it trekpaad ek noch om

De lêste 27 jier jouwe in moai byld

Totaal mear as 300.000 kilometer

mei in gemiddelde fan 11.111 kilometer

Foar 2026 gean ik foar 11112 kilojmeter

dan sakket myn gemiddelde net



zondag 28 december 2025

Lekkerij

Sa sjocht it der woansdeitejûn yn de tunnel bij Wommels West út, omdat it wat friest.  De wand dêr lekt al jierren. 



Unbegryplik dat se dêr noch nea wat oandien hawwe, 

of witte se it net bij de gemeente 

It is foar rinners en fytsers libbensgefaarlik.

Ik haw hjoed in melding dien bij de Gemeente Súdwest-Fryslân. 

No mar hoopje dat sij der sa gau as mooglik wat oan dogge 

en dat se net trochferwize nei de provinsje, 

want dat haw ik ek al ris hân bij in oare melding 

flakbij de provinsjale wei.

Moai iis

Selden leit der sok moai iis yn de Boalserter trekfeart

Sneintemiddei is it hast simmer at wij der lâns fytse.

De sinne skynt fûleindich en de wyn is der net

mar it iis hâldt him noch goed,

alteast sa liket it

Wij hawwe it net prebeare









zaterdag 27 december 2025

Diet

 Al earder earne pleatst,


mar sa moai en sa aktueel, alle dagen wer

Diet Huber, yn 1980, hat ús warskôge


Krystkuier



Twadde krystdei rinne wij meast in Krystkuier

Bakkefean of Sint Nyk

Dit jier in oare omjouwing

Fanút Oentsjerk de Trynwâlden troch

It wie in moaie 10 kilometer (neffens de oankundiging)

mar it wiene der 12

Mear hoecht no ek wer net, 

it moat "leuk" bliuwe





 


woensdag 24 december 2025

Kryst en nijjier

 




Penfreon

 It Krystnûmer fan Diggelfjoer, de doarpskrante fan Wommels

hat in tema: Freonskip.

De redaksje hat op myn bloch sjoen 

dat ik in "penfreon" ha yn Manchester.

Sij freegje mij om dêr wat oer te skriuwen

Dat haw ik dien.

Sûnder oerlis mei myn penfreon, mar dy lêst it no ek

Op myn bloch




dinsdag 23 december 2025

Mear as 3000

 


Ik hie der oars wol efkes bij stilstean bliuwe wollen

mar it is mij ûntgien.

Mear as 3000 stikjes haw ik skreaun sûnt 2007

Ik sjoch net safolle nei de statistiken.

Lês en sjochsifers binne foar dizze bloch net fan belang.

Yn Hilversum wurde se dêr op ôfrekkene

It giet yn 2026 gewoan troch.

It is fansels wol moai om te sjen 

dat der minsken op de bloch sjogge

en dat je ek wol faak mûnling reaksjes krije.

It begong op 23 desimber 2007

en dit wie it earste stikje

It begjin

Is dit in earste stapke op it grutte wide web?
Nee, dit is in nij stapke.
En miskien wol in stap.
Altyd dwaande om websiden te fullen fan bijgelyks fuotbaljen, keatsen en doarp.
En net te ferjitten yn it skiere ferline fan myn freon Sibe de Seefûgel.
Bij dat fullen kinne je gelokkich ek wat fan je sels kwyt.
Mar it docht hieltyd mear bliken dat minsken earder op de teannen trape binne.
Dat dit sa is wit ik út erfaring, want dêr haw ik sels ek lêst fan.
En omdat ik in hekel haw oan hieltyd mar wer ôf te weagjen wat wol of net pleatst wurde kin en wat wol of net goed is foar de klup of feriening en omdat ik oer in hiel soad dingen in miening kwyt wol, begjin ik dizze blog (wat in ferskriklik wurd)
Dat dy blog yn it Frysk is normaal, liket mij.
Ik hoop myn aai hjir kwyt te kinnen.
Sa faak as mooglik.
En let wol op wat de titel is: datfynik.
En dat betsjut dat jim wat oars fine meie.
Like mij sels prima.


Fan 98 nei 100?

 


It wie in goed muzikaal jier foar mij.

Ik haw yn 2025 98 live optredens sjoen

fan bands of oare artysten

Soe ik de 100 helje?

Ik haw woansdeitejûn noch in moaie kâns

mei it motto : wa wurdt nûmer 99 en 100

Of hâld ik it leaver op dy 98

en gean ik takem jier foar de 100?





maandag 22 december 2025

Ljochtsjes

 Ik kin mij noch herinnerje

dat heal Wommels sa om en nabij Kryst

 'útrukte' nei de Hottingawei.

De famylje Boonstra die dan it stek iepen 

sadat wij dy Amearikaanske krystljochtsjo bewûnderje koene.

It wie bijsûnder safolle ljochtsjes en dat yn Wommels

It is no 2025 en hast 2026


At ik op hûs oankom dan waan ik mij efkes 

op it hiem fan Boonstra op de Hottingawei

It is ien grutte ljochtsjo yn tunen, hagen, gevels en doarren

Net allinne bij ús op Swingoerd sjogge jim dit

mar it hiele doarp sjocht der no sa út.

Fyn ik dêr wat fan?


Kryst en nijjier

 


zaterdag 20 december 2025

Dutch disease

 Yn Groot Sneek (wat in moaie krante is dat)

stiet in stikje oer twa promininte meiwurkers fan it Bolwerk yn Snits

Moai om te lêzen

Sij hawwe deselde argeaasje ha as mij.





vrijdag 19 december 2025

Spotify

It persoanlike jieroersicht fan Spotify is wer klear

In matich oersicht, 

want ik herkende in hiel soad dingen net.

Dat ik 36140 minuten harke ha yn in jier

dat soe best kinne

Dat bluesrock myn favorite sjenre is,

it is mooglik

Dat ik op 24 juny 98 protestlieten heard ha

ik nim it graach oan 

Dat is op 1 july 58 ferskillende sjenres harke ha,

it sil

Dat ik nei 2806 ferskillende arysten harke ha, 

ik sil it net bestride

Dat juf Roos en Marco Schuitmaker dit jier net yn myn top 5 stean

klopt ek, want Brecht (6 jier)  sit minder op myn Spotify 

en hat oare belangstelling

Mar

dat ik it faakst harke haw nei

Only love wil brake my heart fan Neil Young ferrast mij

dat Life, death and Dennis hopper fan the Waterboys

myn favorite album yn 2025 is dat ferrast mij hiel bot

dat myn muzykleeftyd op 51 stiet is net út te lizzen







woensdag 17 december 2025

Coen

Dy Iselmar doarpen en stêden bliuwe mij boeien

Ik lês no it boek it boek 'Wereldzee in de polder'.

Mei in boat lâns al dy plakken oan it wetter 

en dan de skiedsnis ophelje en fergelykje mei no.

De boat leit oan yn Hoorn en dan kinne je net om Jan Pietersz Coen hinne

Yn it ferline fereard mei in stânbyld mar de fraach is al hiel lang

at er dat wol fertsjinne hat.

In slavendriuwer wie it fan de boppeste planke.

Yn Hoorn is der alle jierren wol in diskusje 

oer wat se oan moatte mei dat byld op in prominint plak yn Hoorn 

wêrbij Coen ferheven oer it plein stiet te sjen.

Stean litte dêr of ferpleatse nei in park

sadat net alle Hoorn besikers dy man sjogge

Yn it boek stiet ek wol in aardich idee

It liket mij in publykslûker



dinsdag 16 december 2025

Romje

 

Dêr wie dan it momint

De grêfrjochten fan dizze stien rinne ôf.

Dizze foto is fan 2019 en sûnt dy tiid 

hawwe dy brune flekken harren wurk dien

De tekst is hast al net mear te lêzen.

As trije bruorren hawwe wij besletten

om it grêf te romjen.

Hast 65 jier hat syn namme trochlibbe op it tsjerkhôf 

Dêr komt no in ein oan

Yn myn tinzen bliuwt hij der wol

dat is al slim genôch


maandag 15 december 2025

Belje

 




Yn it AD in heale pagina grut ferhaal oer mem Angela

dy't de hústillefoan wer fan souder helle hat.

"Is dat een goed idee" freget de skriuwster har ôf

In prima idee, sis ik dan

en hingje him dan gelyk mar wer yn in kâlde gong (at dy der noch is)

en oars mar yn de garaazje

Oh ja, pak alle ôfstânsbetsjinningen dan gelyk ek op

dan is  dat "zappen " ek dien.

Boppedat in bytsje beweging is foar elkenien goed.

Gjin sin om op te stean, 

dan gewoan de hiele jûn nei de selde stjoerder sjen






Myn krystmerke

Jellie wol efkes yn Harich sjen

op de trije jierlikse krystmerke

Liket mij in goed idee

Ik haw yn dy buert noch wat net befytste dykjes lizzen

Dus komt Aldegea, Ealahuzen, Harich en Balk op myn paad.

Yn Balk in flinke slach troch de rekreaasje.

Net in minsk te sjen bij al dy útstjerde húskes

En dat yn in tiid fan wenningkrapte

Sûnder doel set ik yn alle doarpen in toer op de foto

Ik haw 36 kilometer fytst en der binne 14 nije kiloemetrs bij.

Wer thús bin ik tefreden en kâld.







Aldegea

Ealahuzen

Harich

Rk yn Balk




zondag 14 december 2025

KLetsfolk

Sneon moai op tiid thús nei in jûntsje muzyk.

Dat is net in doel mar in gefolch.

Der is rock muzyk yn Ons Gebouw yn Boalsert 

en dat fyn ik in goeie saak.

Dus gean ik dêr hinne yn de hoop fan de muzyk te genietsjen

Nee dus, 

Nei twa nûmers rin ik figuerlik al  blau en read oan fan argewaasje.

Spilet der in band en dan dogge je oars net as kletse

Hast al it Boalserter folk moat sa nedich dizze jûn kletse yn Ons Gebouw

Se wolle kletsend boppe de muzyk útkomme 

en dat slagget harren maklik meielkoar.

In oar plak oipsykje jout mij ek neat 

en myn ek nei de muzyk harkjende buorman Gerben Gerbrandy 

seit tusken twa nûmers troch

"dêr stean de Boalserters wol wat bekend om". 

Ik soe sizze moai sa litte en hâlde.

Sij harren praatjûn dêr 

ik myn muzykjûntsje earne oars.

De REM  tribute band ( Eponymous) fûn ik fierders prima

foar safier ik it allegear heare koe boppe it kletsfolk út.

De twadde band Milk & Alcohol haw ik mar net op wachte

want wat letter wat mear alkohol, wat mear stimferheffingen.

Ik fyts dus goed healwei alven rjochting Wommels

Oer de Bieren, dat dan wol wer.

Wat jim neist it kletsfolk heare op dit filmke , is de muzyk



dinsdag 9 december 2025

Sudersee

Wij hawwe hiel wat kearen it Iselmar om fytst.

Wij neame it de Sudersee rûte, 

omdat it fytsboekje ek dy namme hat.

Moaie rûte troch moaie stedtsjes

Stêden en doarpen mei in ferline

Dat sjogge je hjir en dêr

mar hoe't it krekt allegear gien is

doe't de Ofslútdyk der kaam 

en de ynpoldering klear wie

dat kinne je lêze yn dit prachtige boek fan Eva Vriend






Fjouwer gesinnen folget se troch de jierren hinne

en dêryn wurdt de lêzer meinommen 

yn alle feroaringen dy't er kamen 

yn Bunschoten-Spakenburg, yn Volendam, yn Den Oever en op Urk

Der ûntstiet in byld,

hoe't dy lju harren troch de feroarings hinne sleept hawwe.

In boeiend boek wêryn ek beskreaun wurdt

hoe't it sit mei dy ynteelt



Dat der hiel wat Urkers net weromkommen binne fan see

dat sjogge wij alle kearen at wij troch Urk fytse

oan it monumint bij it Iselmar


Utstelle

 Ik haw it net sa bot stean op dy minister Wiersma

Te licht. Fierstente licht.

Dat wie neffens mij al sa doe't se hjir deputearre wie.

Mar ja, de BoerenBoerenBoerenpartij ropt

en dan binne je samar minister

De NRC hat har koarte perioade op in rychje set

Wat je yn sa'n koarte tiid allegear ferkeard dwaan kinne

docht bliken út dit ferhaal


zondag 7 december 2025

6 jier

Us altyd entûsjaste Brecht is 6 wurden

Wat in feest foar har



Nijsgjirrich

Twa nijsgjirrige stikken yn de krante fan ferline wike

Neist elkoar ek noch wol

De krante is LC



Winterwoartels

 


Dit fyn ik wol grappich

Winterwoartels yn de winkel

en besykje de ferkeap te befoarderjen troch te sizzen

"De  favoriet van Ozosnel"

( dat skynt it hynder fan Sinteklaas te wêzen)




dinsdag 2 december 2025

Novimber is de museummoanne 

Mei myn museumjierkaart kin ik net nei de Tiid yn Boalsert

Dat fyn ik belachlik!

Ik bin wat yn twifel 

at ik dit wol in nijsgjirrich museum fyn.

Dan is 9 euro per persoan wol in flinke priis

Dus meitsje wij gebrûk fan dizze fergese moanne

Myn foargefoel is terjochte

Yn minder as trije kertier binne wij der trochhinne

en dan binne der ek twa ekstra útstallingen bij.

Miskien is dit foar toeristen wol nijsgjirrich

mar foar mij binne it tefolle bekende dingen





Teksten fan Gysbert Japicx



De útstalling fan oer Aggie van der Meer is wol nijsgjirrich