dinsdag 9 december 2025

Sudersee

Wij hawwe hiel wat kearen it Iselmar om fytst.

Wij neame it de Sudersee rûte, 

omdat it fytsboekje ek dy namme hat.

Moaie rûte troch moaie stedtsjes

Stêden en doarpen mei in ferline

Dat sjogge je hjir en dêr

mar hoe't it krekt allegear gien is

doe't de Ofslútdyk der kaam 

en de ynpoldering klear wie

dat kinne je lêze yn dit prachtige boek fan Eva Vriend






Fjouwer gesinnen folget se troch de jierren hinne

en dêryn wurdt de lêzer meinommen 

yn alle feroaringen dy't er kamen 

yn Bunschoten-Spakenburg, yn Volendam, yn Den Oever en op Urk

Der ûntstiet in byld,

hoe't dy lju harren troch de feroarings hinne sleept hawwe.

In boeiend boek wêryn ek beskreaun wurdt

hoe't it sit mei dy ynteelt



Dat der hiel wat Urkers net weromkommen binne fan see

dat sjogge wij alle kearen at wij troch Urk fytse

oan it monumint bij it Iselmar


Utstelle

 Ik haw it net sa bot stean op dy minister Wiersma

Te licht. Fierstente licht.

Dat wie neffens mij al sa doe't se hjir deputearre wie.

Mar ja, de BoerenBoerenBoerenpartij ropt

en dan binne je samar minister

De NRC hat har koarte perioade op in rychje set

Wat je yn sa'n koarte tiid allegear ferkeard dwaan kinne

docht bliken út dit ferhaal


zondag 7 december 2025

6 jier

Us altyd entûsjaste Brecht is 6 wurden

Wat in feest foar har



Nijsgjirrich

Twa nijsgjirrige stikken yn de krante fan ferline wike

Neist elkoar ek noch wol

De krante is LC



Winterwoartels

 


Dit fyn ik wol grappich

Winterwoartels yn de winkel

en besykje de ferkeap te befoarderjen troch te sizzen

"De  favoriet van Ozosnel"

( dat skynt it hynder fan Sinteklaas te wêzen)




dinsdag 2 december 2025

Novimber is de museummoanne 

Mei myn museumjierkaart kin ik net nei de Tiid yn Boalsert

Dat fyn ik belachlik!

Ik bin wat yn twifel 

at ik dit wol in nijsgjirrich museum fyn.

Dan is 9 euro per persoan wol in flinke priis

Dus meitsje wij gebrûk fan dizze fergese moanne

Myn foargefoel is terjochte

Yn minder as trije kertier binne wij der trochhinne

en dan binne der ek twa ekstra útstallingen bij.

Miskien is dit foar toeristen wol nijsgjirrich

mar foar mij binne it tefolle bekende dingen





Teksten fan Gysbert Japicx



De útstalling fan oer Aggie van der Meer is wol nijsgjirrich


zondag 30 november 2025

Fjoerwurk

Mei grutte argewaasje sjoch ik de bylden út de Arena

Wat in stikken ûnferstân

Dy klup wie sportyf sjoen al stikken

no is de klup hielendal yn in djiptepunt rekke





Puzelman




In moai Frysk boek fine is betiden noch net sa maklik

Mei foaral de nijere boeken haw ik wol wat muoite

om it boeiend te finen

Mei de 'Wraak fan de puzelman' haw ik in foltreffer

Wat in hearlik boek

yn moai Frysk

Sil sjen at  Hedzer mear moaie boeken skreaun hat

Paceshifters

Dêr binne se wer yn Fryslân

Paceshifters, in band út Olst en Wijhe

Us band.

Tsjeard en ik misse frijwol nea at se yn Fryslân binne

Ja, sels Hoogeveen, Grins en Alkmaar is ús dan net te fier.

Yn 2017 op it Greidhoekfestival yn Wommels

en freed stiene se yn DeBeatriks yn Ljouwert

In machtige jûn.

Net lulle mar spylje,

5 kertier in muorre fan lûd

In drummer fan wrâldklasse

en twa broers dy't mei ûnfersteanber sjongen

mar knallende gitaren de sound meitsje fan Paceshifters

Yn jannewaris dogge se Nirvana

en wij binne der bij yn de Oosterpoort yn Grins

Dat wurdt myn 14de kear Paceshifters

der is mar ien band dy't ik faker sjoen ha

34 kear Reboelje.....




zaterdag 29 november 2025

Wintersk

It liket de kommende wiken noch net op winter

No hoecht dat om mij ek net.

Stel no dat wij gjin winter krije dizze winter

Dat soe net raar wêze sjoen de klimaatferoaring

Dan haw ik altyd de foto's fan Amelân noch

Sneintemoarn 25novimber eage it as winter

en rin ik in slach troch Nes

Miskien is dit alles wol dizze winter







Fryske boeken

 


Gjin Sinteklaas sûnder in Frysk boek

Dat is in moaie kreet, dy soe no ek noch jilde moatte

Fa. Sipke Dijkstra fynt dat yn 1948.

In ferskaat oan boeken set hij yn syn adfertinsje

Fan de Gouden Swipe oant psalmboek,

fan Robinson Crusoë oant Utfanhûs bij pake en beppe



vrijdag 28 november 2025

Skilderij

Yn fan de keunstners op Amelân is Hella de Jonge

Sij is de frou fan Freek

Har skilderijen befalle mij wol

Iets skilderje mar mei in eigen boadskip der yn.

Nim no dizze

'De Redder en de Drenkeling'

Sjoch der goed nei


De rêder dy't neat docht mei syn hannen

gjin helpende hân

en de drenkeling 

dy't help siket mei syn hannen omhelp



Ek dizze fyn ik moai

Se hat Freek skildere

mar de titel is: "Hersens van Freek"

dinsdag 25 november 2025

Dat wie doe - Reinder en Rigt Posthuma

Yn Diggelfjoer fan novimber it ferhaal fan Reinder en Rigt.

Under it stikje fan Diggelfjoer it ferfolch, want der is mear te fertellen


It ferfolch

Foarhinne is de woansdeitemiddei de frije middei foar winkellju yn Wommels

mar yn harren bakkerstiid meitsje sij dêr in frije woansdei fan.

De winkel op woansdei ticht dat is wol efkes wennen foar de klanten

Neist de bôle bakt Reinder fansels ek banket lykas oranjekoeken

Tusken bakkers is ek in sûne "striid" dwaande foar it lekkerste of it moaiste 

De Posthuma's  hawwe meardere prizen wûn.

"Wer binne dy eigentlik", freget Rigt oan Reinder.

Ek dy hat gjin idee

It brea is meardere kearen ûnderskieden. 

Dat wie in spesjaliteit fan Reinder syn heit.

"Hij wie in echte breabakker"

Der binne meardere ferbouwingen west.


Op dizze foto is te sjen dat de romte neist de winkel it wenhûs is.

Dy romte is letter bij de winkel lutsen

sadat it winkeltsje in winkel wurdt.

Fansels hawwe der yn al dy jierren klanten west

dy't bijsûndere gewoanten hawwe en binne der moaie foarfallen,

mar dat bliuwt bij Reinder en Rigt.

It makket it winkelwurk ek moai.

mei de minsken en de winsken omgean

Utdaagjend is ek om yn te spyljen op de behoeften fan de klanten.

Dat komt fia Rigt bij de toanbank binnen 

en sij jout dat troch oan de bakker bij de ûne.

Yn 1999 komt de euro yn it plak fan de gûne.

Dat is foar harren in moai momint om te stopjen.

No fermeitsje se harren mei moaie hobbies thús.

( yn de Groeiwike koene jim dat bewûnderje)

Rigt is fan it itensieden  en Reinder bakt sa no en dan noch in cake

Yn waar en wyn moat de bôle útsutele wurde



De 50 kilo sekken mei moal lizze klear foar ferwurking



Amelân

In wykein op Amelân

wêr't de K fan Keunst

en de F fan famylje sintraal stiet

Bij Nes yn in famyljehûs,

moai sintraal om oeral efkes te sjen.

It hie wol wat warmer kinnen

mar it wie te dwaan

In ympresje



Gjin keunst, om sa'n foto moarns betiid te meitsjen




















maandag 17 november 2025

Kursus

De byblioteek yn Wommels hat wer in kursus.

"Omgaan met computer voor beginners"

Ferline jier wie dat der ek en doe wiene der 8 dielnimmers

Ik bin frijwilliger bij dat projekt.

Wij ha no twa kear in les hân op woansdeitemoarn

en it is wer bijsûnder om it mei te meitsjen

Neat witte fan kompjûters

em der ek neat fan witte wolle

en dan ynienen it dochs mar dwaan.

In hiele grutte drompel oer om je oan te melden

en dan konstateare dat er mear binne 

dy't dy drompel oerstapt binne

en ek fan neat witte.

It is moai om dy minsken op paad te helpen

want se binne nei twa lessen suver al wat entoesjast


 


zondag 16 november 2025

Bluesrock

In moaie freedtejûn. 

Mei de bus nei Ljouwert

Kafee Neushoorn mei bluesrock

Sa'n 100 man genietsje fan Innes Sibun

in band út Ingelân, mei Rory Gallagher muzyk

Hearlik

Fan 21 oant 23.10 oere sûnder ûnderbrekking

Smetpuntsjes wie der ek

Twa tige en twa iets minder ferfelende knapen 

dy't foaroan foaral onadacht ha woene

wylst it meast wat âldere publyk gewoan geniete wol

sûnder hieltyd in  triuw te krijen of oersprenkele te wurden mei bier

Neffens mij binne se op lêst mei (sêfte) hân de seal útwurke

troch de organisaasje

Smetpuntsje twa

In band dy't 130 minuten oan ien stik enerzjyk troch spilet 

en dan ropt der sa'n oeletoeter nei de lêste klanken

neist mei : we want more....

'Gean faker út' soe ik sizze



der wie ek noch in lytse útstalling mei ûnder oaren in gitaar fan Gallagher sels




vrijdag 14 november 2025

Blusse

 


Syb (3 jier) sit fol fan de brânwacht.

At er yn Wommels is, fytse wij altiten efkes oer it Aldhiem

bij de garaazje lâns, wêr't de twa auto's ynstean

Lêsten hat er bij de demonstraasje west.

Machtich fûn hij it.

Tongersdei is hij wer bij ús

en wij fytse ek efkes nei in buorkerij

"de boer" komt krekt werom 

nei in ritsje mei syn hynder en sjees

It hynder wurdt ôfklaaid en dan komt de spuit der op

Wat is dit freegje ik oan Syb.

It hynder wurdt blust.......


10 wiken

Tsjonge jonge

Ik moast yn tsjinst

1975- 1

Der wie gjin reden om mij ôf te karren

16 moanne haw ik mij ynsette moatten foar it lân

Marsjeare, skuonpoetse, sjitte, gewear skjinmeitsje

klean ynromje op mesbreedte, op de plaats rust,

ite yn de mess, op bivak, op je strepen stean

en bier drinke

16 moanne en doe hie ik it wol sa'n bytsje ûnder de knibbel

En no, 10 wiken......





donderdag 13 november 2025

Jierkalinder

Wij ha wat jierkalinders

Der lizze mar leafst trije yn it húske

Oer dy iene haw ik al ris skreaun.

Dat ferskriklike minne Frysk op de Fryske spreukenkalinder

It is hast alle dagen in griis

De oare kalinder dy hat tips

nutteleaze tips oer skjinmeitsje en sûnens

Nim no woansdei 12 novimber



Sjoch jim it al foar jim

Ik wat om grieme mei net skylde jirpels, in teedoek, tou en in pûde..

Ik soe sizze

Sukses der mei en gjin tank foar dizze tip

De tredde kalinder lit nostalgyske foto's sjen

út de jierren 80 sa ûngefear

Allegear apparaten dy't wij doe brûkten

en no âlderwetsk binne

of net mear brûkte wurde kinne

Foar 2026 gean ik op syk nei goeie kalinders

woensdag 12 november 2025

Moaie loft

 



In moaie loftfoto op Skylge is net dreech

Der is hast alle dagen wol ien of meardere mominten

dy't er ta dogge

dinsdag 11 november 2025

Hurde wyn

 



Yn de haven fan West besykje ik in foto te meitsjen

op de dei dat it dêr wynkrêft 8 is


Op it strân waait it ek hurd






zondag 9 november 2025

Wei, mar.....

Mar leafst 139 minksen gean dea yn dit boek

Earder foar de radio foarlêzen troch Waringa

no yn boekfoarm

Ik fûn it moai om te lêzen





 

zaterdag 8 november 2025

Moaie teksten

 

Wij gean meielkoar nei it Wrakkenmuseum yn Formerum

Leuk, al dy rommel dy't se fûn hawwe

en útstald hawwe

Noch leuker binne de teksten yn it museum







Mei Samme en Nyck

 

It Strieper froutsje mei it Wommelser jonkje

Nyck en Samme op it dún

Wij sieten flakbij it waad en dat is foar bern geweldich