dinsdag 31 december 2024
Sifers 2024 en doelen 2025
It sifermatich produktyf jier 2024
8.400 kilometer fytst op in E fyts
3620 kilometer fytst op in gewoane bukfyts
322 kilometer draafd
518 kilometer rûn
48 nederlânstalige boeken lêzen
8 fryske boeken lêzen
2 E-reader boeken lêzen
91 bands ensf live sjoen
0 kear mei de hûn rûn
Doelen 2025
400 kilometer drave
mei as haaddoel de 10 kilometer Berenloop yn novimber op Skylge
2600 kilometer op fyts
7401 kilometer op E bike
400 kilometer rinne
Wandrer
Doel is te fytsen oer 75 % fan alle diken/fytspaden yn Fryslân
It sit no op 35%, dat is 4.379 kilometer
Doel foar 2025 is op 60 % te kommen
Gemeentechallenge
Ik haw sûnt april 2020 yn 75 % fan de Nederlânske gemeenten fytst
Doel foar 2025 is 90 %
Postkoadeschallenge
Dizze challence is nij.
Fanôf april 2020 haw ik 41,65 % fytst
Doel foar 2025 is 75%
Delta
It wie wat maklik om it Delta glêsfeselnetwurk oan te skaffen
Superfluch ynternet en fergees oanlein, wie it lokkerke
Yn jannewaris 2024 sletten se it oan.
Ik hie Ziggo ek noch efkes oanhâlden
sadat ik fergelykje kin.
Delta is in tsjinfaller
Hielendal net supersneller as Ziggo.
It jier is om en yn myn agenda
stiet alle lange tiid: Delta opsizze.
Dat is noch net samakllik.
Fia ynternet en harren supersnelle glêsfezel kin dat net
Ik moat belje
Dêr bin ik net gerêst op en nim mij foar
dêr in healoerke foar út te lûken.
In healûrke is te min.
Keuzemenu 'opsizze"
dan frees ik it slimste
dy komme as lêsten oan bar.
Nei 36 minuten in dame oan de line
Ik jou de gegevens op.
"Dus opzeggen"
"Waarom"
'Omdat Ziggo better is'
"Ik zet u in de wacht dan komt er zo een kollega die dit regelt"
Wer 3 minuten wachtsje
De kollega:
"Mag ik uw gegevens"
"Ik zie het, dat pakket, dat gaan we regelen,
ik zet u even in de wacht, 1 minuut,
dan krijgt u een collega die dit kan afhandelen"
1 minút is bij Delta 4 minuten
want nei 4 minuten krije ik de ôfhandelkollega:
"Mag ik uw gegevens"
Ik hâld it net mear.
"Gegevens? die heb ik al twee keer opgegeven
bovendien ben ik nu 44 minuten aan de lijn,
en nog steeds zonder resultaat".
Dat stiet menear net oan.
Hij falt mij yn de rede dat "ik kalm moet zijn'
oars kin hij it net oplosse.
Ik jou noch in kear op dwingende toan oan dat......
tút...tút....tút
Menear Delta hat de ferbining ferbrutsen.
Dêr sit ik dan nei 48 minuten.....
Ik wol fan dat Delte ôf, dus mar wer besykje
Nei 19 minuten wachtsje de selde prosedure.
Earst de frou mei de selde fragen
dan wer minuten wachtsje in man
mei deselde wurden,
"ik zet u in de wacht voor een collega om het af te handelen"
nei 8 minuten de ôfhannelkollegea oan de line
In frou, alderfreonlikst, krekt as mij.
Nei twa minuten is it beslikke
Nei 1 oere en 22 minuten bin ik fan Delta ôf.
vrijdag 27 december 2024
Gemeentlik grapke
Dat wij no in ûnderdiel binne
fan in fierstentegrutte gemeente moat in oorsaak ha.
Wêrom hawwe wij net op tiid ferkearing socht mei Wûnseradiel
om mei Boalsert as haadstêd in moaie gemeente te meitsjen.
Wêrom net?
Wat is der mis gien yn it ferline?
Ik haw it fûn.
It kin net oars as oan dit ferhaal lizze.
Ik begryp it skeel mei Wûnseradiel en Boalsert no hiel goed.
Wûnseradiel as saneamde "grappenmakker"
en Boalsert as útfierder
Yn 1959 is it dus mis gien
donderdag 26 december 2024
In hûn deryn ....
......ik der út
dat haw ik altyd sein, at ús bern om in hûn freegje.
It is al lang dúdlik, ik haw neat mei hûnen.
Ik wurd der ûnrêstich fan.
Rinne mei in hûn ?
Ik tink net dat dat er ea fan komt.
Dit wykein hawwe wij in útfanhuzer:
in hûn, in jonge hûn, drok dus.
Jellie gong der mei te rinnen
en ik prate wat mei him.
Del, del en sa
Silke is net wend oan in trochgeande dyk te wêzen
dus wat beweging dan is it opstean ek koekeloere
Is it hûn, dy't foarbij komt
dan is it wat mear dan dat.
En ik....
Ik sit er bij en meitsje in moaie foto
fan in leave hûn
woensdag 25 december 2024
Mei taal boartsje
Sygrid van T Zet skriuwt prachtige koarte fersen.
Fersen mei gefoel foar taal.
Meast yn it Frysk mar ek wol yn it Nederlânsk.
Ik folch har op Facebook
en sij ferrast mij alle kearen wer.
Sygrid wie dit jier ek op it Skrikfestival
mei in ferhaal en in pear koarte fersen
Op 22 desimber stiet dit prachtige fers op har side
Ik "pik" it mar efkes yn de hoop
dat mear minsken har folgen gean.
Fryske metalenjûn
Sa sjocht it programma derút
op myn lêste muzikale feessie 2024,
Net in ferkeard feessie liket mij de Frisan Metalnight ta
It is de 20ste kear en ik haw der noch net earder west.
It is drok yn Neushoorn,
sa drok dat efkes letter op de doar it buordstje "útferkocht" stiet
wylst it ek noch fergees is.
Wat in moai feest
Krinten?
Kronol, fol fjoer mei in tige enersjike sjongeres
My Minds Mine, wat in hearlike sound, meislepend,
de eardopkes hiene der wol yn kinnen
Brainbasket, woh, ik hâld dus fan death metal,
die mar wer bliken.
Geweldich optreden
Oaren?
Drôvich hat pech mei it lûd,
Earst fierstente sêft en dan in gitaar dy't hieltyd skrast
Bildtstar lekkere hardrock mei fjoer en al,
mar it miste de echte dynamyk dizze kear
Mei Deafened to Death en Dimaeon is ek neat mis
De bustiid ropt mij ta de oarder.
Helaas, moat ik trije bands misse
Mar miskien is 7 wol genôch...
Dy lju fol Qbuzz hawwe it noch net op oarder
Neat die it op it stasjon en yn de bus
In fergees ritsje nei Wommels
![]() |
wol wat spitich dat er altyd ien mei in keale kop foar mij stean giet, it glinstert sa |
zaterdag 21 december 2024
Goed miss
De Miss ferkiezing is oan de ein kaam.
Notabene nei Swarte Pyt
Wat is der mis mei swarte Pyt?
Neat
Wat is der mis mei Miss?
In hiel soad.
Beoardielje op úterlik,
je opmeitsje om moai te wêzen,
popperich gedrach fertoane
en yn in wrâldsje komme dy't ferkeard is.
De ferkiezing sportman, sportfrou, sportploech fan it jier,
fuotballer of atleet fan it jier is ek sa iets frjemds.
Kieze tusken
in auto koureur dy't kompleet ôfhinkilk is fan syn team en de elektroanika
In hurddraafster, dy't it op eigen krêft docht mar de snelheid net hellet fan in auto
In reesfytser dy'mei gefaar foar eigen libben alle risiko nimt op in brike libbensgefaarlike baan
In hurddraafster dy't op de 100 meter as in speer giet,
In swimster dy't frijwol neat sjocht
It is gjin dwaan om dêr ien út te kieze
en talrike oaren teloar te stellen.
donderdag 19 december 2024
Gaat heen
Taalferoaret, oars is it in deade taal.
"Brugwachter gaat heen"
at ik dat lês tink ik oan it slimste.
Mar it falt ta
Hij giet fan Tsjerkwert nei Wommels
In hiele ferbettering sis ik dan.
woensdag 18 december 2024
de Weerd
Wij dogge in slach troch Gaasterlân.
Op de fyts.
Tusken de beammen waait it iets minder
Bij Nijemardum jout Jellie oan
dat hjir in de Weerd lizze moat
Yn har herinnering hat se hjir doe west op begraffenis.
Jellie is in Holtrop mar de Weerd fan memmekant
It klopt dus.
Yn 1970 stoar Theunis nei in ûngefal, 41 jier âld
wylst syn frou Hilda (nei in sykte) mar 34 wurden is.
Ik haw thús wer hiel wat út te sykjen
want mei de famyljerouadfertinsje yn de LC fan doe
kin ik jûnen foarút.
Dat hawwe je at je lykas Theunis
út in gesin fan 11 bruorren en susters komme
![]() |
de foardoar |
![]() |
de efterdoar |
dinsdag 17 december 2024
See you later alligator
At de pakesizzers fuortgean
dan sizze wij faak
"see you later alligator"
sûnder ús ôf te freegjen wêr't dat wij komt.
Op de kalinder De tijdloze mei allegear muzyknijtsjes
stiet op 12 desimber in aardich ferhaaltsje oer Bill Haley en the Comets
Hij skriuwt it liet net
mar omdat it flopte yn in eardere útfiering
sette hij it op nij op de plaat yn in heger tempo
In moai filmke fyn ik
at je betinke dat it begjin is fan de rock 'n roll
maandag 16 december 2024
Op jacht nei postkoades
zondag 15 december 2024
Krystpakket
Dat is lang lyn, in krystpakket krije.
As frijwilliger bij de byblioteek yn Wommels
wurd ik dêr mei ferrast.
Net in bon mei koade en dan wat útsykje op ynternet
nee.....
gewoan in doaze mei alles
wat wij oars net keapje.
Allegear hearlik tink ik
Ik hoop al dat wij wat help krije.
Mei de oare frijwilligers haww wij dan sa'n noflik oerke
mei kofje/tee, gebak, wat sûkelade
en in taal bingo,
want dat heart fansels mear bij in byb as in siferbingo.
Oh ja, ik bin de ienige manlike frijwilliger
Nyk
Yn de Westerkerk yn Ljouwert (foarhinne Teater Romein en no Podium Explore)
is juster de nije cd fan keunstner Nyk de Vries lansearre.
In boeiend optreden mei âlde nûmers (út syn Amp tiid) en de nije nûmers.
Muzikale freonen jouwe him stipe.
Bijsûnder is de tribute mei Reboelje muzyk
oan de earder ferstoarne Mariusz de Boer en Tiede Lanting.
Durk Hogendorp, ek fan Reboelje, spile op de akoestyske gitaar mei.
It is yndrukwekkend foar in grut Reboelje leafhawwer lykas mij.
Oh ja, de hurde tsjerkebanken stean noch yn de tsjerke en it lûd is noch altiten prima
Hjir spile Durk mei
De deade maan yn in prachtige útfiering fan Nyk de Vries.
Spitich dat ik dy net hielendal opnommen ha
vrijdag 13 december 2024
Postkoade útdaging
Wielervrienden.nl hâldt bij (fia Strava)
yn hokker gemeenten yn Nederlân ik fyts
Ik fyn dat prachtich en it jout in útdaging.
Ik sit op 75 % en wol yn 2025 nei 90 %
Wielervreinden hat ek de postkoade útdaging
Der binne sa 4000 postkoades yn Nederlân.
Tongersdei fytste ik nei Snits en fia Skearnegoutum werom
dat levert 17 postkoades op.
Ik sit no 0,42 %.!
De kommende wike krij ik it oersicht
fanôf april 2020....
Ik tink dat ik wol op sa'n 50 % útkom
Is it mear dan falt it mij ta.
Is it minder dan haw ik noch wat te fytsen yn 2025
woensdag 11 december 2024
De stoomboat
In stikje út 1955
Wommels hat in stoomboat
Op ien dêrfan stiet dizze stoomboat, mei ek de namme De Wal der ek op,
at je goed sjogge
It soe him samar wêze kinne
maandag 9 december 2024
Kaarten
Sneintemiddei fyts ik yn alle kjelt efkes nei Littens.
It team fan Oosterlittens 1 moat balje tsjin de Blesse 1
Noflik allinne stean mei de wyn yn de rêch
en Langs de Lijn yn it ear.
Hearlik is dat.
"He, dy skiedsrjochter komt mij bekend foar"
He, dat is H.
Ik mei oannimme dat de trainers fan beide klups
harren mannen warskôge hawwe.
"mûle ticht, want oars rinne jim tsjin in kaart oan"
Yn de earste helte net folle gedoch,
foar de bewuste skiedsrjochter moat
dat as in teloarstelling field hawwe.
"Dat se net tsjin mij seure, is net leuk....."
Dus......
Yn minút 44 mei Littens in hoekskop nimme.
Wylst de spiler nei de efterline rint om de korner te nimmen
springt de klok op 45.
"Dit is myn kâns" tinkt de skiedsrjochter
en hij fluitet foar de rêst.
Ferbjustering bij Littens en ferbazing bij de Blesse
It slagget goed dizze set.
Der giet in spiler ferbaal tekear,
tsjin de man yn it wyt en dat is dom
Giel dus...
Dat hij dan noch mear ferbaal tekear giet is noch dommer
Wer giel is read.
"It is wer slagge", tinkt de skiedsrjochter
boppedat stean ik yn myn rjocht.
Tiid is tiid en ageare is giel
zaterdag 7 december 2024
vrijdag 6 december 2024
AI
It seizoen 1979-2980 fuotballe ik yn SDS 3.
Dat is dan it heechste rekreatieve team fan SDS.
Yn 1980 doe't dizze foto makke is
wie der noch gjin AI, de keunstmjittige intelligensje
Dy AI fan no kin fan alles, sa as it anylisearjen fan foto's
It programm wat ik berûkt ha
beskriuwt binnen 5 tellen wat it sjocht.
Fermaaklik...
De foto, die ogenschijnlijk op een sportveld is genomen, toont een groep jonge mannen in sportkleding. De voorgrond wordt gedomineerd door een lagere rij mannen in gehurkte posities, terwijl de tweede rij hoog staat.
De achtergrond is voorzien van een rij bladloze bomen, wat duidt op een late herfst of vroege lente. De lucht is bewolkt en de grond lijkt een kortgemaaid grasveld te zijn, wat mogelijk duidt op een speciaal sportterrein.
De algehele sfeer suggereert een ontspannen maar levendige gelegenheid, misschien een teamfoto.
De mannen lijken van Kaukasische afkomst te zijn, meestal in hun late tienerjaren tot begin twintig. Ze lijken bij een sportteam te horen en vertonen een joviale stemming. Ze zijn uniform gekleed in witte shirts met lange mouwen en donkere shorts, wat duidt op een gevoel van kameraadschap en verbondenheid.
Hun kleding is eenvoudig maar schoon, wat duidt op een middenklasse-achtergrond. De emoties die worden overgebracht, zijn overwegend vrolijk en ontspannen. Het lijkt erop dat sommigen rechtstreeks in de camera kijken, terwijl anderen bezig zijn met zijgesprekken of wegkijken.
De foto zelf lijkt te zijn genomen met een eenvoudige analoge camera, waarschijnlijk in de jaren 70 of 80, gebaseerd op de beeldkwaliteit en de kledingstijlen.
De subtiele variaties in de kapsels en gezichtsbeharing van de mannen, samen met hun lichaamstaal, wijzen op individuele persoonlijkheden en rollen binnen het team. Een ander detail dat gemakkelijk over het hoofd wordt gezien, is de ogenschijnlijk amateuristische aard van de fotografie, met ongelijke belichting en een enigszins wazige kwaliteit.
Er zijn ook verschillende niveaus van spierdefinitie bij de mannen, wat duidt op verschillende niveaus van atletische toewijding. De plaatsing van de mannen suggereert een mate van informaliteit, zonder strikte poseerinstructies; het voelt meer als een spontaan vastgelegd moment dan als een formeel portret.
woensdag 4 december 2024
Oarlochsyndustry
As pasifist yn Wommels moatte je yn de jierren 50
in raar gefoel hân hawwe.
Der is net folle yndustry neist de suvelfabryk.
Twa bedriuwen springe der út
UTIOR en Hommema
At sij in oarder krije stiet dat yn de krante
dinsdag 3 december 2024
Foar in prikkie
It is 1958.
Oan de Hofkamp stiet in dûbele wenning te keap.
Nûmer 64 en 66.
Der is in bod fan 352 gûne.....
It is útsûnderlik leech.
Dat is grut nijs. Kranten berjochtsjes hjiroer.
De Telegraaf giet der mei op de loop.
Huzen foar in habbekrats yn Fryslân, sa witte sij it hiel grut te meitsjen yn Amsterdam en omkriten.
Notaris Tuinstra fan Wommels wurdt oerladen mei fragen. Wêr stean dy oare goedkeape huzen dan, freegje se him.
Dy binne der net. It is in útsûndering.
De huzen binne fan bûten suterich en fan binnen wat skeind troch in brân. Mar der is wol elektrysk en in reinwetterbak.
Mar 352 gûne is wol in hiel lyts bytsje
Yn de Telegraaf stiet sels in spotprint.
It hûs wurdt ferkocht yn july en levert úteinlik 578 gûne op.
Net in Amsterdammer dy't it oandoart mar gewoan in Boalserter.
De twa hûzen hawwe letter plakmakke foar it fyts en rinpaad nei de dr Sipcke Stapertstrjitte.
.jpg)
De 5 fan mij
Dy Fryske top 100 fan ferline jier
wie twa kear neat.
Miskien wol trije kear.
Te min pit, tefolle janknûmers.
Ik sil mij der no persoanlik wol mei bemuoie
Doch jim bêst,
goed foarbyld docht goed folge.....
maandag 2 december 2024
Nij sjurt
Wij wiene sneintemiddei bij Pro-Pain yn Drachten
Dêr wie aardich wat folk
Metal en hardcore is foaral yn de wâlden populêr,
Ozzy is der ek,
dy komt út Spannum, de greidhoeke
hij rint altyd yn in sjurt fan Motorhead of Deep Purple.
Hij is meisleurd troch twa leafhawwers út eigen doarp.
dat is net sûnder risiko,
want se hâlde him bij de preek wei.
Pro-Pain befalt him pûrbêst, seit hij nei ôfrin
hij is syn dooarpsgenoaten foar ivich tankber
en grutte kâns, at jim him ynkoarten sjogge,
dat er in Pro-Pain sjurt oan hat
in groet mei de pink en de wiisfinger
stelt er fêst op priis
Survival
Surival is in groeiende sport.
It is ûntstien yn it doarp Beltrum yn de Achterhoek
Wij hawwe it dan oer 1988.
Yn 1991 wurdt de Survivalrun Bond oprjochte
en der binne dan sa'n 300 leden.
Anno 2024 binne der sa'n 50 trainingsorganisaasjes
mei sa'n 10.000 leden.
Yn Fryslân is der in klup yn de Knipe, Koatstertille
en Bitgumermûne.
"Survival is in no-nonsens sport foar oanpakkers en trochbiters,
Bûtensporters dy't harren grins graach ferlizze"
Snein bin ik yn de stêd Grins, wêr't in survivalrun is.
Ik bin gjin grinsferlizzer en seker gjin trochbiter,
it meidwaan lit ik oer oan soan Tsjeard en syn maat Jan Galema
Hûnderten dielnimmers yn ferkate kategorien
fan jong oant âld.
Kreas yn de skjinne sportklean en skjinne skuon geane se fan start
as bargen komme se wurch en kâld werom.
Tsjeard docht 8,5 kilometer mei wit ik hoefolle hindernissen
en Jan docht syn earste run fan 5 kilometer
Ik rin it diel fan it parkûr wat op en del
kom ek ta 8 kilometer, kâld mar wol skjin
en meitsje wat filmkes en foto's.
![]() |
Survival is foaral ek wachtsje op in oar |
Wat in trochsetters binne it yndie,
wêrbij de spierkrêft yn de earmen en skouders flink testen wurdt
Beide komme oer de finisj mei it reade bantsje
(at in hindernis net goed trochrûn is, moat je it bantsje ynleverje)
en nei in waarme dûs en wat alkoholfrije drankjes
hawwe se noch energjy om nei Drachten te gean
want dêr stiet yn Iduna middeis om 5 oere
Pro-Pain op de planken.
Dat is in hardcore metal band út Amearika
en wat soargje se foar in geweldich konsert
Ta beslút, as groet oan de band
moat de earm omheech mei de pink en wiisfinger omheech
Dat slagget mij wol,
mar de twa sporters net mear