vrijdag 13 september 2024

Taalkuier

In taalkuier yn Wommels, organiseare troch de biblioteek.

In kuier fan de byb nei it tsiismuseum.

Tidens dy kuier mocht ik iets fertelle oer de gebouen

dy't noch herinnerje oan de goeie âlde molkfabrikentiid yn Wommels

De tiid dêr foar en de tiid dêr nei.

Wat in prachtige jûn hawwe wij.

In stik as 10 minsken út in oare lân en in oare kultuer

en wat minsken út eigen doarp dy't helpe mei taalles.

Wij prate Nederlâns (dat is wenne)

en wij reitsje aardich yn petear meielkoar.

Yn it museum docht Ger van Putten syn ferhaal

en erfarings  oer tsiismeitsje wurde útwiksele.

Wat in moaie ynsichten komme oan de oarder.

Kin wol wer ris...







Triatlon


Dizze pion op de dyk

stie freedtemoarn bij de wynmûne fan Iens en Wommels

It wie it kearpunt fan de fytsers

dy't meidiene oan de jeugdtriatlon

Nei twa kilometer bealichjen yn de wyn op,

mochten se mei wat oanmoedings fan mij werom nei it swimbad

om dêr noch wat rûntsjes te draven.

Wat wie it wer in moaie barren.

Swimme, fytse en drave

Twa skoallen út Wommels en ien skoalle út Weidum diene mei

It giet net om winne, mar om it meidwaan

Nei ôfrin krije se allegear in kreas oranje teasjurt.



Vera

Vera yn Grins,

Net dat ik der faak kom

mar in moaie skiednis fan 50 jier popmuzyk 

dat is prachtich.

"Niets zo leuk als een band op het juiste moment zien en horen"

stiet der yn de tekst yn dit artikel

Dat kin ik ûnderskriuwe.

"Idles", no wrâldferneamd 

dy seach ik dêr yn 2018 op in gewoane tongersdeitejûn.

Dat fielde doe sa bijsûnder

en dat wie it dus efterôf ek.




Speak

 Dit jier gjin Jorwert iepenloft foar mij.

Ik bin net fan de mjoesekuls,

better sein ik moat neat fan dat soarte fermaak ha.

Jorwert kiest der dit jier foar dus op syk nei alternatyf.

Arum

Baarderbuorrenbosk

Nea west, 

mar wat in moaie lokaasje

Wat in hearlike sfear bij it stik Speak.

Om te gnizen fanwege it bisarre ferhaal 

en de moaie, faak dûbele teksten.

Om te janken fanwege it tryste ferhaal

Mei oare wurden it wie fan alles wat.

Lekkere stevige muzyk wat wol ik noch mear.

Yn Aryn spylkje se ien kear yn de trije jier.

Ik sjoch der no al wer nei út.










woensdag 11 september 2024

Himelbestoarmje


Dit is de Beech 18.

Der binne 9000 fan makke en der binne no noch 250 yn registrearre

Dat stiet op Wikipedia.

Ik haw noch nea fan in Beech 18 heard.

Oant juster

Doe krige ik wer in kaart út Manchester

Tjallema wol mij dêr yn ha.

Ik wit net,

want ik wol de himel noch net bestoarmje

Noch lang net.




 

maandag 9 september 2024

Fiifhûs

Fiifhûs

ik wit wêr't it leit, mar der hinne fytse dat bliuwt mar der bij.

Oant snein, at ik op de fyts nei Blauhûs gean

om bij it fuotbaljen te sjen.

Under de reek fan Wolsum, 

leit oan de Boalserterfeart Fiifhûs.

Ik fyts der hinne 

en kom bij in in streekje huzen.

Ik sjoch gjin bijsûndere dingen.

Thús  sjoch ik noch efkes op ynternet

at Fiifhûs ek in ferhaal hat

sa't elk doarp dat hat.

Ja dus.

Nijsgjirrige side oer Hantsje Zijlstra


Neiskrift

Krige in tip troch oer de doku fan NPO 

Sjoch hjir



woensdag 4 september 2024

Norman

Sosjaal, belutsen, konkreet, ûndernimmend, 

humorfol, yn foar in diskusje,

mar boppe alles in famyljeman, 

dat is

Norman

 

ús sweager, troud mei Tineke, Jellie har sus

Ik learde him kennen yn 1978.

Hij wenne yn Alkmaar en wij yn Hichtum.

Wij skreaunen elkoar earst brieven

yn it Bokwerders

Dat is ús kompromy




Hij neamde himsels Jan de Hollander

Frysk prate is der net bij, mar hij ferstiet it wol (sa'n bytsje)

ek al is hij berne yn  Noard Hollân en wennet hij dêr 

Mei Norman yn de famylje komt der dynamyk.

Gjin Hollânske bluf mar diedkrêft

It famyljewykein op in kamping, no al hast 25 jier,

is útgroeid ta in bijsûnder Holtrop barren

en mei Norman der bij ûntwikkelt it him hieltyd mear.

Nijjiersdei, in buorrel meielkoar?

Gjin probleem it kin wol bij harren yn Frjentsjer,

wêr't se no al lange tiid wenje

In wykein fuort mei de seis Holtroppen en oanhing

Norman regelt  mei en geniet der fan.

In moaie herinnering (2018) is ek ús muzykjûn yn Amsterdam.

Dropkick Murphys yn Afas Live.

Tsjeard en ik nimme Norman en syn soan Martijn mei.

Wij drinke foar, wij drinke nei en dêr tuskenyn rocke wij.

Norman bedarret yn it pit en wit net wat him oerkomt.







Amsterdam noch efkes yn


Ein maaie is hij der noch bij op it famyljewykein yn Elsloo

Hij set tinten op foar de bern, 

sa't er dat altyd dien hat sa'n wykein.

It kost him in soad muoite dat sjogge wij allegear,

mar foar Tineke en de bern en bernsbern stiet hij altyd klear.

Ek de famylje kin altyd op him bouwe.

Ien fan syn  spesjaliteiten is de reade wyn útsykje 

en yn it wykein priuwe.


Op 1 septimber 2024 is Norman stoarn nei in koart sykbêd.

Noch mar 78 jier.

Ik sil him misse, 

wij sille him allegear ferskriklik misse.






jongkeardels, hij en ik