dinsdag 30 september 2025

Bolwerk 50 jier

 

Yn it Atrium yn Snits is in  útstalling oer 50 jier Bolwerk. 

Wol aardich om wat herinneringen op te heljen oan de hân fan kranteknipsels en posters. 

Myn eigen argyf seit dat ik sa'n 125 bands/artysten dêr sjoen haw. 

De measten fanôf 2010 doe't ik yn myn twadde jeugd kaam. 

Dit jier sit ik op 9 bands en it jier is noch net om. 

Der is mij in soad bij bleaun, 

mar mei Pro-Pain (dêr twa kear sjoen) kinne wij (Tsjeard en ik) altyd goed út de fuotten.





1970

 


Hjir gean ik de kommende dagen oer neitinken

1970 

wat wie doe myn libben

16 jier

maandag 29 september 2025

Genoeg

Wij  hawwe op "Genoeg" in abonnemint.

In fearnsjierblêd mei safolle ynspirearjende ferhalen, 

moaie reportaazjes en sinfolle tips

Net dat it troch dat blêd komt mar ek troch oare dingen 

sko ik hieltyd mear fuort

út myn fêste patroanen en keuzes

en sykje mear nei en fyn mear sinfolle aktiviteiten

Ek myn boekenkar ferskood  wat fan trillers 

nei nijsgjirrige lytse en grutte biografien

It betsjut wol dat ik iets mear op mijsels bin,

dat ik hieltyd mear mij sels bin.





zaterdag 27 september 2025

Keihurd

 



Keihurd, sa hjit it festival yn it Bolwerk yn Snits hjoed

8 bands mar leafst fanôf 16.15 oere

Ik pak de earste trije bands mei

Hearlik!

Hardrock mei PALE

Trash-metal mei Disintegrate

Punk mei Intoxication

Ik hie de eardopkes mei en moast se dizze kear ek brûke







vrijdag 26 september 2025

Stop

 



It is wat mei al dy dyk opbrekkens bij ús yn de buert

Bij Easterein, bij Rien en bij Itens

No koe ik altyd wol troch Itens fytse

mar ynienen hawwe se de boel hermetysk ôfsletten.

Miskien dat je mei keunst-en fleawurk

krekt troch de berm kinne

mar mei myn swiere fyts liket mij dat net in goeie opsje.

Spitich dat se oan de ein fan de middei net wat iepener meitsje

Brân

De froulju nei de Jouster merke

en ik in dei mei Syb.

 It is wer in moaie dei mei him

Sljocht op bisten en de fearkes dy't hinnen ferlieze

Bij Lucas in tûke stoofparreplukker

en in kastanje ûnder in beam komt yn de tas

Mar it moaiste is op it begjin fan de middei

Hij boartet mei syn brânwarauto

en ropt ynienen "der is brân"

Yn myn entûsjasme rop ik: 

ja, der stiet in buorkerij yn de brân, wij moatte der hinne"

Dat is net oan dovemansearen rjochte.

hij draaft nei de garaazje

docht syn tinkbyldige learzens oan,

lûkt syn tinkbyldich pak oan

en set syn tinkbyldige helm op.

Ik sil nei de fyts,

mar hij sommeart mij ek dat selde te jaan.

Dus learzens oan, it swarte pak oan en de helm op.

Ik fyts hij hat de auto yn de hân mei de sirene oan.

"wêr is de buorkerij"

ik kies foar de pleats dy't it tichtst bij stiet

en sa fytse wij rjochting de Reuzepôle

"Sjoch de hynders binne der al út en de kij rinne ek al yn it lân",

meitsje ik him wiis.

De sirene giet út

want wij kinne net yn de pleats,  jou ik oan, want dêr is it te waarm

"It is klear sis ik dan" en dat fynt hij gelokkich ek.

Wij fytse it trekpaad noch efkes om

en fytse fansels ek efkes bij de brânwargaraazje lâns.






dinsdag 23 september 2025

Frouen

It is tafal dat ik twa boeken oer frouen tagelyk lês.

It hinget der soms fan ôf wannear in boek beskikber is yn de byb.

Totaal ferskillende boeken

Ik  mei se net fergelykje

Ik doch it al.

Powerfrouen giet oer sukses. 

Sichtber sukses yn de muzyk

In wrâld fan kontrakten en jild.

Genietsjend fan de rom en de ear

Mar soms ek teloarstelling at it oer is.

Yn it boek giet it oer sa'n 70 frouen 

lykas Anouk, Conny Vandenbos, Bojoura, Meau en Froukje

In boek dat ik reedlik gau út haw 

en wat net hingjen bliuwe sil yn myn tinzen


Bij 'Striid sûnder ein" is dat wol oars.

Wat wurdt it libben fan Trui Jentink prachtich beskreau troch Itty Sluis

Wat in frou wie dy Trui, dochter fan in dûmny

Har hiele libben striid fiere

Stride tsjin har heit en mem

stride tsjin ûnrjocht binnen en bûten de tsjerke

stride tsjin dranksuchtige mannen

stride tsjin boeren en feanbazen omdat dy harren macht brûke

Opkomme foar de armen, de wezen en foaral de froulju.

Dy âlde Fryske taal dêr wurd ik ek sa bliid fan

Wat in moaie wurden , wat in prachtige sinnen, wat in boeiende taal




zondag 21 september 2025

Genietsje

 Ik stean bij it stek fan de basisskoalle

en wachtsje op Samme en Nyck.

Oeral stean heiten, memme, pakkes en beppes.

Neist mij stiet in "stokâlde"frou

alteast dat liket mij sa ta.

"Op wa  wachtsje jo", freegje ik

"Op net ien, ik kom hjir tafallich lâns 

en stean no te wachtsjen oant ik der echt lâns kin.

Mar ik genietsje fan al dy bern, dat lûd, prachtich toch".

"Jo ha gelyk, sa haw jo it seker net meimakke"

"Nee, wij moasten ús mar rêde út skoalle,

kilometers troch in lân want ik wenne op in buorkerij"

82 is se, en se wachtet krekt sa lang dat de bern allegear fuort binne.

Moai toch, in healoerke genietsje fan út skoalle kommende bern



Yn ús Gebou

It is net samar in affysje

Doug Sampson as drummer en eks lid fan Iron Maiden

yn ús Gebou yn Spannum

Ik gean der net foar Doug hinne,

ik bin net fan "persoansferhearliking"

Yn de jierren 70 sit hij twa jier bij Iron Maiden

en sit hij letter yn Airforce.

Airforce spilet, Airforce stoppet, Airforce spilet wer

It is in ferhaal foar de boeken

hoe't se yn Spannum bedarje

Prachtich.

Trije Ingelske mannen op leeftyd 

en in jonge sjonger út Portugal

De band docht  syn bêst.

In sjonger mei in strôt 

dy't mij tinken docht oan it lûd fan Iron Maiden.

Prima lûd

Dy "fernneamde" drummer dy sit aardich ferskûle 

efter syn trommels en bekkens

Oars rint er wol in sjonger of gitarist foar him lâns.

De band docht syn bêst, spilet ek prima,

mar earlik, 

der binne te min minsken dy't meigean yn in wyld feest

Foaral sjen, wat bewege, klappe en op tiid  ien drinke en smoke

Spitich dat de sfear der net echt ynkomt

d' Roels trapen ôf en dat is in lekkere sound

In noflike jûn yn Spannum






vrijdag 19 september 2025

Thúsakku



 Ik wit it

de saldearingsregeling is der noch 

en dy ferreknt de stroom dy't ik brûk mei de stroom dy't ik opwekt haw

Mar, yn 2027 wurdt it oars

Ik fyn it in moaie útdaging om no al wat mei de stroom om te gean

al is der gjin salderingsregeling

Dit apparaat slacht automatysk myn oerstallige sinne-enersjy op

sadat ik it brûke kin at der gjin sinne is.

2,5 kilowatt kin der opslaan

en miskien is dat genôch foar in jûn en in nacht

It is fia in app moai te folgjen

enit systeem kin útwreide wurde mei in twadde of tredde boks.


donderdag 18 september 2025

Oranjewâld

 



Snein in rûte fytst tusken de Jouwer en Hearrenfean

Dan kom je ek bij Oranjewâld lâns

In moaie beam en in moai byld kin ik net samar foarbij fytse

dinsdag 16 september 2025

In spotprint?

 


Yn Kompjûter Idee kom ik dit spotprintsje tsjin.

It soe grappich wêze kinne en dat is it ek

mar is de wurklikheid al net sa?

En dat is net grappich liket mij sa ta

maandag 15 september 2025

Moaie dei en jûn

Sneon in bannige mar moaie dei

Op it "ofsluten park "bij de triatlon op de fytsen passe.

Prizige fytsen, dat is wol te sjen

Moai om op it park te stean en de emoasjes te sjen.

Ynspanning en teloarstelling,

dy ferflokte hurde wyn, dat kâlde wetter

dy aaklike bui tsjin trijen

mar úteinlik de foldwaaning.

In swimmer dy't syn draafskuon oandwaan wol

mar dêr wol hiel lang wurk mei hat

en ik hast fan doel wie de skuonleppel op te heljen

De fytser dy't sûnder sadel weromkomt

en 7 kilometer sûnder sadel fytst hat



( Klaas de Jong fynt letter op de Littenserbuorren in sadel

en bringt it bij ús )

Dy iene atleet dy't syn foarnamme alle ear oan docht

en wêrtorch wij it âlde rymke mar efkes fan stâl helje

.........ben je boos,  pluk een roos
zet hem op je hoed,
dan ben je volgend jaar misschien goed)

Ik tink net dat hij wer komt,

want neat wie goed.

Fan en oer al dy oare atleten gjin kwea wurd.

In moaie dei

Doe moast de jûn noch komme

Mei de bus nei Ljouwert 

om de iepening fan poadium DeBeatriks mei te meitsen

en te harkjen nei trije hearlike bands

Vanity Box hat wol in hiel moai nûmer om nochris te hearen






Ingelsk

 Ik fyts it doarp troch

sa't ik wol faker doch.

Efkes de fuotten strekke en om mij hinne sjen.

En.......


argewaasje hawwe oan al dy buskes en frachtautos 

mei dy freeslike Ingelske teksten


vrijdag 12 september 2025

Earmoede en de diakonij

 


Ik lês wer in moai boek

In boek dat ynsjoch jout oer earmoede en stânsferskillen

Yn de greidhoeke, wêr't de boeren de baas binne

en de lege feanen wêr't de feanbaas beslist oer libben en dea.

In boek oer de ûndergeskikte rol fan de frou yn de 19-de iuw

Geertruide is dochter fan in dûmny yn Nijlân

en sij sjocht it mei ôfgrizen oan

Sa sil se har paad sykje om de rol fan de frou te feroarjen

Ik bin healwei en lês it mei ferbjustering




donderdag 11 september 2025

Lijke

 


Ik lijk

do lijkst

hij lijkt

wij lijke

sij lijke 

It is wat mei it lijken

De lijkknop stiet ûnder tal fan siden op de sosjale media.

Der binne minsken dy lijke alles

Oaren binne dêr wat suniger mei


Minsken dy't wat op sosjale media sette

wolle graach in befestiging

In lijk

Sjogge alle dagen at der wol genôch lijkt wurdt


Mar in lijk is net sûnder gefaar

want sjoch it boppesteande stikje

In lijk wurdt hjir sjoen as in bewiis fan meidwaan

wêrtroch in fertochte no in heal jier yn de sel sit

op fertinking fan iets terroristysk


In goeie rie fan mij

Net te gau, net te folle lijke




Spyk

 


Dizze foto stiet dizze wike yn Op 'e Skille.

In foto fan Spyk en foar de tekst dy't der bij stiet 

hat Gerben fan de Skille mij benadere

"omdat hij heard hat dat ik dêr mear fan wist"



Wat is it gefal? 

Bij myn speurtocht nei it ferline fan pake Hessel 

kom ik der efter dat hij hjir berne is.

Dat fertel ik de hjoeddeiske bewenners (Klaas en Louisa)

en sadwaande komt Gerben bij mij út.

Louisa nimt kontakt mei mij op

en sa sitte wij op in woansdeitemoarn

mei allegear âlde papieren op tafel

dy't in grut stik fan it ferhaal fertelle.

Ik mei yn maksimaal 200 wurden iets fertelle oer de foto

mar dat is te min foar it hiele ferhaal

Dus it hiele ferhaal, 

foar safier bekind, stiet hjir


Adfertinsje yn krante

Ut dizze adfertinsje (1888) stiet yn feite alles wat it west hat.

Der stiet ek dat it al 70 jier yn gebrûk is.


1888

De gelokkige eigner wurdt R.J. Jongema dy't it al hierde, want yn ........


1914

 

.......nimt Jan Yntes Hofstra  it timmerbedriuw oer en lit dat no myn oerpake wêze. Myn heit is nei him

neamd.

Lang kin hij dêr sels net fan genietsje want yn  1915 komt hij te ferstjerren

It bedriuw wurdt trochsetten troch de widdo en de bern.

De adfertinsjes yn de krante sizze genôch


Ien fan dy bern wurdt ek timmerman en dy ferhuzet mei syn gesin nei Wjelsryp

1942

It spul komt leech te stean en yn 1942 komt timmerman Plantinga út Wurdum der yn

Dy wennet dêr oan 1970 sa ûngefear.

Der is fanôf dat momint gjin boubedriuw mear op Spyk


Wat sjogge jim op de foto

1. De Boalsertetrekfeart fanôf de brêge fan Spyk rjochting Easterlittens
2. In hûs flakbij de feart. Dit hûs is nei de oarloch ôfbrutsen, want de eigner fan doe woe gjin frjemde minsken op it hiem wenjen ha
3. De timmerwurkpleats is fan binnen noch aardich yn âlde steat. Sa stiet der bijgelyks de âlde wurkbank noch
4. De pleats  "op it hiem"stiet der al lang net mear. It wie ien fan de trije pleatsen fan de famylje Kingma
5. De feart nei de pleats ta rint dy't foar de wurkpleats rint, is tichtmakke yn 1942 troch myn pake dy't los arbeider wie 


Noch in pear âlde printen 









de Beatriks

 



In nij poppoadium yn Ljouwert

yn de Blokhúspoarte wêr't earder Poadium Asteriks wie

No al grutte belangstelling

Fan de 6 konserten al 4 útferkocht.

Bij de iepening en bij Paceshifters bin ik der bij

woensdag 10 september 2025

Wâldsein

 


Sa sjocht myn fytsrûntsje der út hjoed

Earst nei Wâldsein fytst

en doe frijwol alle strjitten troch.

In wettersportdoarp, dat binne net de moaisten om te fytsen

Safolle dearinnende strjitten omdat 

elkenien oan it wetter wenje wol

Fierders is it prima

Ik sjoch moaie steechjes

in sfearfolle dykje yn it sintrum

twa molens

en iepenbiere húskes (bij de jachthaven)

dinsdag 9 september 2025

Bakje bij....

 Ek dizze moanne wer in bakje bij yn Diggelfjoer




Boek

 


Oer Oasis en foaral oer de twa bruorren dy't net mei en sûnder elkoar kinne, 

is fêst al hiel wat skreaun. 

Dit nije boek is de muoite wurdich om it wat dúdliker foar eagen te krijen 

hoe't it allegear ûntstien is 

en wat er allegear misgiet 

en hiel soms ek wat goed giet.





Spyk


Bij tafal krij ik in boekje yn hannen

oer in famke/jonge frou dy't opgroeid op Spyk

Hja wennet dêr op in pleats 


It spilet begjin 1900 oant 1949

Yn dy tiid wenje der ek Hofstra's op Spyk,

dus ik bin benijd......

Ik fyn dêr neat fan werom yn it boek

It is mij wol dúdlik wêrom net.

Myn famylje is herfoarme en dogge de tsjerke oan yn Iens/Spannum

Dit famke wurdt stiif griffermeard opfieden

en dat betsjut "allinne mar omgean mei grifformearden"

De kristlike skoalle yn Itens, de kategesaasje yn Easterein

en ek de belidenis yn Easterein.

Troch it lân sa'n 4 kilometer oer in tsjerkepaad.

Nijsgjirrich is it ferkearing krijen

Har lettere man dy't yn Berltsum  yn de kost sit, skriuwt har.


Sij skriuwt werom



It is suver fermaaklik sokke teksten.

It is goed kommen úteinlik

Se binne troud en wennen letter yn Ljouwert


Dy H. Algra is fansels ek stiif grifformeard. 

Hij is letter de haadredakteur fan it Frysk Deiblêd.

en sit foar de ARP yn de Earste Keamer

en sa te lêzen wie hij mear fuort as thús.

Ik haw begrutsjen krigen mei dy frou,

want troch har "ûnderdanichheid" 

is se net echt oan libjen takommen.

Moai dat ien fan har bern dit boekje oer har skreaun hat.

Oer har man is genôch skreaun




vrijdag 5 september 2025

Tsjom om

 Ik haw in Tsjom noch in pear stikjes dyk iepen stean.

Wat efterôf strjitsjes



Gjin echte strjitte, mar it paad nei it hûs wêr't Piet wenne hat.


He, tocht ik, at  ik in skelpepaad op fyts oan de west kant fan Tsjom.
Dêr stiet de piip fan it molkfabryk noch
Wol in kopke lytser makke, mar hij is goed werkenber
Spitich dat nimmen dat monumint sjocht.
De âlde fabryk stiet der ek noch, mar dat is in ruine sa te sjen

Laakwerd, dat kin ik fan Spannum miende ik.
dit is bij Tsjom

Grind, dan fyts ik út mij sels al net hurd 

Hast 17 kilometer fytst en trije nije. Sjoch hjir

donderdag 4 september 2025

Syb

 Syb in dei bij ús

Gesellich jonkje

Trije jier 

Wij rinne sa as altyd nei de fiver

Einen bôle jaan

Wij rinne it trochpaad om

en Syb giet sa as altyd op syk nei de twa fytsen

fan syn neven Samme en Nyck


Hij wit it gelyk

It bin de ienige twa fytsen dy't al om draaid stean

Dat ha de jonges harren goed oanleard

dat dogge se bij ús op de oprit ek.....


woensdag 3 september 2025

Rinne oant de sinne

 



Sneontemoarn giet de wekker 4.30 oere

De sportbroek en draafskuon oan, 

Om 5.30 starte wij foar de 6 kilometerrin

"Drave foar de sinne (opkomt)"

Lâns de trekfeart nei Iens, 

mei de boat oer

en troch Skrok werom

Ik draaf mei Tsjeard en Nyck yn de 'trije generaasje formaasje'

Machtich dat dit kin en Nyck mei syn 7 jier draaft as in fearke

Jan Galema draaft mei ús mei 

en Berber Akkerman dy draaft de 10 kilometer

Iets earder fuort mar tagelyk oan.

Net op dizze foto, mar wol aktyf

Jellie en Samme

sij rinne de 6 kilometer

In moai evenemint


dinsdag 2 september 2025

Pikesyl en.....

 Ik doch wer in Wandrer ritsje

wêrfan ik wir dat iut net folle nije kilometers oplevert.

Folsgeare, Abbegea, Easthim en Drylts

Ik fyts oer Pikesyl


In moai dykje fyn ik dat.

Yn Pikesyl moat ik it lân yn, neffens myn programma

Dat doch ik

900 meter letter bin ik yn


Der stiet in moai nij hûs

mooglik dat dit boerd dêr it gefolch fan is