Oerdei tusken it fytsen troch
en jûns at de tv neat oan is (frijwol altyd)
lês ik of doch ik in puzzel.
Dit is myn spul dizze wike
mei noch in boek op de E-reader
fan Herman Koch.
It moat freed allegear útwêze
is it doel
Oerdei tusken it fytsen troch
en jûns at de tv neat oan is (frijwol altyd)
lês ik of doch ik in puzzel.
Dit is myn spul dizze wike
mei noch in boek op de E-reader
fan Herman Koch.
It moat freed allegear útwêze
is it doel
Foaral werom, foar de wyn
Ik fyts in rûntsje.
Dat doch ik wol faker.
Ik sykje wer wat dearinnende dykjes op
wêr't ik noch net earder wie.
Dat doch ik ek wol faker.
Ik sjoch in iensume picknicktafel.
Ik stopje foar in piipskoft
Dat doch ik faker.
In tafel foar mij allinne.
Dy sykje ik wol faker.
Op de tafel in tekst mei Qr koade.
Wat soe der efter dy koade sitte.
In liet, in gedicht, in ferhaal oer de omjouwing.
Neat fan dat alles
Sjoch hjir.
![]() |
Mar gau wer op de fyts. Der sit mij neat dwers |
Ik moat der feitlik gjin oandacht oan jaan,
dizze nammebuordeterreur
Benijd hoe lang it duorret foardat it wer skjin is.
Wandrer myn fytsmaat stjoert mij nei de frjemste plakken.
Yn de buert fan Sint Nyk sjoch ik noch in moaie rûte lizzen
wêr't ik noch net erader west ha.
It giet moai, oant dit stek
Efter sit stek twa strjitten mei fakânsjebungalows
Alinne mei in koade kinne je der lâns.
Minder van Eysinga soe ik roppe wolle
Folle minder......