donderdag 17 oktober 2024

Koarnwert

 



Koarnwert, dêr kom ik sa net faak.

Dat er in mûne stiet tusken Koarnwert en Makkum 

is mij noch net earder opfallen.

Fia in derinnende dyk kom ik der.

Goed foar myn Wandrer kilometers!

Ik fyts bij it keatsfjild lâns

en herinnerje mij dat ik dêr in kear keatst ha.

Myn earste partij in it jongepartoer fan Wommels

Yn it jier nei de Freulewinst


Partoer 8 wie der samar ôf 

en wij moasten mar sjen hoe't wij wer thúskamen.

Ik kin jim sizze dat liftsje fanút Koarn wert nei Wommels

net sa maklik is.

Partoer 15 wint, dêr hiene wij ek op wachtsje kinnen








woensdag 16 oktober 2024

Loaitsers


 In kaart út Manchester

ik skrik er net mear fan

mar sjoch der nei út.

Wat in prachtich fers fan Annie M.G. Schmidt


'Twa loaitsers' sei Gerrit Tjallema

dy't mij dizze kaart stjoert.

In loaitser, 

dat geve Fryske wurd kin ik net iens,

mar begryp wol wat it betsjut

dinsdag 15 oktober 2024

J en A

 ik fiel mij fannemoarn betiid Jaap

at ik mei de fyts oan de hân fan Spannum nei Wommels rin

of Aaltsje, 

of Jaap en Aaltsje

want dy rinne faak op dizze wize.

sij dogge dat frijwillich

ik net

ik ha in lekke bân

ja, dat bestiet noch

sels mei supersonyske anti lekbannen

de fytstas net echt fol

tafallich de rinskuon oan

en tafallich ek al iten

fyts yn Spannum efterlitte bij Ozzy

giet er efkes troch mij hinne

nee, dy plakt him echt net

dan fuort mar nei hûs mei dat ding

it rinnen giet net hurd

sa no en dan drave giet hurder.

5,3 kilometer rinne/drave

mei de fyts oan de hân

yn 55 minuten

wer in rekôr

it hâldt net op


maandag 14 oktober 2024

1955

Noch wat berjochtsjes út de krante fan 1955

 







zondag 13 oktober 2024

In moaie sneon

 In moaie sneon



Earst de sinne op kommen sjen

at ik ûnderweis bin nei Boalsert.

In ritsje foar wat boadskipkes

dy't ek wol yn Wommels te krijen binne

mar de drang om efkes te fytsen moarns 

jout de trochslach om it út Boalsert te heljen.


Dan in jierdei om kofje- en iterstiid hinne

Wij sitte noflik yn de kring en harkje nei elkoar

Dat is better as al ien op ientsjes


Middeis mei Gerrit Hulzinga op de fyts nei al wer Boalsert.

Nei in oantal wedstriden op 4de klasse nivo

hawwe wij ferlet fan 2de klasse nivo

Wat in hearlike wedstriid sjogge wij.

sc Bolsward is in prachtige ploech om nei te sjen.

Moaie kombinaasjes, technysk en taktysk geweldich

en ek noch in prima oerwinning op de koprinner


Jûns nei Itens

Jack in the Box mei lekkere populâre rock as opwaarmer

en Seewolf as de ôfmakker.

Yntins genoaten fan Seewolf.

Wat in hearlike stevige set spilen sij

en wat is it gesellich yn dat muzykkafee yn Itens.




De sneon en al in stikje fan de snein goed bestege




woensdag 9 oktober 2024

Earmoede

Op AlleFriezen stiet sûnt koart wer nije ynformaasje

De belesting-oanslachboeken fan in protte gemeenten binne digitaal makke

Ek dy fan Wûnseradiel, dus ek fan Dedzjum

Dêr wenne myn oerpake wêr't ik nei neamd bin.

De pake dêr tuskenyn is net bekend.

In boer wierskynlik, hat in ferlechje hân mei myn beppe

en sa is myn mem berne.

Mar werom nei myn oerpake yn Dedzjum

Ik kin no fine yn hokker earmoede sij libben.

In belestber ynkommen fan 50 euro

en dat wie it leechste yn Dedzjum


Hij hat ek yn tsjinst sitten,

kin ik no fine







Aha, brune eagen....

maandag 7 oktober 2024

Bikkelje

Bikkelje dat dogge se snein yn Ljouwert.

De safolste Bikkelrin, 

dy't yn ferbân mei it jubileum yn de binnenstêd is.

Gewoanwei sille se bij de Griene Stjêr harren keunsten toane.

Tsjeard docht ek mei;

dy is altiten op syk nei in oar sport

en sa stean wij ûnder oarenyn it Naauw

wêr't boppe it smoarge wetter de touwen hingje

Dêr komt hij oan (nr 159) witte ek Samme, Berber en Nyck


Tsjeard mei in autobân op paad



36 hindernissen en allegear mei in Fryske namme




















zaterdag 5 oktober 2024

Draaftalint

 Yn Kûbaard is de hurdrindei.

Tsjeard en Berber dogge mei en pakesizzer Nyck ek.

In fanatyk mantsje en sa fluch as wetter

Hij komt as earste oer de streep mei 1000 meter.

Hij lit sels foarfytser Syb van der Ploeg efter him

hup Nyck

in moai loopke

Grutsk op syn medalje en bliid mei de ijsko


Kuorkebalje

 


Je meitsje wat mei sa'n sneon

Nei de hurdrindei yn Kûbaard, nei it fuotbaljen yn Easterein 

en as hichtepunt nei it kuorkebaljen yn Spannum

Earlik sein, dat lêste wie tafal.

Wij fytsten dêr lâns en it roppen fan de spilers  

en it  razen fan de supporters luts ús nei it smûke fjild.

Twa minuten duorre de sportive wille

want doe wie it skoft.

Gelokkich pakte ik mei ien foto noch krekt in doelpunt mei,

of siet dy net.......

Oare kear mar wer ris sjen en dan net tafallich

donderdag 3 oktober 2024

Skutters Wommels

In ferfolch op it blochje fan 30 septimber

oer de skutters fan Wommels.

Ik haw trochkrigen (fan myn broer Hessel)

dat it argyf fan dy opheven klup

te finen is yn de Tiid yn Boalsert

De skutters fan Wommels dat binne gjin uniformdragers

Harren tsjinstanners meast wol.

De plysje bijgelyks

Sa hat Popko Wijnia in pear medaljes

fan de jiskebult rêde kinnen 

doe't it plysjeburo yn Wommels ticht gie.

Hij hat se spesjaal foar dizze bloch efkes oppoetst

NB
Foar de dúdlikheid Popko makke doe net diel út fan de plysjeskutters








woensdag 2 oktober 2024

GrootSneek is in prachtige regionale krante

Groot Bolsward nammers ek

Yn de lêste stiet in prachtige kollum fan Wim Walda...

Net bêst sa stadich oan.


 

dinsdag 1 oktober 2024

Abbekatepraat

Mei in abbekaat haw ik betiden begrutsjen.

At de (mis)die der sa boppe op leit

at er gjin goeie arguminten binne  

dan hâldt it bij in gewoan minske op.

Bij in abbekaat net.

Dat je dan wat betinke, sa as hjir ûnder beskreaun

dan is dat ûnder de ûndergrins.

Man stiet foar de rjochter omdat troch syn tadwaan

twa maten omkommen binne bij in iensidich ûngemak

omdat hij fierstente hurd riden hat 

en fierstente folle dronken hat

De sin wêr't ik oer fal is:

Het staat volgens haar niet vast dat het ongeval niet had plaatsgevonden als hij niet had gedronken en niet te hard had gereden