Wij fytse dizze wike nei Wytmarsum
Jellie wol nei it Griensintrum
en dêr bin ik noch nea west.
Dat wol ik graach sa hâlde
dus fyts ik in slach troch it doarp en troch it Flietster Bosk
Mei bijsûndere belangstelling sjoch ik it grien lizzenWij fytse dizze wike nei Wytmarsum
Jellie wol nei it Griensintrum
en dêr bin ik noch nea west.
Dat wol ik graach sa hâlde
dus fyts ik in slach troch it doarp en troch it Flietster Bosk
Mei bijsûndere belangstelling sjoch ik it grien lizzenEk freedtejûn op stap foar n machtich moaie muzykjûn.
Op nei de Blokhúspoarte
Net om te sitten mar te stean
en te harkjen nei dizze bands
The Attic, dat binne fjouwer froulju
dy't rock spylje en sielsgelokkich binne
dat sij op dit poadium stean foar sa'n publyk
It lêste nûmer is Paranoid fan Black Sabbath
en lit dat no in nûmer wêze
dat bij mij fantastyske jeugdherinnerigen opropt.
In Black Sabbath deskundige frege him ôf at dit Maywood is.
Nee, kin ik him sizze.
Ik bin bang datsto alles dûbel sjochst,
want Maywood dat binne der mar twa
en sels dat binne al twa tefolle
Nei dizze opwaarmband komt it Dokkumer Lokaaltsje
Dêr moat je fan hâlde, want dat is punk op syn best.
Ek in fermaak om nei te sjen
Sij sjonge hjir oer de Freule fan Wommels
It absolute hichtepunt fan de jûn is it optreden fan The Ex
Ik haw se noch nea earder sjoen,
mar wat in hearlike sound en wat leuk ek om nei te sjen
mei in gitarist dy't de stappenteller oan hat
en noch gau efkes syn 10.000 stappen helje wol
in gitarist dy't in kiste fol reau mei hat
en út syn gitaar allegear lûden hellet
dy't ik nea earder hearde
en in sjonger, sa moai, mei safolle emoasje
HEARLIK
Wat wie it bijsûnder tongersdei yn it Bolwerk.
In sjonger dy't lichaamlik skjin tenein liket,
mar noch in stim hat dy't rockt as nea earder.
Hij wol noch sa graach de jonge rocker wêze,
hij wol noch sa graach dy seal efkes yn te sjongen tusken al syn fans.
Mar hij bliuwt hingjen op de râne fan it poadium,
mei in gefoel fan
'wat doch ik hjir en hoe kom ik hjir wei'
De lêste nûmers moat hij sittend folbringe
mar wat bliuwt it ynponearjend.
earlike band dy Claw Boys Claw,
dy't ik yn 1984 foar it earst seach yn Wommels
en no foar de njoggende en lêste kear.
Respekt om it sa lang fol te hâlden. Ik sil se misse
Bauke Koster, in muzykfreon út Harns
makke in oantal prachtige foto's
dy't safolle fertelle