Mei grutte argewaasje sjoch ik de bylden út de Arena
Wat in stikken ûnferstân
Dy klup wie sportyf sjoen al stikken
no is de klup hielendal yn in djiptepunt rekke
Mei grutte argewaasje sjoch ik de bylden út de Arena
Wat in stikken ûnferstân
Dy klup wie sportyf sjoen al stikken
no is de klup hielendal yn in djiptepunt rekke
Dêr binne se wer yn Fryslân
Paceshifters, in band út Olst en Wijhe
Us band.
Tsjeard en ik misse frijwol nea at se yn Fryslân binne
Ja, sels Hoogeveen, Grins en Alkmaar is ús dan net te fier.
Yn 2017 op it Greidhoekfestival yn Wommels
en freed stiene se yn DeBeatriks yn Ljouwert
In machtige jûn.
Net lulle mar spylje,
5 kertier in muorre fan lûd
In drummer fan wrâldklasse
en twa broers dy't mei ûnfersteanber sjongen
mar knallende gitaren de sound meitsje fan Paceshifters
Yn jannewaris dogge se Nirvana
en wij binne der bij yn de Oosterpoort yn Grins
Dat wurdt myn 14de kear Paceshifters
der is mar ien band dy't ik faker sjoen ha
34 kear Reboelje.....
It liket de kommende wiken noch net op winter
No hoecht dat om mij ek net.
Stel no dat wij gjin winter krije dizze winter
Dat soe net raar wêze sjoen de klimaatferoaring
Dan haw ik altyd de foto's fan Amelân noch
Sneintemoarn 25novimber eage it as winter
en rin ik in slach troch Nes
Miskien is dit alles wol dizze winter
Gjin Sinteklaas sûnder in Frysk boek
Dat is in moaie kreet, dy soe no ek noch jilde moatte
Fa. Sipke Dijkstra fynt dat yn 1948.
In ferskaat oan boeken set hij yn syn adfertinsje
Fan de Gouden Swipe oant psalmboek,
fan Robinson Crusoë oant Utfanhûs bij pake en beppe
Yn fan de keunstners op Amelân is Hella de Jonge
Sij is de frou fan Freek
Har skilderijen befalle mij wol
Iets skilderje mar mei in eigen boadskip der yn.
Nim no dizze
'De Redder en de Drenkeling'
Sjoch der goed nei
De rêder dy't neat docht mei syn hannen
gjin helpende hân
en de drenkeling
dy't help siket mei syn hannen omhelp
Se hat Freek skildere
mar de titel is: "Hersens van Freek"
Yn Diggelfjoer fan novimber it ferhaal fan Reinder en Rigt.
Under it stikje fan Diggelfjoer it ferfolch, want der is mear te fertellen
![]() |
| Yn waar en wyn moat de bôle útsutele wurde |
![]() |
| De 50 kilo sekken mei moal lizze klear foar ferwurking |
De byblioteek yn Wommels hat wer in kursus.
"Omgaan met computer voor beginners"
Ferline jier wie dat der ek en doe wiene der 8 dielnimmers
Ik bin frijwilliger bij dat projekt.
Wij ha no twa kear in les hân op woansdeitemoarn
en it is wer bijsûnder om it mei te meitsjen
Neat witte fan kompjûters
em der ek neat fan witte wolle
en dan ynienen it dochs mar dwaan.
In hiele grutte drompel oer om je oan te melden
en dan konstateare dat er mear binne
dy't dy drompel oerstapt binne
en ek fan neat witte.
It is moai om dy minsken op paad te helpen
want se binne nei twa lessen suver al wat entoesjast
In moaie freedtejûn.
Mei de bus nei Ljouwert
Kafee Neushoorn mei bluesrock
Sa'n 100 man genietsje fan Innes Sibun
in band út Ingelân, mei Rory Gallagher muzyk
Hearlik
Fan 21 oant 23.10 oere sûnder ûnderbrekking
Smetpuntsjes wie der ek
Twa tige en twa iets minder ferfelende knapen
dy't foaroan foaral onadacht ha woene
wylst it meast wat âldere publyk gewoan geniete wol
sûnder hieltyd in triuw te krijen of oersprenkele te wurden mei bier
Neffens mij binne se op lêst mei (sêfte) hân de seal útwurke
troch de organisaasje
Smetpuntsje twa
In band dy't 130 minuten oan ien stik enerzjyk troch spilet
en dan ropt der sa'n oeletoeter nei de lêste klanken
neist mei : we want more....
'Gean faker út' soe ik sizze
![]() |
| der wie ek noch in lytse útstalling mei ûnder oaren in gitaar fan Gallagher sels |
Syb (3 jier) sit fol fan de brânwacht.
At er yn Wommels is, fytse wij altiten efkes oer it Aldhiem
bij de garaazje lâns, wêr't de twa auto's ynstean
Lêsten hat er bij de demonstraasje west.
Machtich fûn hij it.
Tongersdei is hij wer bij ús
en wij fytse ek efkes nei in buorkerij
"de boer" komt krekt werom
nei in ritsje mei syn hynder en sjees
It hynder wurdt ôfklaaid en dan komt de spuit der op
Wat is dit freegje ik oan Syb.
It hynder wurdt blust.......
Tsjonge jonge
Ik moast yn tsjinst
1975- 1
Der wie gjin reden om mij ôf te karren
16 moanne haw ik mij ynsette moatten foar it lân
Marsjeare, skuonpoetse, sjitte, gewear skjinmeitsje
klean ynromje op mesbreedte, op de plaats rust,
ite yn de mess, op bivak, op je strepen stean
en bier drinke
16 moanne en doe hie ik it wol sa'n bytsje ûnder de knibbel
En no, 10 wiken......
Wij ha wat jierkalinders
Der lizze mar leafst trije yn it húske
Oer dy iene haw ik al ris skreaun.
Dat ferskriklike minne Frysk op de Fryske spreukenkalinder
It is hast alle dagen in griis
De oare kalinder dy hat tips
nutteleaze tips oer skjinmeitsje en sûnens
Nim no woansdei 12 novimber
Sjoch jim it al foar jim
Ik wat om grieme mei net skylde jirpels, in teedoek, tou en in pûde..
Ik soe sizze
Sukses der mei en gjin tank foar dizze tip
De tredde kalinder lit nostalgyske foto's sjen
út de jierren 80 sa ûngefear
Allegear apparaten dy't wij doe brûkten
en no âlderwetsk binne
of net mear brûkte wurde kinne
Foar 2026 gean ik op syk nei goeie kalinders
In moaie loftfoto op Skylge is net dreech
Der is hast alle dagen wol ien of meardere mominten
dy't er ta dogge
Yn de haven fan West besykje ik in foto te meitsjen
op de dei dat it dêr wynkrêft 8 is
Op it strân waait it ek hurd
It is novimber 2024.
Wij krije de fraach fan Tsjeard en Berber
at wij in wykein meiwolle nei Skylge.
Sneins oppasse en bij de Bearenloop yn novimber 2025 sjen
Dat liket ús gesellich
en ik sjoch in útdaging.
"Dan doch ik de sneons mei foar de 10 kilometer"
Dat is in tasizzing mei gefolgen
want fanôf dat momint moat ik myn loopkes
fan 4 of 5 kilometer langer meitsje
Neffens eigen plan slagget dat en
mei wat sûne spanning reizgje Jellie en ik
5 dagen earder nei it eilân
foar ûnder oaren wat parkoers orientaasje.
Dêr wurd ik net gelyk bliid fan
Wat in klimkes, wat in wyn dêr.
Ik sjoch wêr't de kilometer punten binne
sadat ik de sneons op dy punten
efkes op de smartwatch sjen kin
at ik wat op koers lis
Ik haw 90 minuten de tiid foar de 10 kilometer
mar start op in skema fan 80 minuten
Ik fiel in sûne spanning op dy sneontemoarn
foar de start om 10.30 oere.
Samme en Berber gean mei nei de start
It waarberjocht is min en it komt út dizze kear.
It reint hûnen en katten
en dat docht it salang ik ûnderweis bin.
Mar, reine en drave is in prima kombinaasje
It ienige is dat der sa'n 1000 dravers foar mij binne
en dy meitsje der hjir en dêr in drekboel fan.
"Rinne, rinne' ropt de orginaasje mij ta
at ik hast bij de finisj bin
omdat der al meardere ûnderút giene binne.
Dat kin se wol ferjitte.
Wat in start, wat in sfear
mei al dy hûnderten lâns de kant en de rûte
Mei Jellie, Tsjeard, Berber, Samme en Nyck ûnderweis
foar wat oanmoedigings.
En al dy oaren dy't mei taroppe mei namme
omdat ik der wierskynlik wat âld útsjoch
At de measten mij foarbij binne of se binne earder starten
helje ik al gau ek wer minsken yn dy't al gau drave en rinne ôfwikselje
Ik bin grutsk op it feit
dat ik it hiele ein it draven folhâlde kin.
Mei 1 oere en 21 minuten en 22 sekonden bin ik rom op tiid
en sjoch ik noch moai wat lju nei mij finisjen.
Ik bin ek net stikken
Nei in lekkere waarme dûs
middeis nei de rees fan Samme en Nyck sjen
Hûnderten bern yn fjouwer groepen
meitsje der ek in draaffeest fan.
Snein komme de toppers
21 of 42 kilometer
Tsjeard en Berber gean foar de 42 kilometer
en it slagget harren poerbêst.
In moai wykein en de folgjende Berenlopen
binne op 30 en 31 oktober 2026
Wij hawwe it húske al wer reservearre
en sjoch der no al wer nei út
![]() |
| Yn de rein foar de start mei Berber en Samme |
![]() |
| de lêste bocht ......rinne, rinne ropt se |
![]() |
| ik bin net te stopjen en draf troch |
![]() |
| Tsjeard en Berber foar de start op snein |
Kleintje Berenloop hjit it dêr op Skylge
mar foar mij is 10 kilometer de grutte Berenloop.
Tige tefreden oer hoe't it gie
en ek oer de tiid
In geweldige belibbenis
om yn sa'n sfear te draven.
Letter mear