dinsdag 29 juli 2025

maandag 28 juli 2025

Blokkearkat

 


In net al te drok strjitsje yn Mullum

mei in opmerklik ferkearsboerd.

Ik haw sa't bliken docht gelok

De kat rint wat om en hâldt kreas links oan

Mar wat at je dêr lâns wolle mei de auto

en de kat bliuwt lizzen....

Wat dan.....


donderdag 24 juli 2025

Fan Jentsjemar oant guozzemar

 


Woansdei in Wandrerfytsrit.

Sa moat ik  úteinlik op 75% fan alle diken yn Fryslân komme

Suderbuorren yn Ljouwert is it doel

Ik pak in nij stikje dyk yn Wurdum, Swichum, Himpens en Goutum mei.

Mar foar Ljouwert kin ik 9 kilometer bijskriuwe

It giet dêr net sa hurd yn dat plan. 

Alles dûbel fytse mei al dy dearinnende stikken dyk oan it wetter

Oan Fryske strjitnammen leit it dêr net









woensdag 23 juli 2025

Ruurd

 Utgean yn Boalsert

dat die ik yn myn jonge jierren op in oantal plakken

It natte Park fan Bram dêr wiene sneontejûn de bands

lykas Dizzy Man's band, Earth and Fire, Jen Rog en BZN.

Dat wie prima útgean dêr.

In bierke drinke en wat efter de froulju oan.

Sneintejûn seach ik soms efkes yn it Hofje.

Paranoid fan Black Sabbath is dan  in hit

en dêr wurdt folop dûnse.

Ruurd Stevens is barkeeper

Efkes in bierke drinke mei in muzykje op de eftergrûn

dêrfoar gean ik letter mear nei it Diekje

Ruurd Stevens is dêr dan  de kroechbaas 

en dat is in noflike belangstellende fint


Ut syn Hofjetiid tiid komt dit kranteknipsel.

Dat haw ik bewarre 


Ruurd Stevens ferstoar ferline wike 

en hjoed gyng er lâns in earehaach fan minsken 

foar it lêst troch syn stêd Boalsert


zaterdag 19 juli 2025

Aant

In moaie aparte namme

sa hearde ik dizze wike in pear kear

at wij ús melden bij in sliepadres.

"krekt as dy politikus? 

Ja krekt as dy NSC-er dy't FNP-er wie

en no wer FNP-er wurdt.

Mar dan sûnder Jelle.

Wim Kan song it earder


Niemand weet, hoe of het wordt:

Negenhonderd miljoen tekort

Het dekkingsplan da's nou akkoord

De stier van Potter is ook aan boord


Waar we heengaan

Aant Jelle sal wel sien

Aant Jelle sal wel sien

Aant Jelle sal wel sien


Bron: https://muzikum.eu/nl/


Aant Jelle  en dy FNP sykje it mar út

Ik hâld net sa fan dy lju dy't op syk binne nei in lekkere stoel

De stoel yn Dokkum wie him al gau te min

De stap nei de NSC wie in misstap, 

mar dat wol er net tajaan,

de FNP yn de lannelike polityk de nekke omdraaie is in skande

Bij it keatsen wurdt oerrinne bestraft

Twa kear oerrinne dat soe reade wêze moatte



donderdag 17 juli 2025

Us reis

 


Sa seach ús rûte der út dizze wike

Sliepe yn Dalfsen, Enschede, Duiven, Ingen, Almere en Sondel

Totaal sa'n 540 kilometer fytst

6 kear oernachten bij Vrienden op de fyts

Dat wie wer top.

Moaie plakjes en moaie minsken

Ik bin net fotomakkerich

dus in pear kykjes

dat wie it ek: knus

Enschede - Lonneker

Yn Twente de Highway 35, prachtich oanlein

sliepe op in keamer mei keunst

Enschede

Borculo

Huissen

de Achterhoek

Tiel

op de dyk bij Kesteren

in pontje kaas automaat bij in fearpont

fjouwer pontsjes dizze reis


Nijkerk


88%

Der binne op dit stuit 342gemeenten

en wij hawwe yn 88% fytst

Noch 54 gemeenten yn Nederlân

dan hawwe wij se allegear trochfytst.

Op Wielervrienden.nl wurdt it moai bijholden

en nei dizze fytsfakânsje fan in wike 

sjocht it der sa út

It noarden en easten fan Nederlân is frijwol klear

( yn novimber nei Skylge en Skiermuontseach)

de rest kin troch noch in pear fytswikefakansjes 

yn Noard Brabân en Súd Hollân

oplost wurde.





woensdag 16 juli 2025

Gjin hout of dochs wol hout

Almere - Hout is in dielgemeente fan Almere

Wij sliepten dêr in nacht yn ien fan de wiken.

Bijsûnder? Ja

Yn dy wyk gjin houten skuttings

mar beamkes, strewelleguod, hagen en gaas,

Grutte kavels mei in hûs der op

mar omdat der gjin skuttingen binne

liket it wol ien grutte foar of eftertún

Tusken de túnen rinne wol paadsjes 

mar dy falle hast net op troch al dat strewelleguod.

Hûnderten fruitbeamkes siere dy buert,

wêr't allinne mar Sweedske wenten stean, op






Net allinne dizze wyk yn Almere Hout hat dit

mar ek ta fan oaren wiken dêr.

Prachtich fyn ik it


zondag 13 juli 2025

Noch 3

 

 Jim ha wol yn de gaten, dat der net folle te dwaan is op dizze bloch. 

Dat komt troch ús fytsfakânsje fan in wike. 

Der wiene yn de Achterhoek, Twente en it rivierengebied noch 12 gemeenten dyt wij trochkrúze moasten foar dizze útdaging

Dy tolve binne klear. 

Wij fytse no wer nei hûs troch trije gemeenten dyt wij noch moatte. 

Dan liket it woansdei aardich donkerblauw yn it noardlikste diel fan Nederlân 

Groetnis út Engen

woensdag 9 juli 2025

De helte?

 Bijsûnder stikje

"De geregte helft in het veerschip" stiet der.

en de oare helte dan?




dinsdag 8 juli 2025

Wol in bakje

 Alle moannen skriuw ik foar Diggelfjoer in stikje

In bakje bij hjit de rubryk.

Altyd bijsûnder, ek dizze kear


Ik hie dit skreaun sûnder oerlis mei de betrokkene

Neidat Diggelfjoer utkaam, haw ik nei har ta west.

Se fûn it prima en hie suver wille bij it idee

dat minsken no begjinne te rieden wa't dat is.

"yn harren fûsk laitsje" neamde se it


maandag 7 juli 2025

Frysman yn LC

De LK ( Ljouwerter Krante) pakt op dizze moandei út

mei in paginafol ferhaal oer de Frysman,

dy't sneon wer holden is op it Reaklif

Of kin ik net better sizze 

der stiet in in ferhaal yn de LK oer Sjirk Bijma en Bries van der Werff?

Der is hast neat mis mei it ferhaal oer dy twa.

illustrearre mei in prachtige foto fan Sjirk.

De  foto fan in fytsende Bries 

past net bij it unike ferhaal oer syn maraton op bleate fuotten


Wat ik mis yn dizze krantereportaazje is

dat der mei gjin wurd sprutsen wurdt 

oer al dy oare dielnimmers.

Want dy dielnimmers hawwe allegear harren eigen ferhaal.

Oer wat sij fielden en ûndergyngen .

De freeslike striid yn it wetter fan it Iselmar

de hurde wyn dy't krekt ferkeard stie

dy aaklike heuveltsjes dy't  je 4 kear opfytse moatte

en 6 kear opdrave.

De hiele dei stride tsjin al dy eleminten,

in iensume striid mei gelokkich oan de kant

geweldige famyljeleden, freonen en ûnbekenden 

dy't je der trochhinne sleepten.


Beste LK, der binne sneon 221 Frysmannen bijkommen

en dat is in melding wurdich yn de krante

Dat er 2 in kertierke te let wiene, dat er ien 75 minuten te let wie mar wol troch giet

en dat de alderlêste dielnimmer hast 18 oeren ûnderweis west hat.

Rom bûten de tiid, mar as iensume draver it folsleine trajekt ôfmeitsje woe

en dan net te hearen: do bist in Frysman.

Dat klopt, hij wie Kris de Belch.......


Beste LK, der is ek in frou 

dy't as earste ûnder de bôge troch komt

dat hie der best wol ynstean kinnen


Der stiet nearne hoefolle der mei diene, 

hoefolle debutanten der wiene.

en hoefolle folk dit op de foet brocht yn dy regio.


Spitich




donderdag 3 juli 2025

Bus parkeare

 

De bussen stiene parkeard bij it Griensintrum bij Wytmarsum 

Op it prachtige fjild fan Mulier gjin parkearde bussen sa't je dat soms sjogge at ferdigenje de boppetoan liket te wêzen 

It wurdt 4-5 foar Almere.

Tip foar ScHearrenfean. Sykje in oare keeper of set dy Bekkema der mar yn. 

Noppert is in drama. 


dinsdag 1 juli 2025

Hoe komt it dûmny.....

Yn 1963 is it dik winter

Wij herinnerje foaral de 11 stêdentocht

 mar de boel wie wiken ûntregele