donderdag 12 juni 2025

Opsitte

 


Yn dit gefal wie it figuerlik, mei ik oannimme

Hoe dan ek, 

tryst soks



Smoarch

Toetsebuorden binne de grutste smoargensnêsten dy't je betinke kinne

lêsde ik in kear.

It klopt....




Dit is net samar in toetsebûrd 

dat yn ien of oare goare kringloopwinkel leit

Dit is myn toetsebûrd.

Bij de nije kompjûter, heart in skjin toetsenbûrd.

Dus , de letters der ôf en de túchslobber der op.




dinsdag 10 juni 2025

Topprestaasje

 


Mei respekt sjoch ik moandeitejûn

Jellie wer oer de finisj kommen yn Boalsert

26 kear neffens de boeken

32 kear yn it echt

Ik moat der net oan tinke om dit te dwaan 

mei safolle minsken op de dyk.

Boppedat is safolle kilometers mij fierst te folle

om ek noch te genietsjen

De lêste tocht is noch net oankundige

Op nei 2026....

In slach troch de wâlden

 Ik bin fan de klaai

en at ik in dei yn de wâlden fyts wit ik ek wer wêrom

Je sjogge dêr neat.

Beammen , strewelleguod en wer beammen

Sa no en dan in buortsje

dan wit je wer wêr't je binne

Foto's sûnder fiergesichten








Oerdriuwe

Dat in keatser mij irriteare kin

is mij al langer bekend.

Moandei komt dat gebrek wer nei boppen.

It lykje mij wol twa aardige en ferstannige jonges 

dy Tsjisse en Jorn Lars fan Dronwyp

Mar hoe kinne je aardich bliuwe tsjin in maat

dy't him oansteld as in peuter 

nei in boppeslach, net fan him mar fan syn maat

dy't sa denigrearjend de tsjinstanner temjitte fljocht nei in misser

Op de bank wêr't ik sit, fiel en hear ik dat selde gefoel

"4 koaches bij Dronryp" seit der immen

"is der dan net ien  dy't him oansprekt

op dit walchelike gedrach".

Spitich dat hij der net ôfgiet tsjin Morra Ljussens

Dus moatten de takôgers noch in oantal partijen

him oanstellen sjen.

Ik net.

Ik leau it wol mei sa'n keatser yn it fjild.

Spitich foar dy Tsjisse en Jorn Lars 

mar ik bin bliid dat dy winne



Trijehoekjes

 



Bla, bla, bla

it fjouwerkantsje wurdt in trijhoekje

Undersyk, rapporten, gearkomsten. presintaasjes,

nije rapporten, nije gearkomsten

en dan hawwe se in antwurd op de fraach

"hoe kinne wij de priis ferheechje, sûnder te folle geseur?"

Wij meitsje fan it fjouwerkantsje in trijehoekje

bla, bla, bla






zondag 8 juni 2025

Boek

 




Ik sit al in oantal wiken yn dit boek.

Haadstik foar haadstik krûp ik hjir troch hinne.

Net fleanend, want dat past alhiel net bij it de ynhâld.

Psygologysk, fylosofysk, dramatysk, 

dêr moat je wat mei hawwe.

Wat in boek........

zaterdag 7 juni 2025

Blau tsjin read

 


It is blau tsjin read

en mei it fjoerwurk wint read

Yn de wedstriid ek .

In fermaaklike minne wedstriid

mei in protte folk efter it stek yn Aldemardum.

Warkum is iets minder min as Balk

In hurde striid en in soad passy en in doelpunt 

wêr't elkenien it nei de tiid oer hat.

Sa dúdlik hands haw ik selden sjoen.

Workum profitearret fan dizze blunder fan de skiedsrjochter

Balk fjochtet him der net mear oer hinne

al binne se der noch ticht bij.

Hearlik sokke neikompetysjewedstriden.


De krante

 Krantlêze ûnder it iten 

dat binne wij net wend

Earst it iene, dan it oare, 

dat wie ús rigel.

Nea begrepen hoe't oaren dat tagelyk dogge

Oant fannewike.

Samme wie bij ús op bêd gien 

en waard bij ús wekker.

De tafel dekt en de krante alfêst út de brievenbus helle.

Samme pakt it AD en begjint te lêzen.

Tsjin syn heit soe ik froeger sizze,

"earst ite en dan de krante"

mar dat sis ik no net.

It is in aardichheid om te te hearen wat hij lêst

en wat hij dêr fan fynt.

9 jier en lêze as in grut keardel.

Sa hawwe wij it dus moarns betiid al oer Trump, 

oer Oekraine, oer Telstar en oer Suzan en Freek.

Syn bôle mei sjem en hagelslach peuzelt hij moai op.

De oare deis haw ik it ek prebeare

dat iten en lêzen tagelyk

It is mij net slagge

It sit net yn myn systeem

Stoner

 Stonerrock is een grof soort rock-/metalmuziek gebaseerd op hardrock uit de jaren 70 van bands als Black Sabbath. Het genre wordt gekenmerkt door gedowntunede gitaren (vaak in C-stemming, D-stemming of D-drop) die een diepgewortelde trage groove spelen. Het is herkenbaar aan het trage, zware, meeslepende geluid. (In tekst fan Wikipedia)

At jim it boppesteande begripe,

dan hoech it fierder net út te lizzen. 

Dy muzyktermen as C-D stimming of D-drop begryp ik neat fan.

It giet der bij mij om hoe't it klinkt,

op hokker wize it mij enerzjy jout. dat is foar mij muzyk

In jûntsje Stoner rock dus.

Jierren lyn wie ik op ynto the Void, ek yn Neushoorn.

Wat mij it measte bijbleaun is fan dy jûn wie Komatsu út Eindhoven.

Dat fûn ik geweldich. 

Lûd en strak en meislepend

Freed wiene se der


Krekt wat, 

want freedtejûn is in wol wat myn fêste muzykjûn.,

at der op sneon net wat oars is

Pander past ek yn dat sjênre fan Komatsu, 

mar dat is allegear iets trager.




In hearlike jûn, 

mei in ferrekt bytsje minsken wer.

Yn de grutte seal fan Neushoorn wie de Kleine Prijs van Fryslân foar bands 

en dêr pikt ik ek noch twa bendsjes mei


maandag 2 juni 2025

Swimme

It is sneintejûn 

Wij sitte oan tafel en ite pizza.

Samme (9) en Nyck (7) binne bij ús foar in nacht.

Sij ite in fegentaryske - en wij in shoarma pizza.


Nyck: "Pake, hoefolle bern hie dyn heit en mem?"

Ik: 5 jonges, Hessel, Aant, Meindert, Lolke en Meindert

Nyck: "Meindert twa kear? At dyn mem dan Meindert ropt, hokker Meindert wie dat dan? "

Ik: dy Meinderten wiene der net tagelyk. De  âldste is ferdronken yn de trekfeart". De oare Meindert kaam folle letter.

Nyck: "Ferdronken , koe hij net swimme"

Ik: Nee, hij wie 5 jier en koe net swimme 

Nyck: "hoe is hij ferdronken, wêrom wie der bij de feart"

Ik: wij witte it net presys, wij wennen krekt ien dei yn dat hûs oan de feart, dus wie hij dêr net sa bekend noch.
Mar hij is op syn autoped it trekpaad opgien efter grutte jonges oan en it kin wêze dat syn klomp útfallen is en dat hij dy pakke woe en doe yn de feart gliden is. 
Dy  âldere jonges dy't  fierderop oan it ljeppen wiene, dy seagen him yn de feart lizzen en draafden nei ús hús en rôpen: der leit in jonkje mei in giele broek yn de feart"

Nyck: "mar wêrom sprongen dy jonges der net yn ,  dy wiene dochs âlder en ik haw ek al in a en b diploma

Ik: Dy jonges koene ek net swimme. It swimmen dat learden wij froeger pas yn groep 6 en 7 at je 10 en 11 jier binne

Nyck: : wie hat him út de feart helle dan"?

Ik: Dat hat myn heit dien. Dy fytste it trekpaad op en is yn it wetter sprongen. Wij draafden der ek hinne en hawwe dat sjoen.

Nyck: "mar wêrom kin pake net swimme no"?

Ik: ik bin bang foar wetter Nyck, wierskynlik troch dit ûngelok.
Ik moat beslist bij de grûn kinne mei myn fuottten oars reitsje ik yn panyk.

Nyck: "Yn it swimbad is in bad dêr kinst maklik stean"

( Nyck docht al jierren pogingen om mij nei it swimbad te praten"

Ik: ik fiel mij net noflik bij it wetter dus gean ik leaver net

It is in skofke stil want de jonges moatte dit efkes ferwurkje.
Der komme noch wat fragen en Nyck syn fraach bliuwt it selde:

"Werom kin pake net swimme" 

Gelokkich hawwe se beide goed sliept.....








zondag 1 juni 2025

Heechspanning

It wie kloatenwaar tongersdei

Ik kom dweiltrochwiet oan yn Heech

at ik net reinklean oandien hie.

Dêr binne se foar dy reinklean.

dat wurdt wolris fergetten. 

De auto is tichtbij

Weromreis is it droech en ik haw foar de wyn.

De reinklean binne al wer droech.

In moai optreden fan We try John Maier en Seewolf






Figuerfytse

 Sneon is it moai fytswaar

dus gean ik foar in ritsje Goutum.

Dêr lizze noch wat diken en paden 

dy't ik noch net befytst haw.

At ik werom  bin freget Jellie 

at ik dy kowekop bewust fytst ha

Nee dêr haw ik fan te foaren net nei sjoen.

Fia Barrahûs , Techum, nei Goutum

en dan in stik Wiardabuorren meipikke.

60 kilometer fytst

en wer 14 nije kilometers