zondag 30 juni 2024

Fakânsje

 It sil dan dochs wurde: fytsfakânsje

Wij lifte snein mei nei Fussen

dat leit op de grins fan Eastenryk en Dútslân

en fytse fia de Lech, Altmûhl, Tauber, Main, Rijn, Ruhr werom

nei Fryslân.

At it wat giet mei Jellie har lichem 

en at it waar wat normaal bliuwt.

Ik sil sa no en dan in foto pleatse

at it wat wol en der is tiid

Wij gean op de dolle roes, 

nimme gjin tinte mei

en hope alle nachten in bêd te finen


vrijdag 28 juni 2024

Gaaikema

 


Moandei in slach troch Gaasterlân op de fyts

Ferskûle yn it bosk bij Aldemardum

stiet de Gaaikemabank

Hea

 


At er ek mar iets is wat mij herinnerje docht oan froeger

dan is dat hea.

In lange gers hjir en dêr fan boeren en ynstânsjes 

dy't goed rekken hâlde mei de fûgels

is dizze wike meand en hea wurden.

Net bêst foar heakoarts minsken

mar it sicht is sa moai

zondag 23 juni 2024

Klimaat

 


Hjoed om 14.00 oere

binne wij yn sône 20 fan the Climate Chain,

in aksje om oandacht te freegjen foar it klimaat

dat geandewei hiel hurd oan it feroarjen is.


Sône 20 leit bij Swarte Hoanne yn de buert

Sjoch hjir  foar mear ynfo oer dizze aksje

zaterdag 22 juni 2024

Doarpsfeest

 It sit der wer op.

De moaie Wommelser flagge kin wer oprêden wurde.

In goed idee sa'n flagge.

Sa wist ik moarns gelyk dat it doarpsfeest wie.

Wij hiene wat oppasmomintsjes, 

oerdei en nachts,

en dus haw ik my sjen litten

bij de draaimûne, de botsautos, 

dat ding dat yn de loft sweeft

en de oaljekoekenkream.

Dat bliuw ik unyk finen.

Sa lang at ik libje stiet dy giele kream op de terp.

Op de lytse terp wol te ferstean

De grutte terp is hjoeddedei fol mei kermisattributen

in feesttinte, iterijdingen, húskes en pisbakken

It feest wie earder sa

dat de weinen fersierd waarden

wer letter waarden de buerten fersierd

en no, seach ik sneontemiddei, 

fersiere de minsken harren sels.

Wat in moai feest moat dat west ha.

Ik sykje foar snein wol in oar plakje fan fermaak


dinsdag 18 juni 2024

Puzzelje

 


Prachtich binne se

dy Grote Bos Atlas Puzzelboeken

No is der wer ien

mei kaartsjes en fragen oer 30 treinreizen.

Topografy op syn bêst

Deinum en sa

Moandei in Wandrer dei.

Deinum wie it doel

Ik koe stikjes fan Blessum, Deinum, Boksum menimme


In pear dearinnende betonreden bij Blessum en Hilaard


In moaie slach troch Deinum.
In protte lytse strjitsjes yn it âlde diel


Nijkleaster, in ferboude pleats bij Hilaard







Warskôging is terjochte. 
It is in min, sis mar striemin fytspaad.
Om te rinnen wie it no ek net leuk, fanwege al dat wetter

De sûnde fan Haitze Holwerda is in moai boek
Syn paad is min


stekjes, roasters, te heech oerstekkende stikels, plassen en modder

ik koe de sipel hast rûke , sa tichtbij

Yn Boksum hawwe se it Reedtsje






zondag 16 juni 2024

Millimeters

 At er in bûtenevenemint oankomt

dat sjogge wij te betiid nei it waar op Buienradar

De Slachte wie sneon

en fanôf moandei seagen wij nei it oantal te ferwachtsjen millimeters

Moandei like it op fleanen, 19 millimeter

Tiisdei sakke it nei 16

Woansdei seit dat er in flinke ferbettering oankomt: 9 millimeter op sneon

Tongersdei, it komt goed, 1,8 millimeter seit de app no

Freedtemoarn 3,6 en freedtemiddei seit er 6,8

It is sneontejûn

en ik helje 37 millimeter út de mjitter.

Allegear fallen op dy iene sneon

dat de Slachte ien kear yn de 4 jier is.

At je al dy foarsizzingen optelle, 

dan komme je ûngefear op dy 37 út.

Mei oare wurden, ik moat oars nei Buienrader sjen.

vrijdag 14 juni 2024

De platenspiler

 Dy Jelske, 12 jier, dy sei lêsten 

"ik soe wol plaatsje draaie wolle

at ik oan it nifeljen bin op myn hobbykeamer"

Wat leuk, tocht ik en sei ik.

"Ik haw noch in platespiler en platen, 

dy kinst wol brûke, want ik bin fan de Spotify".

Ik bring it draachbere ienfâldich platenspilerke

en lis har út hoe't dat sit mei de nûmers op de plaat 

fertel har oer de nulle en oer it oerslaan en de krassen op de plaat.


Ik doch der in pear elpees bij.

Dy wurde mei entûsjaste ûntfongen........

........troch har âlders

Jeugdsentiment.

"Ik sjoch wol bij de kringloop

at der ek leuke platen foar mij binne", seit Jelske

want Dire Straits en Simon & Garfunkel dêr is hja noch net oan ta



donderdag 13 juni 2024

As in racehynder

Snein in broadsje kroket hân

en moandeitemoarn draafd.

Ik wie noch net earder sa fluch op de 4 kilometer dit jier

Ik begryp der neat fan, hoe kin dat no?

Dan lês ik dit yn it nijs

en dan wit ik genôch.






Dat moat in kroket west ha

mei fleis fan in racehynder,

it bewiis is der



 


In dei letter sizze se dat it wol wat tafalt,

dêr leau ik dus neat fan





woensdag 12 juni 2024

The Beatles


 Myn Beatles kolleksje is net sa grut

In trijedûbele elpee fan matige kwaliteit

in samelelpee fan redlike kwaliteit

en in single fan Paul McCartney.

Ik draai se nea.

In leafhawwer út Jobbegea,

net tafallich in âld klasgenoat út de begjinjieeren 70

woe se graach ha.

 Ik bin se kwyt........

dinsdag 11 juni 2024

BJ

 It AD hie sneon in grut artikel oer Bolle Jos.

Dat skynt ien fan de rykste kriminelen te wêzen.

Se kinne himnnet maklik fine

hij wit him mei jild oeral wei te lullen.

Syn spul pakke se him wol ôf

en dat binne gjin stoere elektryske fytsen of  fatbikes

mar autos yn it djoere segmint.

Wat se dêrmei dogge at se dy yn beslach nommen ha?




maandag 10 juni 2024

Sjouke

 


Snein wie der keatsen yn in winerich Itens,

Wij krigen as publyk sa as altyd,

in stikje woarst en of tsiis, oanbean troch de feriening.

It wie Sjouke Sjoukema 

dy't gewoanwei it rûntsje makke 

en in praatsje hie mei de measten

Sjouke is der net mear, 

hij ferstoar begjin dit jier

hij leit op it tsjerkhôf bij de toer 

dy't "útsjocht" op it fjild

Jelle Fopma, de ûnfolprezen fjildgeneraal,

traktearde ús no.

Hij hie in blêd mei woarst en tsiis 

mei dêr op in moaie foto fan Sjouke Sjoukema

Sa wie hij der dochs noch wat bij.

Hema

 
It skynt mei de Hema wer wat better te gean.

Dat is moai, want dat Action de wrâld oer nimt liket mij net goed.

Dus de Hema, mei in nije topfrou oan it stjoer.

Ik lêsde in posityf ferhaal oer hat

en in oantal dingen falle mij op.





De taal net mear Ingelsk, it is in moaie stap.
Spreuken fuothelje: dat is geniaal.
Better middel om it personiel te motivearjen om de beste te wurden is der is.



It is dúdlik wêr't wij ús nije keapje.
Alle kearen dat gemjit wat de lange en koarte side is, is dan oer





donderdag 6 juni 2024

6 juny 1920

6 juny 1920 is de bertedatum fan heit Jan.

Berne yn Iens.

Ik tocht lit mij de krante (LC) fan dy dei der bijpakke

Dat slagget net, it is in snein.

Dus yn de krante fan 7 juny 1920 stiean dizze adfertinsjes. 


Djoere reinjassen

Oudste jongeman, wat moat ik mij dêrbij foarstelle?

Stake is fan alle tiden

Sokke adfertinsjes kinne no net mear 

Slampampen

 


Wat in prachtich fers fan Joost van den Vondel.

Hij skriuwt it at hij him net fermakket op in ytfeest yn Amsterdam.

Wylst hij him dêr ferfeelt, skriuwt er dit fers 

en skoot it ta oan freon Govert.

Ik lês it yn in prachtich boek fan Geert Mak.

De skiednis fan in famylje yn Amsterdam

bringt de eardere skiednisboekjes ta libben.

En Mak, dy kin gewoan geweldich moai skriuwe.

It boek komt út de bieb fan Wommels 

en ik haw ir oer in wike wol út






woensdag 5 juni 2024

Hichtum

Yn 2018 bin ik op it tsjerkhôf fan Hichtum

en skreau dan dit stikje dit stikje

Ferline wike wie ik der wer

en wer stie ik stil bij de grêven fan dizze twa famkes.

Wat moai, at je dat sizze meie,

dat rjochts it grêf is fan de âlders fan Tryntsje

en lofts sûnt koart de heit fan Trijntje leit








dinsdag 4 juni 2024

Feest

 


Beste Wommelsers,

Ik hoop at it jim ek slagge is "it programma" fan de feesten te ûntdekken.

Ik haw it fûn.

Tusken al dat fotogeweld yn it bijdetiidse boekje fan de feestkommisje

is dit skema te finen.

Daty is alles wat ik witte wol.

It is jim wol dúdlik,

dat feestprogramma dat fyn ik in griis

Weismiten jild om safolle siden te fullen 

mei sfearbylden fan ferline jier.

Ik wit it, 

it programma is foar 80 % itselde,

en miskien is de wize om minsken yn de stimming te bringen.

Marketingtechnysk soe dat kinne

Bij mij wurket it net.


Dêrneist moat ik bekenne

ik bin net in feestbist.


maandag 3 juni 2024

Net drok

 






Dêr stean je dan hast allinne yn Neushoorn kafee

op freedtejûn.

Twa bandsjes en frijwol gjin publyk.

In pear famyljeleden en ik skat ik yn.



Bij de twadde band wiene der trije taskôgers

dy foar mij stean gongen.

Dan liket it noch wat  bij it foto nimmen

In keatswant


Keatsen sit wer yn de lift bij de jeugd

lêsde ik earne op ynternet.

Bin benijd wat dat betsjut.

Ik soe ús pakesizzer fan 6 graach in want gunne

want dat heart er no ien kear bij

at je op keatsen sitte

en boppedat sommige oaren hawwe ek al ien.

Mar it is mij in riedsel 

wêr't je dy dingen keapje kinne.

Kenners jouwe it al oan, dat wurdt in probleem.

Op de gok nei in ferneamde sportwinkel

yn de fytsalvestêdentocht levert neat op.

"Dêr hinget noch wat", 

sei de man op in net al te entûsjaste toan

It rek mei wanten liket aardich útferkocht: 

In pear linker wanten 

en wat oare rjochterwanten  mei nappen 

sa grut as in spatboerd

"That's all".

"It binne pelotewanten, se komme út Belgie.

Oaren binne der net mear

en at se der binne,

ik haw in wachtlist fan in stik as 15........"

Ik begryp no syn net al te entoesjaste blik

Teloargesteld set ik wer ôf.

It is te tryst foar wurden

dat in keatsbûn graach wol dat de jongste jeugd wer keatst

mar dat er gjin materiaal is.

Us pakesizzer mei it earst wol mei myn want besykje

dy't is 4 maten te grut.......

Dat er oer in jier net mear keatse wol

dan begryp ik dat.