Haadstik foar haadstik krûp ik hjir troch hinne.
dêr moat je wat mei hawwe.
It is blau tsjin read
en mei it fjoerwurk wint read
Yn de wedstriid ek .
In fermaaklike minne wedstriid
mei in protte folk efter it stek yn Aldemardum.
Warkum is iets minder min as Balk
In hurde striid en in soad passy en in doelpunt
wêr't elkenien it nei de tiid oer hat.
Sa dúdlik hands haw ik selden sjoen.
Workum profitearret fan dizze blunder fan de skiedsrjochter
Balk fjochtet him der net mear oer hinne
al binne se der noch ticht bij.
Hearlik sokke neikompetysjewedstriden.
Krantlêze ûnder it iten
dat binne wij net wend
Earst it iene, dan it oare,
dat wie ús rigel.
Nea begrepen hoe't oaren dat tagelyk dogge
Oant fannewike.
Samme wie bij ús op bêd gien
en waard bij ús wekker.
De tafel dekt en de krante alfêst út de brievenbus helle.
Samme pakt it AD en begjint te lêzen.
Tsjin syn heit soe ik froeger sizze,
"earst ite en dan de krante"
mar dat sis ik no net.
It is in aardichheid om te te hearen wat hij lêst
en wat hij dêr fan fynt.
9 jier en lêze as in grut keardel.
Sa hawwe wij it dus moarns betiid al oer Trump,
oer Oekraine, oer Telstar en oer Suzan en Freek.
Syn bôle mei sjem en hagelslach peuzelt hij moai op.
De oare deis haw ik it ek prebeare
dat iten en lêzen tagelyk
It is mij net slagge
It sit net yn myn systeem
Stonerrock is een grof soort rock-/metalmuziek gebaseerd op hardrock uit de jaren 70 van bands als Black Sabbath. Het genre wordt gekenmerkt door gedowntunede gitaren (vaak in C-stemming, D-stemming of D-drop) die een diepgewortelde trage groove spelen. Het is herkenbaar aan het trage, zware, meeslepende geluid. (In tekst fan Wikipedia)
At jim it boppesteande begripe,
dan hoech it fierder net út te lizzen.
Dy muzyktermen as C-D stimming of D-drop begryp ik neat fan.
It giet der bij mij om hoe't it klinkt,
op hokker wize it mij enerzjy jout. dat is foar mij muzyk
In jûntsje Stoner rock dus.
Jierren lyn wie ik op ynto the Void, ek yn Neushoorn.
Wat mij it measte bijbleaun is fan dy jûn wie Komatsu út Eindhoven.
Dat fûn ik geweldich.
Lûd en strak en meislepend
Freed wiene se der
Pander past ek yn dat sjênre fan Komatsu,
mar dat is allegear iets trager.
In hearlike jûn,
mei in ferrekt bytsje minsken wer.
Yn de grutte seal fan Neushoorn wie de Kleine Prijs van Fryslân foar bands
en dêr pikt ik ek noch twa bendsjes mei
It is sneintejûn
Wij sitte oan tafel en ite pizza.
Samme (9) en Nyck (7) binne bij ús foar in nacht.
Sij ite in fegentaryske - en wij in shoarma pizza.
Nyck: "Pake, hoefolle bern hie dyn heit en mem?"
Ik: 5 jonges, Hessel, Aant, Meindert, Lolke en Meindert
Nyck: "Meindert twa kear? At dyn mem dan Meindert ropt, hokker Meindert wie dat dan? "
Ik: dy Meinderten wiene der net tagelyk. De âldste is ferdronken yn de trekfeart". De oare Meindert kaam folle letter.
Nyck: "Ferdronken , koe hij net swimme"
Ik: Nee, hij wie 5 jier en koe net swimme
Nyck: "hoe is hij ferdronken, wêrom wie der bij de feart"
Ik: wij witte it net presys, wij wennen krekt ien dei yn dat hûs oan de feart, dus wie hij dêr net sa bekend noch.
Mar hij is op syn autoped it trekpaad opgien efter grutte jonges oan en it kin wêze dat syn klomp útfallen is en dat hij dy pakke woe en doe yn de feart gliden is.
Dy âldere jonges dy't fierderop oan it ljeppen wiene, dy seagen him yn de feart lizzen en draafden nei ús hús en rôpen: der leit in jonkje mei in giele broek yn de feart"
Nyck: "mar wêrom sprongen dy jonges der net yn , dy wiene dochs âlder en ik haw ek al in a en b diploma
Ik: Dy jonges koene ek net swimme. It swimmen dat learden wij froeger pas yn groep 6 en 7 at je 10 en 11 jier binne
Nyck: : wie hat him út de feart helle dan"?
Ik: Dat hat myn heit dien. Dy fytste it trekpaad op en is yn it wetter sprongen. Wij draafden der ek hinne en hawwe dat sjoen.
Nyck: "mar wêrom kin pake net swimme no"?
Ik: ik bin bang foar wetter Nyck, wierskynlik troch dit ûngelok.
Ik moat beslist bij de grûn kinne mei myn fuottten oars reitsje ik yn panyk.
Nyck: "Yn it swimbad is in bad dêr kinst maklik stean"
( Nyck docht al jierren pogingen om mij nei it swimbad te praten"
Ik: ik fiel mij net noflik bij it wetter dus gean ik leaver net
It is in skofke stil want de jonges moatte dit efkes ferwurkje.
Der komme noch wat fragen en Nyck syn fraach bliuwt it selde:
"Werom kin pake net swimme"
Gelokkich hawwe se beide goed sliept.....
It wie kloatenwaar tongersdei
Ik kom dweiltrochwiet oan yn Heech
at ik net reinklean oandien hie.
Dêr binne se foar dy reinklean.
dat wurdt wolris fergetten.
De auto is tichtbij
Weromreis is it droech en ik haw foar de wyn.
De reinklean binne al wer droech.
In moai optreden fan We try John Maier en Seewolf
Sneon is it moai fytswaar
dus gean ik foar in ritsje Goutum.
Dêr lizze noch wat diken en paden
dy't ik noch net befytst haw.
At ik werom bin freget Jellie
at ik dy kowekop bewust fytst ha
Nee dêr haw ik fan te foaren net nei sjoen.
Fia Barrahûs , Techum, nei Goutum
en dan in stik Wiardabuorren meipikke.
60 kilometer fytst
en wer 14 nije kilometers
Hardcore freed is in begryp wurden foar ús
In kear as 8 yn it jier is dat in "hurde muzyk" feest yn Neushoorn
Op freed fansels.
In simpele formule
Trije bands en de Arena fan Neushoorn foar 5 euro
en foar de leafhawwer genôch om te beuken.
Ik hâld foaral fan de enerzjy
dy't it útstrielt en mij jout
At wij kinne gean wij
Freed gean Tsjeard en ik wer.
Changing Tides komme ek.
Nea fan heard, mar dat wurdt wol oars.
Eardopkes net ferjitte fansels.
Wat in gewledige band en wat in enersjyke sfear
It tema fan de Wommelser feesten is dit jier
'Wommels oan See'
Dêr is fêst wol wat fan te meitsjen foar de leafhawwers.
De hiele folder is skreaun mei dat tema yn de efterholle.
Mar de muzyk falt wat út de toan.
Want Faam en Butterfly klinkt wat it selde.
Dat hie Seewolf wêze moatten
of The Waterboys
Ik haw neist myn de Jong E-Bike
en in E-bike út Sjina
Op dat ding fytse is in feest.
Mar leafst 10 kilo lichter.
Mar hoe lang dat ding him goedhâldt is fansels de fraach.
Gjin service, gjin ûnderhâld,
want hij komt streekrjocht út in doaze.
Dat ding haw ik sa'n 9 moanne
en 4500 kilometer mei fytst.
Mar mei Sjinezen witte je it nea.
Ik haw soarch oer it ferfolch, oer de akku.
At dizze tenein is, is der dan wol wer in nijenien te krijen
want dy Sjinezen dy feroarje produkten samar
of ûntwikkelje samar wer nije.
In lange ynlieding om te fertellen hoe't it gie tmei de oankeap.
3 jannewaris 2025 bestel ik ien bij Sprinter.nl
De ienige saak dy't in losse akku oanbiedt.
Ik haw in grize fyts en bestel in grize akku
Begjin febrearis noch gjin akku
dus stjoer ik in mail
"Problemen mei de levering" it duorret noch efkes
Begjin maart noch gjin akku
"Problemen met de levering, het duurt nog even"
Begjin april noch gjin akku
"Zal even navraag doen bij de inkoopafdeling"
"Nog steeds problemen met de levering, wij weten niet hoe lang nog"
Midden april stjoer ik wer in mail
Noch altiten sûnder ferwyt
Ein april haw ik myn nocht
Ik stjoer in sinyske mail, mei in ferbitterde toan
Ik krij lichte eksuses mar noch gjin akku
Begjin maaie stjoer ik mail mei in lilke toan
"Wij gaan er achteraan"
Ik sjoch op harren webside
dat se de akku noch altiten oanbiede
en de swarte hawwe is op foarrie.
Ik stjoer in mail, ik wol de swarte wol ha......
Nei twa dagen in berjocht.
De levering kan geschieden.
Nei in wike noch neat ûntfongen
Underwilens haw ik ek efkes op ynternet sjoen
hoe betrouber it bedriuw is.
Dêr wurd ik net bliid fan.
Allegear negatyf en der is sels immen
dy seit dat se fajiet binne
Wer in mail en dan......
krij ik berjocht fan DHL
dat sij in pakket oanbean krigen hawwe fan Sprinter.
Sneon wie it safier.
De akku is der.
No kin ik einlik "in review"skriuwe
wêr't se net bliid fan wurde.
Der wie wer in hiele keunstrûte útsetten
yn ús gemeente Littenseradiel.
Tefolle om yn ien of twa middeis te besjen.
Wij keazen dit jier foar ien doarp: Reahûs.
Trije lokaasjes en it wie wakker moai
Wij fytse nei in pleats wat efterôf
en sjogge dêr keunst fan in ferskaat oan ideen en materiaal.
It efterein fan de pleats hat in natoerlike útstrieling
en wat der hinget of stiet komt goed ta syn rjocht
It giet der bij keunst net om dat je it moai fine
it giet er om dat it je oansprekt.
Dizze prachtige gesichten sprutsen mij oan.
Se binne makke troch Teresa Takes
Dan is der in ûntwerpstudio
wêr't prachtige kaarten makke wurde
mei grappige tekeningen.
Dêr hawwe wij mar in pear fan kocht.
Sjoch hjir
Bij de tsjerke
It is de oanset nei it ferhaal fan Pieter Bootsma
![]() |
Dizze fyn ik sa moai. Sjoch de tekst dy't hij oanjout as herinnering oan syn jeugd yn Turns |
Prachtich om te sjen......
Moai ek dat wij dêr persoanlik útlis krigen fan Joop Bootsma, in omkesizzer fan Pieter
Trochpakkers binne it net
dy lju dy't de regearing foarmje.
Utstel is it biedwurd
De earsten stean der
De kommende tiid wurde der noch mear pleatst.
Nim dyn tillefoan mei en rin in rûntsje troch it doarp
en besjoch foto's fan earder op dyn tillefoan
en lês de nijsgjirrige ynformaasje
Freed in lekkere muzykjûn hân as ûnderdiel fan it strjitfestival yn Ljouwert.
Pulse is wer goed sa as ek al op it Skrik Festival yn 2024
Mocks hat in stevige set mei de ienige echte jierren 70 drumsolo.
In boeiende band
Poppa Jay and the Holy Rollers is lekkere muzyk en fermaak,
Se wiene ek alris yn Wommels op it Nacht fan de Nacht festival
Lekkere muzyk en mei troch in orizjineel mûlripe sjonger ek noch grappich
Bij Orange Skyline kinne de fuotsjes fan de strjitte want dat is wol dûnsbere muzyk.
It klonk prima, hoewol it net hielendal myn sjenre is
Myn slotstik is foar Jeroen en Emiel fan de Hûnekop.
It wurdt dêr ek noch gesellich op de Eewâl want in 'bytsje rûch yn de bek'
en gesellige deuntsjes falle goed yn de smaak bij it wat jongere publyk
wêrûnder pakesizzer Roan
Op Facebook noch wat filmkes
ij fytse in middei yn it gebiet tusken Garyp, Eastermar, de Pein, Aldegea en Earnewâld.
In moaie rûte foaral tusken skaad en beamtegrien.
Sa't wij hjir ûnbidich grutte stikken lân sjogge yn de greidhoeke
is dat dêr oars.
Oersichtlike stikken lân
mei beamwallen der om hinne
Moai om te sjen
foar in inkele dei
Want,at ik hjir yn de greindhoeke dropt wurde soe
dan soe ik altyd sjen kinne wêr't ik bin
at ik omsjoch nei in toer.
Dêr net, it liket op elkoar
de beammen stean yn it paad
en in tuorke is net maklik te finen
![]() |
Tusken Eastermar en de Tike |
![]() |
Tusken de Pein en Aldegea |
![]() |
Yn Aldegea |
De Frânsen ite de stokbôle meast net yn ien kear op.
Dat moat wol, oars binne se net mear te iten.
Spikerhurd of taai en sa droech as ........stokbôle.
In stokbôle is altiten krekt te grut.
Dat fine se no ek yn Frankryk
Mei dy sifers oer it wetter wat er foar nedich is
soe ik sizze wolle
se kinne wol in moai stik lytser
Ik haw lekker fytst tiisdeitemoarn
Betiid fan hûs op wei nei Friens en Flânsum
Kofjetiid wer thús
Yn de brievenbus leit in stripboekje
Woansdeitemoarn de helpdesk bemand
yn de byb
De belangstelling wie minimaal
Middeis de boarterstún hast ûnkrûdfrij makke
Hoe is it mooglik?
Woansdeitejûn goed 22.00 oere
ûntploffe der trije stadions
Dat fan FC Groningen, omdat se gelyk spylje
Dat fan PSV, omdat se no gewoan kampioen wurde kinne
Dat fan Feyenoord, puntferlies fan Ajax levert altyd wille op
en no ek noch de ferminderde kânsen op it kampioenskip.
Sûnt 2003 lid fan Vrienden op de Fiets
Totaal no 114 adressen hân foar in nachtje sliepe mei moarnsbrochje.
Frijwol alles yn Nederlân,
mar sûnt dizze fakânsje ek twa yn Belgie der bij.
Wij hawwe ek al twa yn Dútslân hân.
Sneintejûn sjoch ik it berjocht dat de Haringvlietbrêge
fan middeis 14 oan jûns 19.00 oere ticht is fanwege in steuring.
Krekt in wike lyn,
op sneontemiddei fytse wij oer dy brêge.
Middeis in oere as 14.15.
Dat hie wat west,
oan de oare kant fan de brêge, 15 km fierderop
leit ús sliepersadres.
Dêr haw je gjin alternatyf.....
Het Vuile Gat is de bijnamme
Dy namme docht it ear oan.
Nei 14 dagen fakânsje
(10 dagen fytse en 2 dagen bekomme)
is it wer tiid foar in muzykje
Nei Neushoorn yn Ljouwert
Wat in jûn.
Molstone klinkt as Deep Purple
en dat stiet mij tige oan.
(Klaas Hingst docht it slachreau)
The Ayreon Project is in muzykfeest fan komsa
mei wit ik hoefolle muzikanten
en wit ik hoefolle instruminten
en wit ik hoefolle ferskillende muzyksjenres.
Machtige jûn.
Dat nim ik dan wer moai mei
at ik in rûntsje Nederlân doch.
12 gemeenten der bij,
foaral yn Brabân, Seelân en Súd Hollân.
Ik sit no op 79 %.
Mei sa'n grinsrûte kom je ek regelmjittich yn Belgie.
Dat is te sjen.
Ik sit dêr op 5 %
Ik haw it idee dat de weryndieling yn Belgie noch begjinne moat
Nei de Berkwertertunnel stie okkerlêsten dit ferkearsboerd.
Dat is raar, tocht ik.
Alle diken sûnder fytspaad binne 60 kilometer yn ús gemeente.
Ik skriuw op 17 spril in mailtsje nei de gemeente
dat dit net goed is.
Op 6 april krij ik antwurd
Geachte meneer Hofstra,
Wij hebben naar de situatie gekeken en wij geven u hierin gelijk.
Dit betekend dat het bord van 'einde zone 60' weg gaat en er een bord 'zone 60' voor terugkomt.
Bedankt voor uw oplettendheid!
Met vriendelijke groet,
Team Verkeer
Op 8 maaie fyts ik der wer lâns
Nee, it is net sa raar
dat je yn in fierstentegrutte gemeente wenje.
It soe samar wêze kinne
(nee, it is wis)
dat wij de kommende dagen de reade line fytse
It is de grins fan Belgie mei Nederlân
en dat bochtet aardich faak oer de grins
Maondei sette wij ôf bij Eysden
en dat leit ûnder Maastricht