maandag 2 juni 2025

Swimme

It is sneintejûn 

Wij sitte oan tafel en ite pizza.

Samme (9) en Nyck (7) binne bij ús foar in nacht.

Sij ite in fegentaryske - en wij in shoarma pizza.


Nyck: "Pake, hoefolle bern hie dyn heit en mem?"

Ik: 5 jonges, Hessel, Aant, Meindert, Lolke en Meindert

Nyck: "Meindert twa kear? At dyn mem dan Meindert ropt, hokker Meindert wie dat dan? "

Ik: dy Meinderten wiene der net tagelyk. De  âldste is ferdronken yn de trekfeart". De oare Meindert kaam folle letter.

Nyck: "Ferdronken , koe hij net swimme"

Ik: Nee, hij wie 5 jier en koe net swimme 

Nyck: "hoe is hij ferdronken, wêrom wie der bij de feart"

Ik: wij witte it net presys, wij wennen krekt ien dei yn dat hûs oan de feart, dus wie hij dêr net sa bekend noch.
Mar hij is op syn autoped it trekpaad opgien efter grutte jonges oan en it kin wêze dat syn klomp útfallen is en dat hij dy pakke woe en doe yn de feart gliden is. 
Dy  âldere jonges dy't  fierderop oan it ljeppen wiene, dy seagen him yn de feart lizzen en draafden nei ús hús en rôpen: der leit in jonkje mei in giele broek yn de feart"

Nyck: "mar wêrom sprongen dy jonges der net yn ,  dy wiene dochs âlder en ik haw ek al in a en b diploma

Ik: Dy jonges koene ek net swimme. It swimmen dat learden wij froeger pas yn groep 6 en 7 at je 10 en 11 jier binne

Nyck: : wie hat him út de feart helle dan"?

Ik: Dat hat myn heit dien. Dy fytste it trekpaad op en is yn it wetter sprongen. Wij draafden der ek hinne en hawwe dat sjoen.

Nyck: "mar wêrom kin pake net swimme no"?

Ik: ik bin bang foar wetter Nyck, wierskynlik troch dit ûngelok.
Ik moat beslist bij de grûn kinne mei myn fuottten oars reitsje ik yn panyk.

Nyck: "Yn it swimbad is in bad dêr kinst maklik stean"

( Nyck docht al jierren pogingen om mij nei it swimbad te praten"

Ik: ik fiel mij net noflik bij it wetter dus gean ik leaver net

It is in skofke stil want de jonges moatte dit efkes ferwurkje.
Der komme noch wat fragen en Nyck syn fraach bliuwt it selde:

"Werom kin pake net swimme" 

Gelokkich hawwe se beide goed sliept.....








Geen opmerkingen:

Een reactie posten