maandag 23 augustus 2021

Merkeplak

 


Myn lisfyts stiet op Merkeplak.

Dat skynt in suksesfole medium te wêzen om iets te ferkeapjen.

Myn eardere erfaringen mei Merkeplak holden net oer.

Mar ja, ik bin wat âlder, wat wizer

mar kin minder oer geseur....

Dus, myn lisfyts stie op Merkeplak

Nei 5 dagen haw ik him der ôfhelle.

Nei 6 mailtsjes wist ik genôch.

Dit is neat foar mij.

De earste woe witte at immen fan 1.89 der wol op koe..

De twadde bea 50 euro,

wylst ik dúdlik oanjûn hie dat 75 euro de fêste priis wie

De tredde frege him ôf wat er allegear opknapt wurde moast,

want dat spatboerd seach der wat frjemd út op de foto

De fjirde skreau "Ik neem hem" en betocht him twa oeren letter wer

De fiifde hie in fraach mar stelde him net

De sechde woe dat ik de fyts opstjoerde nei Litouwen

Ik bin wol klear mei dat geseur.

Ik fyts der noch in skofke op

en jou dizze  fyts, dy't ik 20 jier hân haw

en 33000 kilometer op lein haw,

in wol fertsjinne pensjoen bij it âld izer.

Wat noch brûkber is helje ik der wol ôf.



Geen opmerkingen: