vrijdag 15 september 2017

Elts Sines



"Elk Sines"
dat sei Tjerkje fan de Klieuw faak yn har kafee
"Drekt betelje"
dat haw ik ek faak heard út har mûle.

It kaam juster allebeide foarbij
yn de "tragyske" teaterfoarstelling
fan it libben fan Tjerkje, Fonger, Anne en Lammert
yn kafee de Klieuw ûnder Hidaard

bewust is der yn dit stik foar keazen
om de klam te lizzen
op de fijandige ferhâldingen
tusken de 2 bruorren en 2 susters,
op it leafdeslok en it leafdesfertriet 
fan de 2 brourren en de 2 susters
en op de rol fan Maria foar Tjerkje

Dus jout dit stik in moai byld
fan dingen dy't wat djipper gean
as de lol oer de feesten op de sneintemiddei
mei in trompetspyljende Bernlef Cornelis
in gitaarspyljende Jan Oalje
in dichtsjende Tsjêbe Hettinga
en in kreakjende sjoeboks 
wêr't Heintje ek ynsiet 

In bysûnder byld fan de famylje, 
dêr't wij as jongfeinten yn dy tiid
oan foarbij gongen
en seker gjin rekken mei holden

Klaasje Postma wie Tjerkje,
en dat is genietsje:
it is libbensecht.....
dat allinne al is de muoite wurdich om te sjen

mar ek Anne, Fonger en foaral Lammert 
kamen ta libben sa't ik se noch sjoch.
yn myn herinneringen

Skitterjende lieten wurde der songen
mei moaie teksten en prachtige muzyk.

(Bin ik te min omdat dyn heit mear kowerútsjes hat......)

Us eigen herinneringen 
dy koene wij nei ôfrin noch efkes ophelje
yn de feesttinte
mei in Heineken fleske, 
mei in droech woarstje (net mear fan Bouma)
of mei in gehakbol

en sa hat elk syn eigen anekdoates!
Myn moaiste?
It wie 1979 en wij hiene krekt ús earste dochter krigen.
Wij wennen yn Hichtum
en Tjerkje kaam lâns
op brommer.
foar in kreambesite.
Tafallich wie myn mem der ek
en dy moast nea folle ha
fan myn regelmjittige besites oan de Klieuw
en foaral myn drinkgedrach

Fol grutskens seit se dan ek tsjin Tjerkje:
bij mij thús krigen se gjin bier 

"krekt", sei Tjerkje", " en dêrom sitte se altyd bij mij". 


Elk Sines is in jûn om nei út te sjen.....
Moai dien dêr op dy prachtige lokaasje
oan de Huniadyk ûnder de reek fan de Klieuw




Geen opmerkingen: